dinsdag 30 april 2013

Moarn yn it Friesch Dagblad: Earme geveltsjeprovinsje

Moarn yn it Friesch Dagblad in Skroeier oer de nije staveringsregels, by neare nacht en hurde wyn oannommen troch Provinsjale Steaten. De ôfrûne wike is der in protte ferset tsjin kommen, benammen út de skriuwerswrâld. Dat ferset rjochtet him ek tsjin it ûnhillige idee fan de Fryske Akademy om in 'standertwurdlist' gearstalle te wollen, dy't foar amtners ferplichtsjend fêststelt hokfoar wurden de 'standert' binne. Mar earst de stavering:

"Dizze staveringshokuspokus dêr’t gjin woltinkend minske op sit te wachtsjen, komt by de Fryske Akademy wei. Dy wol graach in Fryske wurdlist gearstalle, in ‘grien boekje’, dat ús leare moat hoe’t Fryske wurden stavere wurde moatte en wat de ‘standert’ wurden binne. Blykber is in gewoan wurdboek foar dat doel net genôch. Blykber is it ûnbidige, mear as tweintich dielen tellend Wurdboek Fryske Taal (WFT) net gaadlik foar dat doel. Spitich oars, want it is online beskiber en elk kin it dus brûke.

Wêr helje PS it lef wei om op grûn fan in adfys fan in net-funksjonearjend ynstitút – de direkteur mocht ferline wike permanint thúsbliuwe – en sûnder hokfoar maatskiplike diskusje ek efkes gau myn taal feroarje te wollen? Wylst se it brûken fan it Frysk op de ynternetsite fan de Provinsje net ôftwinge doare? Earme geveltsjeprovinsje."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten