donderdag 30 juni 2011
woensdag 29 juni 2011
Hoop fan Holwert
Hoop fan Holwert, hoefolle fourwheel drives
rôlje troch dyn smelle glydsbaantsjes
foar te grutte knikkerts? Hoefolle hûzen
te keap, hawwe leaf en sear dien,
hânmitsele yn reade bakstien?
Noch is it wachtsjen
op waadmiljoenen oan moederaasje
en in nij leauwe foar pake en beppe.
Wat silsto útheve mei dyn treddehâns
fehikels? Ien wrak smyt mear op as watst oait
swart fongst foar in plusmiet ierdappels.
Mar so what, it is merke,
elk giet by himsels ter kerke.
Letter út ’e buorren te hearren,
fannijs hie it kâld west op ’e slotjûn
fan iisferiening “Vriendschap”.
Wat tinksto, ast dyn liif nei it suden draaist,
en oan ’e kym ljochtet it, dyn eagen
op de coole draak fan Dokkum?
It is in begûcheljen dat lokket
yn ’e snaren ast de takomst plôkest.
Mar hasto noait sjoen
hoe’t beskútbakkers út ’e dridze springe
om alle slykhokken goed yn ’e Toto?
Wat silsto weiglydzje, al te waanwiis
is buormans gek, do moatst knibbelje
foar in goed rapportsifer en foar subsydzje.
Sixpacks pakke dyn búkje oan,
miskien komt Brussels lof moarn
om in omloop te pearkekeatsen,
alaaf te roppen by de biersûperij,
smoarrike negoasje te tellen by de boaten.
Hoop fan Holwert, snaai tenei dines mei
fan de oerfloed op It Amelân,
dêr’t it altyd wer eb is en de big racks
prate kak, it taaltsje, do kenst it.
Gakje grutsk datst hjir wennest.
Wjokje foar my, en doch it rûnom te witten:
yn Holwert skreau Waling-om,
yn Holwert wurde de reidtekken fernijd.
.
rôlje troch dyn smelle glydsbaantsjes
foar te grutte knikkerts? Hoefolle hûzen
te keap, hawwe leaf en sear dien,
hânmitsele yn reade bakstien?
Noch is it wachtsjen
op waadmiljoenen oan moederaasje
en in nij leauwe foar pake en beppe.
Wat silsto útheve mei dyn treddehâns
fehikels? Ien wrak smyt mear op as watst oait
swart fongst foar in plusmiet ierdappels.
Mar so what, it is merke,
elk giet by himsels ter kerke.
Letter út ’e buorren te hearren,
fannijs hie it kâld west op ’e slotjûn
fan iisferiening “Vriendschap”.
Wat tinksto, ast dyn liif nei it suden draaist,
en oan ’e kym ljochtet it, dyn eagen
op de coole draak fan Dokkum?
It is in begûcheljen dat lokket
yn ’e snaren ast de takomst plôkest.
Mar hasto noait sjoen
hoe’t beskútbakkers út ’e dridze springe
om alle slykhokken goed yn ’e Toto?
Wat silsto weiglydzje, al te waanwiis
is buormans gek, do moatst knibbelje
foar in goed rapportsifer en foar subsydzje.
Sixpacks pakke dyn búkje oan,
miskien komt Brussels lof moarn
om in omloop te pearkekeatsen,
alaaf te roppen by de biersûperij,
smoarrike negoasje te tellen by de boaten.
Hoop fan Holwert, snaai tenei dines mei
fan de oerfloed op It Amelân,
dêr’t it altyd wer eb is en de big racks
prate kak, it taaltsje, do kenst it.
Gakje grutsk datst hjir wennest.
Wjokje foar my, en doch it rûnom te witten:
yn Holwert skreau Waling-om,
yn Holwert wurde de reidtekken fernijd.
.
dinsdag 28 juni 2011
KOLLUM (3): Literêre diskusje? Ideeën frege
No is it ideologysk net sa handich om in stikje oer bedrigings foar de Fryske literêre kultuer te begjinnen mei it memorearjen dat Kneppelfreed dit jier fyftich jier lyn wie, want wat hat literatuer mei taalstriid te krijen en moatte wy dy twa saken net skiede?
It antwurd is: ja, yn dy sin dat literatuer gjin ynherinte ferplichting hat om it mear brûken fan in taal te befoarderjen. Mar ek: nee, yn dy syn dat literatuer – en hielendal de Fryske – wol in funksje hat yn it funksjonearjen fan taal. Foarbyld: sûnder de skriuwer en dichter Gysbert Japiks (lang lyn) hie der tsjintwurdich miskien wol hielendal gjin Frysk mear bestien.
