woensdag 11 januari 2012

K-Rûte en yts mei kultuer

K-Rûte, in programma oer kultuer fan Omrop Fryslân, hie de lêste kear in prachtich item oer Galery Koopmans fan Anje Wester yn Earnewâld. En ek in wat lichtere bydrage oer Kulturele Haadstêd 2018, de Omrop stekt syn ljocht op by gekke minsken mei gekke plannen.

Want, seit Dieuwke Kroes, “der is noch gjin konkreet plan nei twa jier fan tarieding”. Bûter by de fisk. Huub Mous fynt it ek net goed: “Wat moet daar gebeuren. Want dat mis ik zo vaak, in al die discussies.”

Anneke Douma: yts mei in liet dat Friezen om utens meiïnoar meitsje, “oeral wei opnimme, mei Fryske artysten rûnom.”

Steven de Jong: yts mei syn eigen filmskript oer Grutte Pier.

Gryt van Duinen: yts mei de seis- of sânhûndert leechsteande tsjerken yn ‘e provinsje. “Net ynhâldlik, mar dat dêr yts mei kin. Dêr soest yts mei betinke kinne.”

Huub Mous: de elf steden. “Daar kun je niet om heen. Wat zou ik nou leuk vinden, laten we nou 3018 in je geest nemen, dat je elf toparchitecten uit de hele wereld een visioen laat tekenen hoe die wereld er dan uit ziet.”

Yvonne Bleize: “Wat gaan we dan doen! Moet je eens kijken wat voor mooi programma we nu al bedacht hebben.”



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten