maandag 26 december 2011
zaterdag 24 december 2011
Villa Helenae
Ik avensear fan keamer nei keamer.
Doch doarren iepen en gaueftich wer ticht.
Iepen doarren kin ik net ferneare:
ik kin al dy keamers net kombineare.
Oan de muorre yn it wurkfertrek
hingje myn skalpen oan in spiker,
myn meirôve diploma’s yn de sjike artes
goadekennis, skilderjen en poëzy.
Op de flier fan de sliepkeamer
leit op skieppehûden de lêste lover
attinsjes te tellen foar de hurd.
Gelok is in grut sjitstik. Gjin burd!
En de keamer-en-suite dêr’t ik, Helena
fan Troje, jûns yn âlde skriften blêdzje
en fan foarbije tiden wer it bêste ha:
sprekke is sulver mar swije is goud.
Gasten komme yn ’e opkeamer.
Net te bedjipjen glimkes dwale dêr
om de wynglêzen en ûnbûchber steane
plestik blommen yn kadokrigen fazen.
O, weagje it net en smyt de doarren iepen
sa’t minnaars it foar de moade krije:
nachts hear ik Paris en alle earderen
weardich om my roppen en razen,
mar as lang om let har lûd my ferfeelt,
stjoer ik boalen mei it bloedswurd
de keldertreppen del en weevje ôf
mei ferrekkelingen en har liichwurd.
Gjin Gryk of Pers yn dizze villa
komt yn al myn keamers sûnder skea
foar ear en rom, liif en lea,
want my kenne litte, dat kin ik nea.
.

donderdag 22 december 2011
Jewiel út de skatkeamer fan Jan Wybenga
Der binne minsken, it is wier, dy leauwe hielendal net dat it der de-plo-ra-bel foarstiet mei de Frysktalige kultuer, mear yn it bysûnder, mei de Fryske literatuer.
Of se wólle it net leauwe. Yn Ljouwert rinne in protte minsken om dy’t in aardige bûssint fertsjinje oan it Frysk, dat wol sizze, oan de taal. Sjoch mar wat der allegear yn tsjinst is fan Tresoar, de Afûk en de Fryske Akademy. En dêr wurdt grif hurd wurke. Kursussen, Tomkes, Heit-en-Memkes, Mercator, wurdboeken, de ein is der fan wei. De taal, jawis, dy is belangryk. Mar de literatuer likegoed. In taal dy’t syn literatuer fersleaukje lit, giet dûbel sa hurd down the drain.
En dat is presys wat te uzes oan de gong is. Wa, midsmank al it folk op de ynstituten, hâldt him, fetsoenlik betelle en 40 oeren yn ’e wike, dwaande mei de Fryske literatuer? It goede antwurd is: net ien.
Dan krije jo dus it folgjende. In foarbyld. Miskien ha jo wolris fan Jan Wybenga (1917-1994) heard. Koart troch de bocht formulearre wie dat de belangrykste Fryske dichter fan nei 1945. Hat acht bondeltsjes poëzij publisearre fan sok heech nivo, dat “it folk” deroan foarby gie mar de kenners wisten wol better: sa’n dichter komt yn it Frysk net sa faak foarby. No is it al skrinend dat der oer it oeuvre fan dizze dichter net ien (niet één) goed, wiidweidich stik skreaun is. Yn al dy jierren net. Der binne allinnich krantestikjes en in pear ympresjonistyske oansetsjes yn de tydskriften Hjir en Trotwaer.
Fierder is it sa dat der fan Jan Wybenga noch in weareld oan poëzij bestiet dy’t noch altyd (nog altijd) wachtet om ûntdutsen te wurden, sawol Frysk- as Nederlânstalige poëzij. Dy gedichten berêste by Tresoar en binne al jierren op te freegjen. It feit dat der gjin publikaasjes oer te finen binne, slimmer noch, dat dizze poëzij noait nergens mar neamd is, dêr kin ik persoanlik in ferskriklik min sin fan krije. Wierskynlik soe Wybenga sels mar wat glimkje en tinke, ja jonge, mar ik ha it dochs al sein, der bestiet ommers hielendal net soks as in Fryske literatuer. Der bestiet allinnich mar wat pielderij.
Utjouwerij Frysk en Frij is fan doel en jou takom jier de samle fersen fan Jan Wybenga út, lykwols sûnder de nét yn bondels opnommen gedichten. De ynlieding bin ik de lêste tiid mei dwaande. Dêrom wit ik no ál hoefolle prachtige fersen fan him noch ûntdutsen wurde moatte. Sûnder twifel it topstik út dy samling, dat yn alle blomlêzingen fan Fryske poëzij stien hie, as it ea publisearre west hie, is it hjir folgjende, titelleaze fers dêr’t de kearn fan nei alle gedachten datearret út de lette jierren fyftich, de perioade tusken Amoeben (1954) en Barakkekamp (1962). Rikere lyryk ha ik yn it Frysk noch net lêzen. It telt twa ôfdielingen mei yn totaal 12 fersen. Undúdlik is, oft it wol ôf is.
*
I.
1
As de stêd op âlde printen
lei oan de baai har blier
bestean foar de berch syn trinten
rikjen, bêde yn it bochtich strân
syn rôze skulpen en swart wier.
Ungelike moaier as it heech
wrantlich keinwêzen mei ferstân
omfieme har skrutelens it leech.
2
As de wyn it skampen oer raaien
en hoedene rêst yn 'e lisk,
ear’t er de tsjilkblêden skiedt,
wurdt it each it taastend aaien
net sêd, dat har ealens begiet.
In sater syn skeinende klau
op de amjende hûd fan in pjisk -:
in sigen skriuwt rimpels yn ’t blau.
3
De ljurk mei wisse slach
kliuwt út 'e deadlike dau,
oargelet fûl yn it blau
triomf oer beklomme beklach.
Mar ’t sike moark fan 'e nacht
gêst djip yn 'e beam fan syn liet
dy’t yn heechmoedige pracht
oer skrouske fjilden stiet.
4
Frije fûgel, mar fersein
oan de hoalen fan de nacht,
dy’t, de wjukken wurchslein,
’t oerjout, sûnder toan en klacht
en yn myn hân ferblet.
Ferslein tsjin hoopjen yn,
en knevele mei it keat
fan nacht en tsjustere wyn.
5
Profeten sjen, grut stride, stjerre.-
Mar op 'e rostra fan de tiid
wat skurve roppers yn 'e skuorde rok
fan eigenbaat. En klear koe men hearre,
hja hiene raashier op ’e tosken.
Hiene hja krêft noch piid,
wol eigenwaan, gjin kerl of stôk
bern boartsjende mei poasken.
6
Auguren binne like goede
soannen, manlju as all’ oaren.
Doch jout har de ivich froede
winsk nei sin-jaan gjin bekoar en
wurdt it heech augurium
stom-dompige ferbjustering
as blynseach it consortium
de glâns bestoarret fan de lustring.
7
Sitst de fûgelflecht te skôgjen,
skerp, heech yn ’t ornithoskopium –
de teleks rattlet, slaven tôgje
dy skriften oan om fuort te pielen –
dan, as in wyld skosto opium
op 'e skerpe ich fan it lot:
do tinkst te witten, te fielen,
mar do dreamst de dreamen wer fan God.
8
Foar dyn wite moarmerstoepe
wurdt in âld man, dy besibbe,
fusilleard, de kûgels glûpe
as wisse dieven nei syn libben.
De sinne dwêst. Oan skurve triedden
sakket it nachtskerm oer de strjitten
elk wenplak is tenei ferlitten
de skeamele harders bin tin siedde.
II.
1
Glimkje net, myn fûgelskôger.
Hear, it wurd krijt op myn tonge
as fan âlds de klank fan sjongen
en it liet spant wer in bôge
oer de delten fan myn lûd.
Ut de skerte fan de taal
krûpt myn wêzen yn de hûd
fan in moarntiidsnij ferhaal.
2
Sil jûn yn dit hûs de liere
klinke as foar ieuwen yn 'e moarn,
by de geunst fan ’t golle, iere
ljocht. Sil dy langferspijde toan
ek wer oan ús gastmiel klinke
ferrûzje yn ’t stjerljocht park,
of ha dy’t jûne mei ús drinke
gjin ear mear foar sok suver ark.
3
Húnje frij de brike paden
fan it liet, dy’t dwilich, boartlik,
ring ferfalle oan 't tsjuster wâld.
Beam mei fûle frucht beladen,
Skerte, dy’t gefaar ynhâldt –
sprek mar op, dochs nea, hoe koart ek,
wurdst my oermânsk: nimmen slacht
de delslach fan dyn skôgjen acht.
4
Foar fammen hiesto gjin wurd
fan 'e hear. Woest inkeld de kâns
fan it net, de ponge en it swurd.
Do seachst by myn freegjen lâns
yn 't readtúchde skip, it board
mei skylden beset, foersto út
tsjinnest in kening, longrich op bút
hellest priis út fjoer, jiske, moard.

zaterdag 17 december 2011
2018: Nocht oan de takomst
[diskusjestik op www.fryslan2018.eu]
Ljouwert, as haadstêd fan Fryslân, wol Europeeske Haadstêd fan Kultuer yn 2018 wurde. De stêd yn syn regionale kontekst stiet oan it begjin fan in lange en spannende reis, dy’t fan singeliere betsjutting wêze kin foar de takomst. It draait om folle méar as kultuer allinne. De ynset is neat minder as in folsleine selsfernijing.
DIT IS WAT WY WOLLE!
Wêr giet Ljouwert / Fryslân 2018 oer?
Europeeske Haadstêd fan Kultuer wurde wolle, wat betsjut dat? Foar ús betsjut it: fol kréative enerzjy en entûsjasme nocht hawwe oan de takomst.
Nocht oan de ûntwikkeling fan Ljouwert, mar ek fan de hiele provinsje Fryslân. Wy wolle út ein sette mei dat aventoer. Fan Ljouwert in oanjeier meitsje op allerhanne mêd: it stimulearjen fan de wurkgelegenheid, it útbouwen fan de kennisekonomy, mar ek it op ’e nij ûntdekken en opfrissen fan de Fryske identiteit, taal en kultuer yn in Europeeske kontekst. Bouwe oan in stêd, in prachtige stêd, dy’t ekonomysk, maatskiplik en kultureel de haadstêd wêze kin fan in grutsk Fryslân.
It is in ambysje dêr’t wy nó mei begjinne moatte. Gjin synisme, blinder. Optimisme! We ha in spannende reis foar ús. Der is konkurrinsje. We dogge om sa mar te sizzen mei oan de Kulturele Olympyske Spelen fan Europa. En jo wurde wier gjin Kulturele Haadstêd troch in festivaltsje hjir en in sympoasiumke dêr te organisearjen. Jo wurde Kulturele Haadstêd as jo in fizy hawwe op jo stêd, jo omjouwing en jo bydrage oan it Europeeske debat. In fisioen, in ideaal. In idee oer hoe’t it wêze kinne soe.
In dream
It Europeeske programma fan Kulturele Haadstêden is neat oars as in poadium dêr’t men lokale en regionale fraachstikken yn in Europeeske kontekst op pleatse kin. De bedoeling is om yn in proses fan artistike yntervinsjes de maatskippij sawol kultureel as sosjaal en ekonomysk te reitsjen. Om werklike feroarings op gong te krijen, dy’t wurkje oer in langere perioade. Je wurde Kulturele Haadstêd as jo in perspektyf hawwe dat net ophâldt yn 2018, mar noch jierren dêrnei trochwurket.
En ast in boadskip hast oan Europa. Wy wolle Ljouwert en Fryslân yn in moderne, ynternasjonale kontekst sjen. Ut de woarteling yn de eigen regio wei sykje nei partners, foarbylden en gelikensen oer de grinzen. Fryslân is ít skoalfoarbyld yn Europa fan in regio dy’t wrakselet mei syn ûntwikkeling. In gebiet boppedat dêr’t in minderheidskultuer altyd in grutte, mar yn moderne tiden hieltyd minder fielbere bydrage oan levere hat. In gebiet dat in ‘new vision of the future’ nedich hat.
Ja, miskien is dat in dream. In dream fan in jongere generaasje Friezen, dy’t net hingjen bliuwe wolle yn nostalgy. De dream fan in ‘glokale’ netwurk-generaasje, dy’t lokaal libbet en globaal tinkt. Dy’t grutsk is op Fryslân, mar ek oertsjûge is fan de needsaak en jou in ympuls. Sadat Ljouwert en Fryslân ek de kommende desennia libbensfetbere, autentike en orizjinele grutheden bliuwe, mei genôch ‘human capital’.
In kultuer op reis
Wy leauwe dat Kulturele Haadstêd 2018 it begjin wêze kin fan in nij selsbetrouwen en bewustwêzen yn dizze provinsje. Wy wolle in ûntjouwing op gong bringe fan kwetsberens nei selsredsumens, of, sa’t Ljouwert it neamt, ‘samenredzaamheid’. Tinke en dwaan út eigen krêft wei. De eigen kearnwearden op ’e nij tsjin it ljocht hâlde: dat is it Fryske antwurd. Komplementêr wêze oan wat ergens oars bart. Ofrekkenje mei it te min oan assertiviteit, oan ambysje dat hjir omwaret. Net langer de ferantwurdlikheid ôfskowe op de grize hierren. De hannen út ’e mouwen, foar eigen rekkening en risiko.
De ûntwikkeling fan mentale mienskippen yn Europa smyt kânsen op foar in nije definysje fan Ljouwert as stêd. Nammentlik as haadstêd fan in minderheidstalige regio. Einlings krijt de Fryske minderheid syn haadstêd: Ljouwert. Ljouwert yn syn Fryske kontekst. Ek de Fryske kultuer sil op reis.
As yllustraasje: Ljouwert wol útgroeie ta in innovative Europeeske ‘Capital of Watertechnology’, wylst yn Fryslân in H2O-generaasje opkommen is dy’t in alvestêdefirus troch de ieren giselet. Dy generaasje siket yn Europeesk ferbân om in relevant perspektyf foar himsels en syn bern. In perspektyf dêr’t er mei oplûke kin tegearre mei oare en ferlykbere Europeeske plattelânsgebieten mei harren lytse stêden.
No is de oere oanbrutsen om te begjinnen oan dat spannende nije haadstik. Meidwaan. Om’t wy ús bern in rike, selsfersekerde en selsfernijende kultuer meijaan wolle. Sadat se aansen grutsk en fol selsbetrouwen de wrâld feroverje kinne sille.
WEROM WOLLE WY DAT?
Ferdom it om te fertutearzjen
Twa spoaren lizze iepen. Of Fryslân past himsels noch fierder oan, op foarwearden dy’t ergens oars betocht binne, oant der úteinlik neat oars fan oer is as in ‘copycat’: in kleur-, siel- en willeleaze oerrin fan Rânestêdtinken. Of dizze provinsje doart it oan en syl in eigen koerts, mei Ljouwert oan it roer.
As tsjinwicht tsjin de aloan slûpende lykskeakeling is it saak om in nei bûten en binnen rjochte stratezjy te folgjen op grûn fan eigen krêft en wearden. In koerts rjochte op it ûntwikkeljen fan selsbetrouwen, basearre op eigen talinten. Dan krekt komt yn de provinsje in beweging op gong. Dan krekt tsjinnet him in sterke ekonomyske, sosjale en kulturele dynamyk oan, droegen troch in nije generaasje Friezen, dy’t in takomst op autentisiteit en orizjinaliteit mooglik meitsje wol. Want it giet om folle méar as kultuer allinne. It fisioen fan 2018 is de nó absolút needsaaklike ympuls foar in plattelânsregio dy’t it kategoarysk ferdomt om noch fierder te fertutearzjen.
As wy der net om tinke, komme we noait wer ôf fan de predikaten “redusearre wingewest”, “perifeare leverânsier fan iten foar de Rânestêd” en “oanbieder fan neo-pittoresk ruraal wengeniet foar de urbane grize weach”. In kultuer hat allinnich takomst as er him fan binnenút fernije doart. En himsels doart bleat te stellen oan ynfloeden fan bûten.
Fryslân en Ljouwert, as spin yn it Fryske reach, bliuwe hieltyd mar wer heakjen yn krimp op de sompige knipklaai, sa liket it bytiden. It is in achterstânsrefleks dy’t ús derfan ôfhâldt en set koerts op ús eigen kearnwearden. Foar’t wy it witte, is dizze prachtige, nuvere en noch altyd woest heimsinnich-oantreklike provinsje ék fermealle yn de suburbane ienheidswoarst dy’t al op safolle plakken yn Europa taret wurdt.
Mar sa hoecht it net gean. Krekt Ljouwert, dat as Fryske haadstêd in wjerspegeling is fan de provinsje, kin en moat dy stap sette. ‘To rethink the city’. As kennissintrum (University Campus Fryslân, wettertechnology, duorsume enerzjy), as tinktenk oer minderheidstalen (Fryske Akademy, Mercator, Tresoar, ‘Lân fan Taal’, Afûk). En as paadwizer fan in alternative mentale rûte foar alle meartalige plattelânsgebieten yn Europa dy’t tsjin deselde problemen oanrinne. Krekt Ljouwert kin it ferskil útmeitsje.
Dêrby is de stêd net los te tinken fan syn regio. Ljouwert en Fryslân binnne sosjaal-ekonomysk sjoen kommunisearende fetten: as it op it plattelân dript, reint it yn de stêd en oarsom. De oanwêzigens fan in grutte, fitale en oantreklike stêd is fan grut belang foar de Fryske ekonomy en kultuer. En oarsom is dat ek sa: Ljouwert hat belang by in krêftich en prachtich plattelân, dêr’t it wenjen goed is, ynrjochte op grûn fan it prinsipe dat stêd en lânskip, mienskip en gebiet, inoar fersterkje moatte en inoar allinnich konkurrinsje oandwaan moatte as it konstruktyf is.
It is in beslút. Nocht oan de takomst hawwe. Wat nedich is, no, binne selsbetrouwen en selsrespekt. Yn ús eigenheid leauwe. Dy doarre bleat te stellen. Dêr giet Ljouwert / Fryslân 2018 oer.
DIT IS DE UTDAGING!
Wurkje oan in ynspirearjende ‘minority metropolis’
Ieuwenlang waard ús regio behearske troch de striid tsjin it wetter, in striid dy’t gearwurking tusken de ûnderskate mienskippen brocht hat. Dêr ken men ús yn it bûtenlân fan. In striid dy’t ek rykdom brocht. Allinnich sa – en fansels mei help fan bûtenôf – koe in ûnopfallende stripe klaailân feroare wurde yn de rêchbonke fan de lânbou yn Nederlân. Nettsjinsteande taalferskillen, religieuze ûnderskieden, karakteristike eigenwizens en kulturele apartichheden koene de bewenners fan dizze wiete lannen inoar blynseach fine yn (meastentiids) lytsskalige foarmen fan gearhing.
It mienskipsgefoel, de eigen taal, selsredsumens en de krêft fan it lytse tinken hawwe de identiteit fan de bewenners mei foarme. Dy fiele noch altyd dat se ûnderdiel binne fan de Fryske mytology en dêr binne se grutsk op, ek as se krityk hawwe op de skaadsiden fan sa’n mienskip. Noch altyd hat it yndividualisme hjir minder der yn omreage as yn in protte oare gebieten yn Europa, mar ek de mentaliteit fan de tsjin-de-stream-yn-roeier is oant de dei fan hjoed in belangryk elemint yn de Fryske kultuer.
Dy Fryske kultuer stiet lykwols de lêste desennia aloan ûnder grutte druk. De ‘glokalisaasje’ (it libjen yn sawol in globale as lokale wrâld) freget om in konfrontaasje mei de eigen identiteit. Ek de feroarings yn de lânbou (en de relatearre yndustry) binne in grutte útdaging foar de befolking fan Fryslân: se binne in oprop ta mentaliteitsferoaring en strukturele transformaasje. In moedige mar ek pragmatyske oanpak is noadich. Ljouwert, de sintrumstêd yn de regio, kin dêr de moter fan wêze.
Ljouwert is it Fryske middelpunt fan ûnderwiis, tsjinsten en fernijingen, primêr rjochte op de ûntwikkeling fan oan wetter relatearre technology en kennis oer lânboutransformaasje en minderheidstalen. Dit feit wurdt ta utering brocht yn kulturele aktiviteiten dy’t in skala fan útinoar rinnende perspektiven en belangen omfetsje en dy’t it yn har hawwe om in nije gefoel fan optimisme yn Fryslân te fieden.
Wetter is de brânje fan dizze fernijing. De stêd praat wettertaal. As senuwknooppunt fan Europeeske wettertechnology sil Ljouwert yn kontakt komme mei mear as 150 bedriuwen en 20 universiteiten en kennisynstellingen út binnen- en bûtenlân. Dat bringt grutte ynvestearringen en nije wurkgelegenheid mei him mei. Wetter as kultuerdrager, as ynfrastruktuer, as boarne fan ynspiraasje: oanjeier fan ynnovaasje.
Sa kin in lytse stêd op it urbanisearre plattelân fan Europa in opwinende fariaasje oan kulturele, ekonomyske, sosjale en edukative aktiviteiten sjen litte. Aktiviteiten boppedat, dy’t de basis wêze kinne foar de takomstige ûntjouwing fan in protte oare, lyksoartige regio’s yn Europa dy’t yn har eigen krêft doare te leauwen. Friezen jouwe net allinnich binnen de eigen provinsjegrinzen foarm oan har mienskipstinken, se sykje ek dêrbûten nei mienskip.
Ljouwert / Fryslân wurdt in ynspirearjende, ûnkonvinsjonele, eigenwize ‘minority metropolis’: de Europeeske Haadstêd fan Kultuer yn 2018.
HOE SILLE WY IT OANPAKKE?
Wy litte jonge Friezen it bidbook meitsje
Do bist Fries ast dy Fries fielst, ast dy belutsen fielst by dizze regio, de minsken dy’t der wenje en it lânskip dêr’t se yn wenje. Mentale Friezen, los fan har komôf, binne minsken dy’t har thúsfiele by dêr’t Fryslân foar stiet. Wy ha dy belutsenens by identiteit, in Europeesk tema. Wy wurkje op basis fan in dield gefoel fan urginsje. Wy sjogge ek it belang fan partisipaasje. Dêrom freegje wy oan de Friezen om mei ús mei te tinken oer de fraach hoe’t wy de útferkiezing ta Kulturele Haadstêd 2018 winne sille. En we hawwe, tinke wy, in goed útstel.
Trouwens: jin thúsfiele yn Fryslân bliuwt net beheind ta de Friezen dy’t hjir wenje en de ‘Friezen om utens’, de emigrearre Friezen. Wol is ús fokus rjochte op it gebiet yn in striel fan sa’n 300 kilometer om Fryslân / Ljouwert hinne, om’t wy ferwachtsje meie dat sa’n 2 oant 5 miljoen besikers fan en dielnimmers oan it Kulturele Haadstêd-programma út dy regio komme sille. Ek dy’t net fysyk yn Fryslân is, kin meidwaan. Dat is nij.
Strategyske spearpunten
De urginsje fan Ljouwert / Fryslân 2018 freget om in antwurd mei in ynhâldlik perspektyf fan op syn minst tsien jier. Dus oant fier nei 2018. Wy ha dit perspektyf omwurke ta twa spearpunten.
De earste is de Fryske takomst mei wetter, net allinne in hightech-tema mei ekonomyske, duorsume en Europeeske diminsjes mar ek in ûnderwerp dat oan de Fryske skiednis klibbet. Wetter is fan ynfloed op in breed skala fan aktiviteiten yn de regio om Ljouwert hinne. Fan lânbou oant toerisme, fan technology oant natoer. Wetter rekket ek direkt oan it oare belangrike inisjatyf yn Ljouwert, de University Campus Fryslân.
It twadde is wat wy neame kinne soene de selsredsume Fryske mienskip. Dat is in kultureel en sosjaal-ekonomysk tema, dat net allinnich rekket oan taal, skiednis en lânskip, mar ek oan maatskiplike ûntjouwingen as krimp, ûnderwiis, digitalisearring, fergrizing, wurkleazens en partisipaasje. Yn de kearn giet it hjir om in op ’e nij definiearjen fan de Fryske wearden yn in takomstige Europeeske kontekst.
Tema’s
Dizze twa boppeneamde spearpunten ha we ynearsten ferdield yn in trijetal tematyske gebieten dy’t wy yn it bidbook fierder útwurkje wolle. Dy gebieten ha we earst sa beneamd:
1/ Wetter & Lân
Oer de relaasje wetter en lân. Yn syn brede kontekst. Dat tema hat raakflakken mei wittenskip, enerzjy, toerisme en agribusiness, mar ek mei lânbou, lânskipsbehear en natoerûntwikkeling. Wat wurket hjir goed, wat kin fuortsterke wurde, hoe kinne wy dat dwaan?
2/ Wy & Ik
Oer it nije ik en wy. Oan ’e iene kant oer it libjen en wurkjen yn in globalisearre wrâld en oan ’e oare kant oer de hechting oan in lokale of regionale mienskip. Hoe wurket dy balâns fan yndividualisme, gearhing en ôfhinklikens?
3/ Utfleane & Stolp
Oer mentaliteit. Nimme wy ússels wol serieus? Binne Friezen net fierstente beskieden? Wat is it effekt fan sokke dimmenens kombinearre mei plichtsbesef op ambysje en talint? Of it hingjen bliuwen ûnder in stolp? Wurket Fryslân ferrykjend of ferearmjend? Hoe stekke sokke prosessen yninoar?
Dat binne om sa mar te sizzen de fokuspunten fan de ûnderskate linzen dy’t de koöperaasjelieders brûke as se nei 2018 en fierder sjogge – en as se dêrnei besykje te omskriuwen wat se sjoen hawwe. De acht formulearre ynfalshoeken binne 1) taal, poëzij, meartaligens; 2) wittenskip, kennis, ûnderwiis; 3) arsjitektuer, byldzjende keunst, lânskip; 4) ritme, muzikaliteit; 5) sport; 6) gearwurking, ynterpersoanlike ûntwikkeling; 7) yntrapersoanlike tema’s lykas spiritualiteit; en 8) natoer, biodiversiteit.
Jonge Friezen oan it wurd
Wa binne de kréative gesichten fan Ljouwert / Fryslân 2018? Dat binne de koöperaasjelieders. Talinten, dy’t mei de takomst dwaande binne. Om dizze ‘gesellen’ hinne sammelje har de meitinkers, mar ek grize en wize hierren, de ‘masters’. Om mei advizen te kommen, om ideeën te skerpslypjen.
De koöperaasjelieders hawwe elk har eigen ynhâldlike dissipline en fakgebiet, mar se wurkje mei syn allen en binne mei-inoar ferbûn. Basisprinsipes binne it dielde gefoel fan urginsje, it mei syn allen oanfielen fan it doel, it belang fan partisipaasje fan sawol keunstners as de bewenners fan Ljouwert, in brede blik op kultuer, in bytiden ûnkonvinsjonele mar altyd transparante wurkwize.
Wy wurkje mei in jongere generaasje, dy’t it foartou nimme wol en dy’t siket nei ferrassingen. Sa ûntstiet in heldere, ynhâldlike koerts wat de takomst fan Ljouwert en Fryslân oanbelanget. Sa ûntsteane enerzjike, frisse ideeën, dy’t ek foar oare, ferlykbere gebieten in Europa nijsgjirrich binne. Sa ûntstiet it singeliere ferhaal yn de goai nei de titel Europeeske Haadstêd fan Kultuer 2018. Om de kâns grutter te meitsjen dat wy der yn 2025 in stik better foarstean as yn 2011. Dogge jo mei?
TA BESLUT
Ljouwert / Fryslân Europeeske Haadstêd fan Kultuer 2018 is:
• in alvestêdegefoel dat troch stêd, lân en Europa lûkt;
• in blik op kultuer yn brede sin: fan ‘mienskip’ oant wetter, fan jonge gesellen oant wize masters, fan keatsen oant duorsumens en banen;
• it werûntdekken, opfrissen en fernijen fan de Fryske kultuer, mei Ljouwert as findelswaaier;
• in kâns om de leefbaarheid yn doarpen en stêden te ferbetterjen: berikberens, betelber wenjen, wurkgelegenheid, foarsjennings, fasiliteiten;
• nedich om te soargjen dat wy der yn 2025 better foarsteane as yn 2011;
• behâld fan de Fryske identiteit ûnder it Europeeske fergrutglês;
• stuolle op kréative enerzjy, grutskens, entûsjasme en nocht hawwe oan de takomst;
• dé kâns foar Ljouwert ‘to rethink the city’, nó en net pas jierren letter;
• it begjin fan in stadige, mar konsistinte, in oanrikte mar autentike, in radikale mar koherinte, feroaring oer in langere tiid; de Fryske kultuer in nije haadstêd jaan.
Wie tekene: Koöperaasje 2018
Jaap Bijma, Bastiaan Blaauw, Jacco de Boer, Sjoerd Bootsma, Harmen van der Hoek, Nynke-Rixt Jukema, Martin Kuipers, Tim Laning, André Looijenga, Sytze Pruiksma, Abe de Vries, Wini Weidenaar e.o.

vrijdag 16 december 2011
Het Wad en de Friese literatuur
Op maandag 12 december was de derde avond van de lezingen-/documentairereeks Wadblik. Bert Looper, directeur van Tresoar, had een gevarieerd literair programma samengesteld rond het Wad en de Friese literatuur, waarbij de dichterlijke kant van het waddengebied centraal stond.
De avond begon met een lezing van Bert Looper over de betekenis van het waddengebied in de Friese literatuur. Daarna draaide het Fries Film Archief historisch filmmateriaal van het waddengebied dat speciaal voor deze avond was gemixed met geluidsopnames van ‘waddendichters’, in diverse ‘waddentalen’. Na de pauze was er allereerst een optreden van Abe de Vries, bekend Fries dichter en winnaar van de Gysbert Japicxprijs (2005). Hij bracht een gedeelte uit zijn programma Reizgjende Kust/Travelling Coast, waarin hij het kustgebied verbeeldt in fotografie en poëzie. De avond werd afgesloten met gedichten van Jan Atze Nicolai en Syds Wiersma, die ze zelf ook voordroegen.
Bekijk het volledige programma van Wadblik, dat loopt tot en met mei 2012.
Wadblik is een initiatief van de Waddenacademie, Fries Museum, Film in Friesland en de Nationale UNESCO Commissie, waarin lezingen worden gekoppeld aan historisch filmmateriaal.

donderdag 15 december 2011
KOLLUM (25): KH 2018 tsjin de eksodus út de Fryske literatuer
‘Brân Ljouwert plat’, dichte Jan Wybenga yn 1952 –hy wist doe fansels net dat Ljouwert, mei it finânsjeel foar útdagingen stean, yn 2011 der op it stik fan bestjoerlike moed krekt útrinne soe. De stêd ûnder oanfiering fan boargemaster Ferd Crone hat nócht oan 2018.
Ljouwert wol Europeeske Haadstêd fan Kultuer wurde. Dat is goed nijs, net op it lêste plak foar de Fryske taal en literatuer. In literatuer dy’t de lêste jierren tsjin in eksodus oansjocht: fan lêzers, fan útjouwers, fan ideeën. As er noch libbe hie, soe Wybenga miskien fyntsjes sizze dat er de úttocht al foarsein hie. ‘Fryslân en it fers binne gjin kânsen mear,’ wol syn lyts frysk deadeboek hawwe.
In te min oan kreativiteit, oan fisy, oan jin iepen stellen foar de bûtenwrâld wie neffens Wybenga de reden om net Ljouwert ôf te fakkeljen mar de brân moast yn de noait einigjende krantestikken fan de haadredakteur fan de Leeuwarder Courant, Jan Piebenga. Dat wie ien fan de lêste foaroarlochse Frysk-nasjonaaltinkers mei in provinsjaal poadium, in ‘nordic’ mytomaan en ek altyd sa serieus. Neffens de iroanysk formulearende mar likegoed bitende Wybenga waard it yn Fryslân heech tiid foar wat súdliks. Ek de anglofily fan Douwe Kalma c.s. hie er op in pypfol. Sels rûn er heech mei de surrealistyske romantyk fan Baudelaire en Apollinaire. Wybenga brocht Frankryk nei Fryslân.
Sa’n ferfrissende súdlike wyn is ek it Haadstêd fan Kultuer-programma dat festivals as, o paradoks, Explore the North ûnder syn hoede hat. Foar de Fryske literatuer jout it gelegenheid om yn in breder kultureel fermidden op ’e nij te sjen nei himsels. De eigen krêften en swakheden, ambysjes, of in te min der oan. Want der sit net in hiel protte nocht oan de takomst mear yn dy Fryske literatuer, sa liket it bytiden. Ien foarbyld mar. As de belangrykste proazaïst fan de foarige ieu komt te ferstjerren, Trinus Riemersma, is der in jier letter noch altyd neat te bespeuren fan nocht om de belangstelling foar syn wurk oan te fiterjen. Dat seit dochs al hast genôch?
Wis, 2018 is net it antwurd op alle fragen. En as it net trochgiet, boekelje wy ek wol fierder. Mar dat is âld tinken. Der leit in paad klear foar mear inisjativen en foar mear gearhing mei in modern kultureel klimaat fan dwersferbiningen en drok grinsferkear mei de rest fan Europa. Diskusje mei oare keunstfoarmen. Underfreging fan eigen wearden. Net om se ôf te brekken, mar om se helder te krijen. In literatuer wurde dy’t antwurden siket ynstee fan jout. As KH 2018 dat no ris bewurkmasterje koe.
*
Lês hjir it hagelnije diskusjestik '2018: Nocht oan de takomst'.

zondag 11 december 2011
Revival van schoonheid in de dichtkunst
In opmerklik lûd fan poëzij-resinsint Willem Thies op de Contrabas, dêr't ik my - as diplomearre aartskonservatyf/Flaams-Blok-oanhinger/kryptofaksist en wêr't jo ek mar foar útmakke wurde as jo gjin earsten leafhawwer binne fan it der mar wat hinne kwatteljen fan ûnbegryplike rigels - hielendal yn fine kin:
"Ik grijp deze gelegenheid aan om te pleiten voor een herwaardering van de schoonheid in de (dicht)kunst. Een revival. Een comeback.
Natuurlijk hoeft dit geen verheven schoonheid te zijn, goddank niet! Spaar me. Maar... een zekere schoonheid: duister, rauw, desnoods bruut of gruwelijk. Een zekere erotiek of sensualiteit van de (dicht)kunst, bij voorkeur een donkere sensualiteit.
Poëzie dient niet ‘alleen maar’ of ‘uitsluitend’ mooi te zijn, maar zij moet wel (of kán) op zijn minst mooi zijn.
Al te vaak is niet de schoonheid vrijblijvend (zoals ‘haar tegenstanders’ beweren), maar deze uitspraak van Lucebert in het huidige tijdsgewricht – ze wordt er aan de haren bijgesleept, volkomen misplaatst (met deze term doel ik ook op het feit dat de woorden van Lucebert in de context van de tijd moeten worden gezien, ofwel: ‘gehistoriseerd’ moeten worden). Net als de uitspraak van Adorno: ‘nach Auschwitz ein Gedicht zu schreiben, ist barbarisch’. Ook deze quote wordt te pas en te onpas gebruikt, en gepolitiseerd, ingezet tegen een bepaalde poëtica, of juist ten faveure van een andere.
Veel dichters ‘willen’ geen mooie poëzie schrijven, omdat zij geen mooie poëzie kúnnen schrijven. Zij beweren geen schoonheid te kunnen verdragen omdat zij geen schoonheid kunnen voortbrengen. Het is een gebrek en tekortkoming, listig vermomd als morele overtuiging.
Een groot deel van de dichters (een forse minderheid in ieder geval) is nu eenmaal een armoedig stilist (lees: géén stilist). Hun stijl is kreupel, krukkig en krakkemikkig."
Lês fierder op de Contrabas.

In boekegrêf foar Jan Wybenga
Jan Wybenga (1917-1994) is in dichter dêr’t ik wat mei ha. Foar Goasse Brouwer fan Frysk en Frij bin ik dwaande in ynlieding te skriuwen by de Samle fersen fan Wybenga, in útjefte yn de Klassike Rige fan F en F dy’t yn ’e maityd ferskine sil. No ha ik fansels in grutte mûle hân oer de ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga by de okkeries ferskynde Samle fersen fan Douwe Tamminga, dat it moat al wat goed.
En dat falt net ta. Wybenga is in kompleks dichter. Ien dy’t sjonge kin fan ferwûndering likegoed as noartsk prottelje oer ferlies. Ien dy’t like maklik in geastlike hymne skriuwe kin yn de styl fan Fedde Schurer as in praattaalkollaazje op de wize fan Barbarber. Ien dy’t op it stik fan belêzenens fier útpykt boppe de measte fan syn kollega’s. Nimmen dy't it ‘probleem-Fryslân’ sa ûngenedich yn fersen foar ús delleit as Wybenga. Lyrysk, synysk en firtuoas.
Teake Oppewal hat yn syn ynlieding by de earste printinge fan de Spiegel van de Friese poëzie (1994) skreaun dat Wybenga “de belangrijkste moderne Friese dichter” is, en ik jou him gjin ûngelyk. Yn myn eigen blomlêzing Het goud op de weg (2008) skreau ik oer Wybenga:
"Een tweede belangrijke dichter die, weliswaar fataal, ontsnapte aan de oppositie van traditie en experiment, is Jan Wybenga. In zijn werk daalt het stof neer van de erkenning dat de Friese dichtkunst gedoemd is, omdat zij zich onherroepelijk heeft verwijderd van de volkstaal, terwijl zij er tegelijkertijd niet in slaagt zich een duurzame, autonome positie te verwerven op basis van de literaire taal. Want daarvoor is het literaire publiek in een taalgebied als het Friese domweg te klein. Deze erkenning leidt bij Wybenga tot een alles doordringend taalpessimisme, en tot een sombere kijk op het eigen dichterschap."
Oan wurdearring hat it Wybenga net ûntbrutsen, wol oan publyk. Hy hat twa kear de Gysbert Japikspriis krigen, de earste kear yn 1965 foar syn twadde bondel Barakkekamp (1962), de twadde kear yn 1977 foar lyts frysk deadeboek (1974). En sa’t Schurer doedestiids al opmurk, eins hie syn debút, Amoeben (1954), de Gysbert al fertsjinne. Ut dat skitterjende debút dit fers, sawol in selspetret as in skets fan Slauerhoff:
De dichter
Wat lytse boekjes, fersen en ferhalen, binne it iennichst
spoar dat fan him bleau, ferslach fan in toernoai mei God
en Duvel, de dûbel-saad fan ’t langstme dat him dreau.
Twa machten, mei ien ôfgesant: de frou – ivige
krite dêr’t se har krêften mjitte – Mei lokjende
eagen, swart of himelsblau, kaam se him, fluensk of
koel temjitte.
Dochs bleau er iensum yn in lege wrâld, oft er yn ’t
Noarden wie of ûnder palmen, want rûnom wien’ de
herten leech en kâld en idel bliek elk wurd en alle lampen
walmen.
Hy skoep yn dreamen ’t fier en izich ryk, dêr’t haat en
leafde ta ien koele krêft ferfloeie en fan de ierde naam
syn geast de wyk djip ûnder see, dêr’t wieren út de
wrakken groeie.
Hy koketearre graach mei huorren en piraten en die soms,
út ferfeling meast, in brike set, mar hoe’t er ’t ek besocht
mei rauwe maten, hy bleau in boarger mei in skipperspet,
al fûn er dan himsels ek fierste goed
foar wrâld en minsken dy’t syn hert ferlitten hie,
benypte wêzens, dy ’t ferwettere bloed
nea yn it ritme sloech dat sines wie.
Men skoude him, de grânzerige hûn
dy’t bile om nuvere gesichten.
Syn bangens, ûnrêst en ferlangen fûn
in boekegrêf: de sammele gedichten.

zaterdag 10 december 2011
woensdag 7 december 2011
dinsdag 6 december 2011
Kadotip foar de Kryst: Sprankeskyn
Sprankeskyn ferskynde yn novimber 2010 yn in oplaach fan 250 stiks en is te krijen yn de boekhannel en by de útjouwer foar 18,50. De bondel waard yn de LC oanwiisd as ien fan de bêste Frysktalige dichtbondels fan 2010. Mar nettsjinsteande it mânsk oantal siden (96), de sfearfolle foarmjouwing en de tige opteine kritiken yn de parse binne der oan no ta net mear as 102 eksimplaren ferkocht.
Dat, sykje jo noch om in passend kado foar de Kryst en wolle jo immen yn 'e kunde komme litte mei Fryske poëzij, dan is Sprankeskyn dé tip.
Fan de útjouwer:
“Sprankeskyn is de fyfde dichtbondel fan Abe de Vries (Gysbert Japikspriis 2005). Yn dizze mânske bondel fan 96 siden spegelet er de wrâld fan syn lyryske leafdespoëzij oan de wrâld fan de religy en de taal fan de bibel. Njonken mear as 30 eigen gedichten binne ek eigen fotografy en 7 oersettingen opnommen (gedichten fan Osip Mandelstam, Pablo Neruda, René Char en Rainer Maria Rilke).
De trije fotosearjes yn Sprankeskyn binne troch de dichter sels makke mei model yn de midsieuske tsjerke fan Hantumhuzen en de Pier Pander Timpel yn Ljouwert, en nachts yn 'e auto ûnderweis yn it noarden fan Fryslân. De foto's bringe in anty-fûnemintalistysk boadskip fan tolerânsje en frijsinnicheid en hawwe lykas de gedichten as tema it sykjen fan minsken nei eat dat boppe harren sels út giet: neam it wierheid, ljocht, leafde, skeppingskrêft.”
Ut de parse:
Rynk Bosma yn Wijd & Zijd: “Als lezer hoef je niet alle lagen en beweegredenen van de auteur te doorgronden om onder de indruk te raken van het fantastische, associatieve, beeldenrijke taalgebruik van de dichter. Sprankeskyn is de titel, met het Friese woord spranken in de dubbele betekenis van sterren en vonken. Het dekt de lading in ruime mate, want de woorden spatten als vonken van het papier.”
Cornelis van der Wal yn it Friesch Dagblad: “Sprankeskyn is skitterjend foarmjûn.”
Eppie Dam yn de Leeuwarder Courant: “De Vries docht it faker yn syn bondel: twa wrâlden ferbine, twa helten optille. Alderearst binne dêr de keunstfoto’s fan eigen hân, no en dan oan de fersen taheakke, of oarsom. Tekst en byld slute net altyd ien op ien oan, en krekt troch dy spanning wurde beide nei in oare diminsje tild. By de rige ‘Sân sakraminten’ sjogge we in pear kear in neaken model yn it sakrale, en ferkalke, ynterieur fan in tsjerke. It bleate liif fan in frou yn it hûs fan God, ieuwen dominearre troch fergeastlike en dogmatyske mannen.”

zondag 4 december 2011
Hoop fan Holwert / Hoop van Holwert
Hoop fan Holwert, hoefolle fourwheel drives
rôlje troch dyn smelle glydsbaantsjes
foar te grutte knikkerts? Hoefolle huzen
te keap, hawwe leaf en sear dien,
hânmitsele yn reade bakstien?
Noch is it wachtsjen
op waadmiljoenen oan moederaasje
en in nij leauwe foar pake en beppe.
Wat silsto útheve mei dyn treddehâns
fehikels? Ien wrak smyt mear op as watst oait
swart fongst foar in plusmiet ierdappels.
Mar so what, it is merke,
elk giet by himsels ter kerke.
Letter út ’e buorren te hearren,
fannijs hie it kâld west op ’e slotjûn
fan iisferiening “Vriendschap”.
Wat tinksto, ast dyn liif nei it suden draaist,
en oan ’e kym ljochtet it, dyn eagen
op de coole draak fan Dokkum?
It is in begûcheljen dat lokket
yn ’e snaren ast de takomst plôkest.
Mar hasto noait sjoen
hoe’t beskútbakkers út ’e dridze springe
om alle slykhokken goed yn ’e Toto?
Wat silsto weiglydzje, al te waanwiis
is buormans gek, do moatst knibbelje
foar in goed rapportsifer en foar subsydzje.
Sixpacks pakke dyn búkje oan,
miskien komt Brussels lof moarn
om in omloop te pearkekeatsen,
alaaf te roppen by de biersûperij,
smoarrike negoasje te tellen by de boaten.
Hoop fan Holwert, snaai tenei dines mei
fan de oerfloed op It Amelân,
dêr’t it altyd wer eb is en de big racks
prate kak, it taaltsje, do kenst it.
Gakje grutsk datst hjir wennest.
Wjokje foar my, en doch it rûnom te witten:
yn Holwert skreau Waling-om,
yn Holwert wurde de reidtekken fernijd.
Hoop fan Holwert
Hoop van Holwert, hoeveel fourwheel drives
rollen door je smalle glijbaantjes
voor te grote knikkers? Hoeveel huizen
te koop, hebben lief en leed gedeeld,
handgemetseld in rode baksteen?
Nog is het wachten
op wadmiljoenen aan meegevoel
en een nieuw geloof voor opa en oma.
Wat zul jij uithalen met je derdehands
vehikels? Eén wrak levert meer op dan wat je
ooit zwart ving voor een bunder aardappelen.
Maar so what, die automerken.
Een ieder gaat bij zichzelf ter kerke.
Later op de buurt gehoord: opnieuw
was het frisjes geweest op de slotavond
van ijsvereniging ‘Vriendschap’.
Wat denk je, als je je lijf zuidwaarts draait,
en aan de kim licht het op, je ogen
op de coole draak van Dokkum?
Het is een begoocheling die lokt
als je met de dobbelsteen van de toekomst gokt.
Maar heb jij nooit gezien
hoe beschuitbakkers uit de klei springen
vanwege alle slijkhokken goed in de Toto?
Doe je best, zoek absolutie, al te waanwijs
is buurmans gek, knielen moet je
voor een goed rapportcijfer en voor subsidie.
Een sixpack wat eerst een buikje leek en
misschien komt Brussels lof volgende week
om een omloop te paartjekaatsen,
alaaf te roepen bij de bierzuiperij,
smoorrijke negotie te tellen bij de boten.
Hoop van Holwert, graai dan het jouwe mee
van de overvloed op Ameland,
waar het altijd weer eb wordt en de big racks
praten kak, het taaltje, je kent het.
Gak trots dat je hier je standplaats hebt.
Molenwiek voor mij, en doe rondom kundschap:
in Holwert schreef Waling-oom,
in Holwert worden de rietdaken vernieuwd.

zaterdag 3 december 2011
KOLLUM (24): Iensidige ferkenning fan de Fryske waadkust
It ministearje fan Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje, de Raad voor de Wadden, de Waadferiening, it Regionaal College Waddengebied (RCW), it iene nei it oare bestjoers- en advysorgaan, de iene nei de oare feriening praat oer it Waad. Mar wa hat it oer it rânelân oan de Fryske kust?
Atelier Fryslân, om mar dalik antwurd te jaan. Yn opdracht fan it RCW wurket Atelier Fryslân oan in yntegraal ‘advies Waddenland’ oer de Hollânske, Fryske en Grinslanner waadkust. Yn ’e maityd fan takom jier moat it klear wêze en presintearre wurde. As opwaarmer foar it advys hat Atelier Fryslân ferline wike alfêst in ferkenning fan de problematyk en de takomst fan it gebiet publisearre. Verstild getij. Een atlas van de Nederlandse Waddenkust is in stúdzje dy’t yn gearwurking mei lânskipsarsjitekten fan it buro Veenenbos en Bosch út Arnhem útfierd is. De atlas is hjir te besjen en te lêzen.
Sa’n opwaarmerke is nijsgjirrich, allinnich al om’t it yn de rede leit dat it úteinlike advys net al te mâl ôfwike sil fan de linen dy’t der yn út set binne. Oan ’e iene kant is “de vaste wal van het Nederlandse wad een landschap van rust, ruimte, duisternis, prachtige dorpen en steden en fraaie vergezichten”. Oan ’e oare kant: krimp (de befolking fan it kustgebiet sil oant 2025 mei sa’n 10 persint tebekrinne), ekonomyske stagnaasje, lânbouproblemen en toeristyske ûnsichtberens freegje om in radikalere oanpak, is it boadskip.
Dizze “vergeten kust” hat in smelle ekonomyske basis, amper dynamyk en de inisjativen dy’t der binne, komme net sasear út it gebiet sels wei mar wurde der op loslitten. Atelier Fryslân neamt de Eemshaven, Esonstad, de kassen by Berltsum en de Blauwe Stad yn Grinslân “flinke programmatische ingrepen en forse investeringen en niet altijd met het gewenste resultaat”. Folle better is it en knoopje oan by besteande kwaliteiten: “Waarom worden nieuwe quasi oude huizen gebouwd in Esonstad, terwijl even verderop de bestaande monumentale dorpskern van Holwerd leeg loopt?”
Dat is fansels moai betocht. It klinkt ek net hielendal ûnbekend. Mar hoe moat it oars? Hokker proefballonnen jout de Atlas oan ’e waadwyn mei?
Ik neam se op. De oanlis fan in fytspaad op ’e seedyk, it útbouwen fan de Holwerter pier ta in grut toeristysk kompleks, de oanlis fan lytse kusthaventsjes by Swarte Haan en Roptasyl, it útwreidzjen en tagonkliker meitsjen fan it bûtendyks gebiet, it pleatsen fan grutte nije wynmûnen en, last but not least, it pleatslik opjaan fan de striid tsjin de fersâlting fan de lânbougrûn: “ons grondgebruik aanpassen en experimenteren met bijvoorbeeld zilte teelten en bijzondere vormen van binnendijkse natuur”.
Hoe’t wynmûnen de pleatslike ekonomy befoarderje sille, is my in riedsel. It liket der mar gewoan ynbrocht te wêzen om’t it tafallich in provinsjaal spearpunt is (advysfreger RCW is in gearwurkingsferbân fan provinsjes en oare oerheden). En hokfoar effekt de oanlis fan (grutte) natoergebieten hawwe sil op de pleatslike mienskippen? Minder boeren, minder minsken.
Hjir wurdt sichtber dat it advys eins allinnich út is op in kompromis wat romtlike kwaliteit oanbelanget en yn syn iensidigens net fan in breder perspektyf útgiet. Dan soe de leefbaarheid fan platttelân en doarpen sintraal stean moatte.
De oerheid soe bygelyks de lytsskalige biologyske lânbou folle struktureler stypje kinne. En mear jild útjaan om de foarsjennings yn de doarpen lâns de kust op peil te hâlden. Om soksoarte fan proefballontsjes siket men yn de Atlas fergees en dat is spitich. Blykber fielt Atelier Fryslân yn dizze barre liberale tiden en mei dizze opdrachtjouwer net de frijheid om werklik out of the box te tinken.

vrijdag 2 december 2011
22 Fersen op syk nei in útjouwer
Juster, 1 desimber, de lêste hân lein oan myn sechsde dichtbondel, dy’t takom jier twatalich as Ravensulver / Ravenzilver de wrâld yn sil – mar hoe en wat en wêr? Krige fan in goede freon, dy’t noch nei de oersettingen sjocht, in tige by tige berjocht oer de 22 gedichten. Ien lang yntrofers en dêrnei sân ôfdielingen fan hieltyd trije fersen.
Mar oan wa moat ik dat nifelwurk fan wolkeflarden jaan?
Bornmeer lûkt him werom út de Fryske literatuer. De FPB sit der ek net op te wachtsjen. De Afûk en Elikser en Hispel wol ik net hinne. Venus en de KU binne der net mear. En ik ferrek it te beteljen foar de útjefte fan myn eigen wurk. No mar hoopje dat de Contrabas yn Utert entûsjast is.
Mear nijs: ik sil in lêzing fan in healoere hâlde op it Krystkongres fan de Fryske studinten yn Frjentsjer, 28 desimber. Joop Mulder fan Oerol en Aukje de Vries fan de VVD sille ek wat sizze. It ûnderwerp is it belang fan kultuer…
En nóch mear nijs: ik bin dizzer dagen nochal dwaande it fersewurk fan Jan Wybenga te bestudearjen. Dat sil útdraaie op in ynlieding by de samle fersen fan Wybenga, dy't yn 'e maityd publisearre wurde sille troch Frysk & Frij.
No as de bliksem nei Zaandam foar de Sinteklaas. It folgjende berjocht fan de feartfisk sil dus ta jo komme út, it is net oars, Hollân.

donderdag 1 december 2011
Abonneren op:
Posts (Atom)