zaterdag 28 januari 2012

KOLLUM (26): Skyndebat ûnder de klokslach fan 2018

‘Een onverholen propagandaoffensief voor het project Culturele Hoofdstad 2018’, sa neamt Jan Folkerts de publikaasje fan it earste stik yn de LC yn twa jier dat posityf wie oer KH 2018.

Folkerts, histoarikus, no noch gemeentesiktaris fan Littenseradiel, yn in earder libben direkteur fan it HCL, soe syn wurden wat minder op effekt foar kar nimme moatte. Is it net earder sa dat de LC oant desimber ferline jier een ‘onverholen propagandaoffensief’ tsjín KH 2018 fierd hat?

Mar goed, elk hat it rjocht om te oerdriuwen en te ferdraaien en dy’t slûget moat him stilhâlde. Stroffelstien foar Folkerts is it stik ‘Friesland op naar Europese toekomst’ fan Bert Looper (LC, 17 desimber 2011). Yn de nije ôflevering fan de Moanne stiet Folkerts syn tsjinstik ‘Valse historische argumenten helpen het project Culturele Hoofdstad 2018 niet’. Histoarikus Folkerts wol gehak meitsje fan histoarikus Looper (direkteur Tresoar). Slagget him dat?

Looper hat in krantestik skreaun oer perioades yn de skiednis fan Fryslân dy’t fan belang wiene foar de identiteitsfoarming fan de Friezen. Hy hat dy perioades keppele oan politike feroarings dy’t yn deselde tiid plakfûnen. It aardige fan syn bydrage wie de draai nei it hjoed ta; op ’e nij, seit Looper, sitte wy yn sa’n identiteitsfoarmjende perioade, yn gong setten troch it Europeeske ienwurdingsproses. Yn dat ramt sjocht er kânsen om fan KH 2018 in súkses te meitsjen.

Folkerts set dêr foaroer it feit dat net allinnich politike faktoaren by sokke streamfersnellingen in rol spilen en dat it belang fan ekonomyske en sosjaal-kulturele ynfloeden net útpoetst wurde moat. It argumint is falide mar hat wat fan in iepen doar. De politike skiedskriuwer fersus de histoarysk-materialist? Dat debat is al lang oereide; om raak te sjitten hie Folkerts oannimlik meitsje moatten dat dy útsûnderlike perioades yn de skiednis fan de Fryske identiteitsfoarming hielendal net bestien hawwe. Of, as der al soks oan de hân wie, dan mei in folslein oare tiidyndieling as dy’t Looper hantearret.

Mar Folkerts kiest foar de oanfal en nuvere kaprioalen. Sa soe de Romantyk as polityk-kulturele streaming yn de 19e-ieu yn alle lannen fan Europa deselde, unifoarme útwurking hân hawwe. Hoe oars is it te begripen dat er foarby giet oan it feit dat sokke prosessen behalve in universele ek in lokale en regionale ynfolling krigen? Dat oeral yn Europa yn de earste helte fan de 19e-ieu oer identiteit neitocht waard, betsjut net dat it tinken oeral itselde wie.

Achter de teoretisearderij hâldt him in ferskil skûl, suggerearret Folkerts, yn wurdearring foar ‘Europa’. Looper sjocht in histoaryske trend, dy’t hjoeddedei plakfynt: ‘In mentale toekomstoriëntatie vindt deze eeuw een duidelijke verschuiving plaats,’ skriuwt er. ‘Friesland wil zich niet meer alleen een plaats geven in de Nederlandse, maar duidelijk ook in de Europese toekomst. Het accent verschuift van nationale staten naar het Europa van de economische en culturele regio’s.’

Folkerts fynt dy trend mar neat, ûnkent foar it gemak it bestean derfan en makket fan Looper in orakel. Tankewol foar it boadskip, mar wêr kin ik no lêze dat dy Europeeske ferskowing nét plakfynt?

Soe Folkerts net nei it sjoernaal sjen? Jawol, mar as er dat tajout kin er net mear út de heup wei sjitte op syn werklike doelwyt, KH 2018 en in kultureel feroaringsproses dêr’t er de measte affiniteit net mei hat.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten