Moarn yn it Friesch Dagblad sinjalearret de Skroeier alwer in fata morgana yn de provinsje. Noch mar krekt waard it nijs bekend dat by Garyp it wurk oan de Sintrale As begjinne soe, of it folgjende rampberjocht kaam yn:
"Noch dizze moanne sil út ein set wurde mei it wurk oan de WaadKorridor. Ein septimber sil oannimmer Dreamwurk Putsjes BV út Ingelum begjinne mei de oanlis fan it langferwachte nije, fjouwerbaans ferkearskanaal fan Bitgum nei it buorskip Koehoal boppe Tsjummearum. De oanlis fan in dûbele spoar- en autotunnel nei It Amelân is it plende ferfolch. By de realisaasje fan de dyk wurde bulten bedriuwen út de gemeenten yn kwesty ynset. Ek wurde kwetsbere groepen op de arbeidsmerk belutsen by it wurk yn de betonbou."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten