Doe kamen fjouwer mannen yn útdragersklean oan ’e doar:
de baas fisker wit syn tiid fan opheljen.
De heu, do âlde ljipaaimelker!
Hoe lang hast hjir net fiterknotte en fûkebreide
op dit spultsje oan de Witewei, do, in waaideade op in pear
stikkene skuon en wat skilderstikken nei;
it waar etste dyn mom fan rapetepper yn ’e spegel.
Mar do wistest, oait yt de grutte fisk de lytse.
De heu, do gauris besnústere okse!
No bist einlings út ’e ljochten holpen,
hoechst net mear te banjerspyljen nei ’t Kiestersyl
of in swarte ko te melken by de Kotille;
lit my mar om in slacht bargeterms en in foech healpûn smoar
op ’e brommer oer ’t binnenpaad nei Bauke ta yn Winaam.
Ik sil wol hantsjebakke om in let gedicht
en it izerbloeisel út it braakhok oer it gea útstruie,
dong foar it Lân Ferlet, de earste ljochte wrâld om dy hinne.
Sis my, it waar, wurdt it broeisk, bliuwt it damp?
Skeare sweltsjes boppe de slodze?
Slacht de leep al kwânskwiis mei de brijleppel?
De heu, do Don Quichot tsjin wynmûnen!
Wat soe men op in hôf dan noch begrave?
Jopie H. wie dea en syn omskot lei derhinne.
Allinnich it fitrioelen lampeljocht noch, baarnend oer it wetter,
yn dizze, ús fertroude nacht mei skuorren yn ’e fuorring.
5 juny 2011
Geen opmerkingen:
Een reactie posten