Dêrom is it net ferkeard om te sinjalearjen dat de Fryske literêre kultuer, mei troch tadwaan fan de besunigingen op kultuer, yn dit betinkingsjier miskien wol faaier stiet as yn hokfoar post-Japiks perioade ek. De earste en op koarte termyn meast bedriigjende ûntjouwing komt fan bûten. It is de ôfnimmende finânsjele stipe dy’t Fryske útjouwers krije kinne fan it Nederlands Letterenfonds foar literêre útjeften yn it Frysk. It giet dan om poëzij, mar ek om tydskriften. Op het Letterenfonds wurdt, sa’t it der no hinne leit, sa’n 20 persint besunige troch it regear. Dat betsjut sûnder twifel dat de bydragen fan it Fûns foar boekútjeften – bydragen dy’t dochs al mei sa’n 30 oant 40 persint werombrocht binne de lêste jierren – noch fierder krimpe sille. Yn gewoane taal: der sil minder útbrocht wurde, en der sil minder kwalitatyf goed útbrocht wurde.
Poëzij útjaan is in relatyf djoere business. It boekje moat der kreas útsjen. Der moat in knap stikje papier brûkt wurde. Der wurde mar sa’n 200 stiks fan in útjefte printe. De prizen fan dichtbondels rinne omheech, in 17, 18 euro is al hiel gewoan. Mear as 100 stiks wurde der net gau fan in Frysktalige bondel ferkocht. Poëzij útjaan is foar in útjouwer dus in kulturele taak – jild wurdt der net mei fertsjinne. En it smyt wat prestiizje op, mar och wat is prestiizje yn in tiid dat dichters leger op de maatskiplike ljedder steane as de putsjeskeppers fan de wurkferskaffing?
Hoe’t it Letterenfonds ien en oar opfange sil, wit ik fansels net, mar dúdlik is dat it Fûns ek koartsje moatte sil op skriuwersbeurzen. Hielendal om’t aansens literêre festivals ek faker by it Fûns oanskilje sille foar jild. It Fûns sil op ’e nij prioriteiten stelle moatte, wat yn dit gefal betsjutte moat dat tydskriften en boekpublikaasjes wichtiger binne as beurzen.
De twadde en op langere termyn bedriigjende ûntjouwing komt fan binnenút. Dat binne de sa njonkenlytsen hieltyd opfallender mankeminten oan de literêre ynfrastruktuer te uzes. Ik tsjut hjir benammen op de literêre resepsje fan wurk. Wêr wurde de yngeande stikken publisearre, skôgings, essees, oer nij dichtwurk? Ik soe it net witte: net yn of op ensafh en net yn De Moanne yn alle gefallen.
Ensafh komt der net oan ta of lit jonge skriuwers oefenje op besprekken, en dat is fansels prima, mar it kin gjin ferfanging wêze foar de dregere skôging. Lêstlyn kaam in besprek troch Geart Tigchelaar fan de nijste bondel fan Arjen Hut foarby – in bondel dy’t nochal ôfbaarnd is troch Eppie Dam yn de LC. Dan ferwachtet de literêr ynteressearre lêzer dêr yn in literêr tydskrift dochs wat opmerkingen oer, mar nee.
Bondels moatte gauris in jier wachtsje foar't der wat mei dien wurdt. In goed foarybld is it debút fan Elske Kampen, Fan glês it brekken, sawol yn de LC as it FD bejubele. Ik ha der noch hieltyd neat fan langere azem oer lêzen yn de tydskriften. Myn eigen Sprankeskyn soe ik ek neame kinne (alfêst foar de takomstige skôger: nee, ik bin net ynienen kristlik wurden). Publisearret ensafh leaver resinsjes fan cd's? Hat de redaksje fan De Moanne besletten om mar hielendal gjin skôgjend wurk mear op te nimmen?
Bondels moatte gauris in jier wachtsje foar't der wat mei dien wurdt. In goed foarybld is it debút fan Elske Kampen, Fan glês it brekken, sawol yn de LC as it FD bejubele. Ik ha der noch hieltyd neat fan langere azem oer lêzen yn de tydskriften. Myn eigen Sprankeskyn soe ik ek neame kinne (alfêst foar de takomstige skôger: nee, ik bin net ynienen kristlik wurden). Publisearret ensafh leaver resinsjes fan cd's? Hat de redaksje fan De Moanne besletten om mar hielendal gjin skôgjend wurk mear op te nimmen?
Fansels binne der wol redenen te betinken foar de bloedearmoede fan it literêr petear. Gjin minsken, gjin goede esseeskriuwers, gjin jild, gjin romte, oare prioriteiten, ferbreding fan tydskriften, wa lêst soks noch, ensafierderhinne. Allegear wier of heal wier of in ferlechje, mar ien ding stiet as in peal boppe wetter: sûnder refleksje gjin libbene literatuer. Sûnder refleksje dy’t wat om ’e hakken hat, moat ik derby sizze. Ja, der is in sinjalemintsje hjir en in fraachpetearke dêr. Neat mis mei, mar kommentaren en skôgings dêr’t de dichter sels ek wat oan hat, in bondel of in oeuvre op 'e kop hâlde, that’s different cake. En dy cake, sa liket it, is fierhinne op.
.
zaterdag 25 juni 2011
STUDIO OUDEBILDTZIJL (10): De ijle zang van ongemak
Lies Van Gasse, Brak de waterdrager (Wereldbibliotheek, Antwerpen 2011)
Het gebruik van het persoonlijk voornaamwoord ‘men’ als ordeningsmiddel in lyrische poëzie komt sinds Gerrit Kouwenaar zo nu en dan wel eens voor, om het zuinig uit te drukken. ‘Men’ is een handige vermomming, als je eigenlijk ‘wij’ of ‘ik’ bedoelt, maar je wederwaardigheden nu eens een keertje wat breder wilt uitmeten. Laat een ‘men’ ze beleven en je gedichten worden een stuk democratischer en meer algemeen invoelbaar. De lezer krijgt door dat woordje ‘men’ de bemoedigende boodschap: dit gaat dus ook over jou.
In Brak de waterdrager schildert de Vlaamse dichteres Lies Van Gasse de ondergang van een verhouding tussen twee mensen, die eerst de passie beleefden, toen de pijn smaakten, vervolgens de zinloosheid van elkaars gezelschap als het ware uitduurden, totdat helemaal uitdoofde wat zich nog verstopt had aan smeulend vuur en het einde daar was. De summiere achterflaptekst laat niet na te vermelden dat hier een “persoonlijk verlies" van de dichter in het geding is. Het blijft vermakelijk, de paringsdans van de reclameboodschap met het leed dat iemand werkelijk geleden heeft.
Iemand, want wie, en wat, dat doet er niet toe. Men wende zich tot de tekst. In drie stromen, ‘Doorbraak’, ‘Maelstrom’ en ‘Een landschap lief’, bewegen de gedichten zich in zeewater, wandelen over stranden en begeven zich in een huisje. Het decor suggereert een oerbeweging, eb en vloed. Alsof ook de ‘men’, de ‘wij’ en de spaarzame ‘ik’ in deze teksten zo’n onvermijdelijke sequens volgen. Na opkomst volgt neergang, na de geneugten van het paradijs komt de pijnlijke menswording.
Aldus goed gekleed voor symbolisch zwaar weer, kunnen de gedichten aan de slag. ‘Doorbraak’ is een cyclus over relationele claustrofobie – twee mensen opgesloten in elkaars leven, die sneuvelen en het opnieuw proberen, maar het lukt niet:
Hier waadde men door kamers
waar koffie nog te knippen was,
de kapstok werd onthoofd,
fruit het haar niet kort droeg.
Toetsen vochten hevig
tegen een snel bewegende hand.
Men sliep met in het buitenraam
de ijle zang van ongemak.
Ook lag hier een hand op een hart
en dacht men dat dat goed was.
Van Gasse, op haar beurt, denkt genoeg te hebben aan een lange optocht van melancholieke beelden, zoals daar zijn: overdag lampen tellen, ’s avonds naar supermarkten zoeken, avonden die gedachten “als van bergkristal” brengen, een eiland dat een stratosfeer van onvermoede laagtes entert, orde scheppen in het klappen van elke hand, met gerommel het avondmaal verlaten en dagen vechten met zijn stiltes – maar is die processie genoeg?
Het tweede lange vers, ‘Maelstrom’, geeft al in de titel toe aan de uitstorting die de dichteres beoefent – maar is dat dan niet naar het leven getekend? – is een scheiding iets anders dan een stortbak verdriet met een lekkende valklep? In een stroom van kortregelige strofen gaat het van een bijbels introïtus aangaande de schaamte van Adam en Eva over in het verlies van de onschuld der jeugd en het beleven van de onstuimige hartstocht. Het is niet dat Van Gasse geen zenuwen raakt met haar taal, dat doet ze wel. Maar het gekke verschijnsel doet zich voor dat iets wat als een vloed bedoeld was, al snel vervaagt en ook de associatie oproept met kortademigheid. Een fragment:
Er werd gevochten om het ogenblik
waarop wij beseften
dat het water boven de daken stijgen zou,
er werd gedronken op een toekomst in de aarde.
Ooit waren wij stralend, rond en glad
en bijna onaantastbaar.
Er was vooral een dichte mist
die ons steeds het zicht beperkte,
en ook, woekerend,
een verlangen naar ontembaarheid.
Aan grote woorden geen gebrek, alleen al uit deze paar regels pik ik op: vechten, beseffen, vloed, verdrinken, onaantastbaar, woekering, ontembaarheid. Dat is veel. Het staat allemaal ook zo dicht op elkaar. Een variatie op het gezegde dat het water je aan de lippen staat, het “gedronken” dat in feite verdrinken is, de toekomst in de aarde, die dus geen toekomst is, en dan ook nog een “dichte mist”, die zó dicht is dat-ie dubbelop “ons steeds het zicht beperkte”.
Als lezer voel je wel aan wat Van Gasse wil met haar gedicht. Maar je denkt, moet dat nou allemaal, zo hevig en recht voor z’n raap?
Want op een of andere manier gaat de veelheid hier te vaak niet gepaard met indringendheid. Vele handen maken licht werk, maar ze hebben wel een opzichter nodig, die structureert en dwingt tot doelmatigheid. Dat gemis voelde ik eerst niet in het laatste gedicht, de cyclus ‘Een landschap lief’. Hier een verdeling in een ‘wij’, die op de linkerpagina’s in introvert proza mag spreken, en een ‘ik’ op de rechterpagina’s die lyrisch een ‘liefste’ adresseert. Ze doet dat met ‘Wat zeg ik toch’-constructies, steeds in de eerste en laatste regels van de gedichten. Ook hier gaat het met rasse schreden naar de ondergang:
Wat zeg ik nu, liefste, zo’n avond
waarop we bloemen laten in de achtertuin,
de zon haar ondergang afkondigt en de gevel zwijgt.
Hier sterft op het grasveld een zwaan.
Twijgen wiegen, wij staan verdwaasd
als diep in elkaars afgrond
en zacht, wat zeg ik toch, liefste.
Maar bij nader inzien gaat ook deze cyclus gebukt onder beelden die te zeer op zichzelf vertrouwen en te weinig op groei door geduld, beperking en samenwerking. Bovenstaand gedicht stipt veel aan, maar laat na om uitwerking of verrassende taal te brengen. Een ‘zon die haar ondergang afkondigt’ zou wellicht niet misstaan in een heldenepos, waarin het zou zijn omringd met nog veel meer retorisch geweld – in zo’n beperkt gedicht als dit raken de overige regels al snel verschroeid.
Als Van Gasse de maalstroom verlaat, belandt ze soms in keurslijven waarvan haar vondsten (bloemen laten in een achtertuin, bijvoorbeeld) te lijden hebben. Omdat er niets mee wordt gedaan, valt het des te meer op dat ze vreselijke clichés pal naast zich moeten dulden (een zwaan die op een grasveld sterft, bijvoorbeeld). Zelfs als laatromantische ironie is dat wat teveel van het goede.
Dichten, net als liefhebben, is water naar de zee dragen. De zee die alleen materie die licht en dicht en hard genoeg is, laat drijven.
Tim jout konsert yn Harmony Ljouwert
Op freed 28 oktober sille de jonge talinten Tim de Vries (10) en Boglárka Erdös (14) in dûbelkonsert jaan yn de Harmony yn Ljouwert. It is in optreden yn it ramt fan de lunsjkonserten fan de Harmony. Tim en Boglárka spylje beide fioele en binne learlingen fan de Academie Muzikaal Talent yn Utert.
