woensdag 1 juni 2011

Tim nei Stiftfestival yn Weerselo/Oldenzaal

Tim sil nei alle gedachten fan 28 augustus oant 3 septimber in masterclass folgje fan de wrâldferneamde Brits-Nederlânse fioelist Daniel Rowland (Brodsky Quartet) yn it ramt fan it ynternasjonale Stiftfestival yn Weerselo/Oldenzaal.

Ek sil er meidwaan op de nije cd fan learlingen fan de Academie Muzikaal Talent; op 10 juny binne de opnames yn de Waalse Tsjerke yn Amsterdam. It stik dat er spylje sil is de Suite Sweets de Landau fan Hans Kox. Ferline jier krige Tim op it nasjonaal konkoers fan de Stichting Jong Muziektalent Nederland, njonken in 2e priis, ek de priis foar de bêste útfiering fan in stik fan in Nederlânse komponist. Dat wie foar syn fertolking fan Kox.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten