De twadde Skroeier nei de fakânsje moarn yn it Friesch Dagblad: Baas oer eigen boek. Wêrom krije de útjouwers eins de produksjesubsydzjes foar Frysktalige boeken? Wêrom krije de skriuwers dy provinsjale en fûnsssubsydzjes net, en besteegje it jild nei eigen goedtinken?
"Dan kin in skriuwer sels beslute wat er docht mei it jild dat beskikber is foar in boekpublikaasje. Hy kin kieze foar in keale útjefte sûnder al tefolle tûters en bellen en it restant fan de sinten nei eigen goedtinken útjaan. Hy kin ûnderhannelje mei útjouwers en foarmjouwers ensafierderhinne. Hy wurdt mei oare wurden baas oer eigen boek."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten