woensdag 26 juni 2013

Anna Akhmatova - 'Everything's looted, betrayed and traded'

Everything’s looted, betrayed and traded,
black death’s wings overhead.
Everything’s eaten by hunger, unsated,
so why does a light shine ahead?

By day, a mysterious wood, near the town,
breathes out cherry, a cherry perfume.
By night, on July’s sky, deep, and transparent,
new constellations are thrown.

And something miraculous will come
close to the darkness and ruin,
something no-one, no-one, has known,
though we’ve longed for it since we were children.


1921

maandag 24 juni 2013

The Horse Flies - Blueman's Daughter

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Hâld op mei stipe foar Oerol

Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Elk jier streame der tonnen oan oerheidssubsydzjes (sawat in miljoen euro) nei it rekreaasjeparadys Skylge. Foar it kleinkunstgebeuren Oerol. (Wat is oars it geeffryske wurd foar kleinkunst?) Hâld dochs ris op mei it smiten fan safolle jild yn see. De horekabazen gnize har oerdei in slach yn 'e rûnte en wurde nachts sliepend ryk:

"Wêrom’t de Steaten hjir gjin punt fan meitsje? It sil te krijen hawwe mei it idee dat Oerol in tige súksesfolle aktiviteit is, goede reklame foar Skylge, foar Fryslân, foar ús biologyske soart miskien wol. Net ien dy’t doart te sizzen dat it sa tenei net mear kin. De wrâld wie twa jier lyn te lyts doe’t minister Halbe Zijlstra (VVD) drige de finânsjele Slenk nei West droechfalle te litten. Mar net ien yn Ljouwert dy’t frege: kinne jimme dêr op jim eilân al dat gegûchel sels ek bestuiverje?"

Dead Man Walking

Madonna - Papa Don't Preach

vrijdag 21 juni 2013

Kleine Zaal



Tim spilet moarn Bach yn de Kleine Zaal fan Het Concertgebouw yn Amsterdam. Partita Nû. 2, 1. Allemanda; 3. Sarabanda; 4. Giga.

donderdag 20 juni 2013

Wa set 'De sielspaden (5)' oer?

De sielspaden (5)

Oan de hege see achter de dyk frege ik: bedimje dy wat.
Oan de sinne yn ’e loft: wês net skruten.
Oan de ierde fan ’e ikker: jou riinsker dyn fruchten.

Wat wint oan ûnder de hûd?
Wat wynt om yn ’e mage?
Wat stoot dêr yn ’e fierte
oars as it stof fan it weet terskjen?

Oan de fiskers frege ik: wat ramp hat west?
Oan it skynsel yn ’e nacht: wês tenei myn beaken.
Oan de wylgeteannen: wiskje de spoaren noch net.

Us pleatstún leit feilich bûten de tiid.
De hûn en de hynders hawwe alle romte.
Ik behoffenje de roazen mei beide tûke eagen,
ik set earen op it tsjotterjen yn ’e daksgoate.

En ik freegje net mear: is dit it lân út ien stik?
En hja freget net mear: is dit it lân dat de twa helten
optelt en optilt as ien?



PARSEBERJOCHT

Oersetwedstriid Gysbert Japicxnominaasjes

Ein maaie hat de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis sân dichtbondels bekendmakke dy’t kâns meitsje op de priis. Ut elke bondel hat de kommisje in markant gedicht keazen, te finen op Sirkwy, de literatuersite fan Tresoar. De Ofdieling Fryske Taal en Kultuer fan de Ryksuniversiteit Grins en Tresoar organisearje tegearre in oersetwedstriid. Wa makket de moaiste wjergader yn it Nederlânsk fan ien of mear fan dy opfallende gedichten?

De ynstjoeringen wurde beoardiele troch in sjuery dy’t bestiet út: Maaike Andringa (studint Frysk en dosint klassike talen oan it Praedinius Gymnasium yn Grins); Anne Popkema (oersetter, priiswinner Obe Postmapriis 2012); Doeke Sijens (biograaf Brolsma en literêr kritikus LC). De sjueryleden beoardielje de ynstjoeringen sûnder dat se de namme fan de ynstjoerder witte. Foar de trije bêste ynstjoeringen binne prizen fan 250, 100 en 50 euro beskikber. Ynstjoerders jouwe de útskriuwers fan de priis it rjocht de oersettingen te publisearjen op Sirkwy.

Oersetter Anthony Paul hat tasein de fersen oer te setten yn it Ingelsk, op basis fan wurkfertalingen dy’t de nominearre dichters sels oanlevere ha. Deadline ynstjoeren: 28 augustus 2013 12:00 oere. Format: Wordbestân as taheakke fan in email nei ynfo@tresoar.nl.

Mear ynformaasje oer de wedstriid en in oersjoch fan de ‘lytse letterkes’ is de finen op Sirkwy.

Op tiisdeitejûn 10 septimber is yn Tresoar in literêre jûn nei oanlieding fan de nominaasjes fan de Gysbert Japicxpriis. Dêr sille ek de priiswinners fan de oersetwedstriid bekendmakke wurde.

