
"Dochs is it mar de fraach oft de nije koerts fan de Stichting Boeken fan Fryslân, lynjend op lytsskalige ‘ferkeap út hûs wei’ fan boekferkeapjende bijklussers, oer alle boegen yn it belang is fan it Fryske boek.
Jout dat boek op dizze wize net syn lykweardigens op? Ferdwynt it aansen hielendal út de boekhannel? En dêrmei miskien ek wol foar in grut part út de media? Lit it him net te maklik feroardielje ta in ferhûddûke bestean yn in ûnsichtber sirkwy fan goodwill en heale frijwilligers? En hokfoar soart lêzers wurdt op dizze wize betsjinne?"
Geen opmerkingen:
Een reactie posten