Gordan Nikolic plays Bach, Sonata No. 1 in G-minor, BWV 1001, 1. Adagio

maandag 17 juni 2013

Mayuko Kamio plays Bach, Sonata No. 1 in G-minor, BWV 1001, 1. Adagio; 2. Fuga (Live)

Townes Van Zandt - Waitin' Around To Die

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Ik gerust mijn zaak

Woansdei wer in Skroeier. Oer de 'ynformaasjejûn' dy't de Provinsje en de Fryske Akademy op 28 juny hâlde wolle oer de taalellinde. Mar hee, de aksjegroep dy't okkerdeis in Oprop oan Provinsjale Steaten die mei 104 hantekeningen derûnder is net útnoege. Alteast, mar ien fan de leden fan de groep is útnoege, in oarenien wurdt ek neamd as sprekker mar hat op 28 juny wat oars. Want wist fan de datum neat ôf. Ja, dat krije je as je wol diskusearje wolle mar net út binne op krityk. In útwei út it akademyske taalwaterloo is oars net sa hiel dreech te betinken:

"No it goede nijs. De oplossing is simpel. Op de ynformaasjejûn kin fêststeld wurde dat isolearre staveringswizingen ûnwinsklik binne, oant der op in letter tydstip yn breder maatskiplik ferbân oer praat is. En ek foar it ûnhillige idee fan in standertwurdlist is der goed nijs. De staveringshifker dêr’t it ûnderwiis ferlet fan hat en dêr’t de FA oan wurket kin ek hiel goed sûnder dialektseleksje makke wurde.

Bewarje dy standertwurdlist mar foar it Google-translate programmaatsje, it wûnder dat fan it Frysk lang om let in echte taal meitsje sil. Oait op ynternet soks foar it Ingelsk nei it Nederlânsk brûkt? Krekt. Ik gerust mijn zaak."

maandag 10 juni 2013

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Ferfjouwerdûbelje de grypstoer

De Skroeier yn it Friesch Dagblad fan woansdei giet oer de breder wurdende kleau tusken de macht en syn kontroleurs. De maatskippij wurdt aloan yngewikkelder, it gesach profesjonalisearret, mar hoe sit it mei ús saakwaarnimmers: de gemeenterieds- en Steateleden? Rinne dy net hieltyd faker achter de feiten oan?

"Fansels is sa’n probleem net samar de wrâld út. Mar mei ferbetteringen sil dochs in begjin makke wurde moatte. In sûn prinsipe dêrby is om earst ris nei it jild te sjen. De foai dêr’t folksfertsjintwurdigers it mei dwaan moatte, hat fan gefolgen dat de bêste minsken freonlik betankje foar de eare. De finânsjele fergoeding foar rieds- en Steateleden, no noch in botsen en in grypstoer, soe op koarte termyn ferfjouwerdûbele wurde moatte. Yn in tiid dat ek gemeenten sels trije oant fjouwer kear grutter groeie in logyske maatregel."

Eilen Jewell - Santa Fe (Live)

donderdag 6 juni 2013

Enrico Ceruti 1839 foar Tim

Ik doar it hast net op te skriuwen. Tim hat fan in anonime partikuliere brûklienjouwer in Enrico Ceruti fioele út 1839 krigen. Kenners witte dan genôch, net-kenners kinne tinke oan in nije Mercedes CLS.

Understeand in Enrico Ceruti út 1840, foto's fan Tim syn fioele folgje letter:



Fan de Wiki:

Enrico Ceruti (1806–1883) was an Italian violin maker born in Cremona, known as the last of the great line of violinmakers of Cremona.
He was the son of Giuseppe Ceruti and grandson to Giovanni Battista Ceruti. He was also an active dealer of fine old instruments dealing with Luigi Tarisio and Jean-Baptiste Vuillaume among others.
Being 3rd generation violin maker, he learned his trade from his father Giuseppe, and was a double bass player as well, like his father. Left the family home in 1826, and records show that by 1830 was registered as a violin maker, although few instruments from before 1840 survive. Experts speculate that it is conceivable that Enrico was working with his father during the period of 1840's-1850's and it would explain the extreme rarity of instruments made by Giuseppe dating from that period.

dinsdag 4 juni 2013

Artem Kotov plays Bach, Sonata No. 1 in G-minor, BWV 1001 1-2



De fioele is in Giuseppe Ceruti 1820.

Moarn yn it Friesch Dagblad: De Echte Fryske Skriuwtaal

Woansdei yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier. De Moanne fan it Fryske Boek is yn september/oktober, mar juny is dit jier de Moanne fan de Fryske Taal, sa liket it wol:

"Wêr leit de oarsaak fan alle trammelant? Dy leit yn it tinken dat de oerheid – Provinsjale Steaten – troch yn te gripen yn de regels foar de Fryske skriuwtaal it brûken fan dyselde taal befoarderje kin. De taal soe ‘makliker te learen’ wurde, hy soe ‘logysker’ yninoar sitte en der soenen minder wurden komme foar itselde ding. Dat allegear soe fan it Frysk in Echte Taal meitsje.

De oerheid moat dat allegear net wolle. De skriuwpraktyk sels moat it dwaan. Wol kin de Provinsje in better foarbyld jaan. Foar it skriftlik brûken fan de taal bettere kondysjes skeppe. Foaral nét foarskriuwe watfoar taal wol en watfoar taal net op de Olympus fan De Echte Fryske Skriuwtaal omhingje mei. Soks skrikt elk dy’t Frysk lêze en skriuwe wol allinnich mar ôf."