Tim de Vries sette út ein mei fioellessen oan muzykskoalle Fluxus yn Zaandam by Sandra Wallner. Op 8-jierrige leeftyd wûn er mei in duet in 3e priis op it Jan Pasveer Concours 2009. In jier letter waard him in 2e priis takend op it Jan Pasveer Solisteconcours 2010. By it Nasjonaal Concours fan de SJMN 2010 krige er in 2e priis en in priis foar de bêste útfiering fan in Nederlânske komposysje. Tim hat optredens jûn yn ûnder mear Zaandam, Oostzaan, Krommeniedijk, Wormerveer, Voorburg, Maassluis en Sint Jabik. Syn fioeldosinte is Liesbeth Ackermans. Hy spilet op in Wilhelm Paul Kunze-fioele (De Haach 1930) yn brûklien fan it Nationaal Muziekinstrumenten Fonds. Yn septimber sil Tim solearje mei it Noordhollands Jeugdorkest yn in útfiering fan Tchaikowsky’s ‘Méditation’ yn it Zaantheater yn Zaandam.
Boglárka Erdös begûn mei fioelspyljen doe’t se 4 jier wie. Fan 2003 ôf studearre se by Joyce Tan oan de ôfdieling Jong Talint fan it konservatoarium yn Amsterdam. Yn oktober 2008 waard se talitten ta de Academie Muzikaal Talent by Ilona Sie Dhian Ho. Sûnt oktober 2010 studearret se by Alla Kim. Fan 2008 ôf hat Boglárka oan ûnderskate kursussen meidien, ûnder mear it Mozarteum yn Salzburg by Dora Schwarzberg en it International Music Seminar yn Dubrovnik by Violeta Smailovic. Yn febrewaris 2010 wûn se in earste priis op it nasjonaal konkoers Iordens Viooldagen.
Oer de lunsjkonserten:
Het gratis lunchconcert is inmiddels een gekoesterde traditie in De Harmonie. In een prettige, ontspannen sfeer kunt u onder het genot van een broodje, een kopje soep en een drankje genieten van prachtige muziek. De optredende jonge musici zijn veelal winnaars van concoursen in Nederland of daarbuiten. Dankzij de lunchconcerten kunnen zij podiumervaring opdoen. Als extra stimulans worden de optredens beoordeeld door het publiek en een jury. De winnaar ontvangt uit handen van de vereniging De Vrienden van De Harmonie de award ‘De Zilveren Vork’ en een geldprijs. De namen van de musici vindt u kort voor de concertdatum op onze website: www.harmonie.nl. De overige lunchconcerten zijn op vrijdag 25 november, vrijdag 27 januari, vrijdag 24 februari en vrijdag 30 maart.
Tim de Vries spilet Schubert yn de Groate Kerk fan Sint Jabik:
Tim de Vries sette út ein mei fioellessen oan muzykskoalle Fluxus yn Zaandam by Sandra Wallner. Op 8-jierrige leeftyd wûn er mei in duet in 3e priis op it Jan Pasveer Concours 2009. In jier letter waard him in 2e priis takend op it Jan Pasveer Solisteconcours 2010. By it Nasjonaal Concours fan de SJMN 2010 krige er in 2e priis en in priis foar de bêste útfiering fan in Nederlânske komposysje. Tim hat optredens jûn yn ûnder mear Zaandam, Oostzaan, Krommeniedijk, Wormerveer, Voorburg, Maassluis en Sint Jabik. Syn fioeldosinte is Liesbeth Ackermans. Hy spilet op in Wilhelm Paul Kunze-fioele (De Haach 1930) yn brûklien fan it Nationaal Muziekinstrumenten Fonds. Yn septimber sil Tim solearje mei it Noordhollands Jeugdorkest yn in útfiering fan Tchaikowsky’s ‘Méditation’ yn it Zaantheater yn Zaandam.
Boglárka Erdös begûn mei fioelspyljen doe’t se 4 jier wie. Fan 2003 ôf studearre se by Joyce Tan oan de ôfdieling Jong Talint fan it konservatoarium yn Amsterdam. Yn oktober 2008 waard se talitten ta de Academie Muzikaal Talent by Ilona Sie Dhian Ho. Sûnt oktober 2010 studearret se by Alla Kim. Fan 2008 ôf hat Boglárka oan ûnderskate kursussen meidien, ûnder mear it Mozarteum yn Salzburg by Dora Schwarzberg en it International Music Seminar yn Dubrovnik by Violeta Smailovic. Yn febrewaris 2010 wûn se in earste priis op it nasjonaal konkoers Iordens Viooldagen.
Oer de lunsjkonserten:
Het gratis lunchconcert is inmiddels een gekoesterde traditie in De Harmonie. In een prettige, ontspannen sfeer kunt u onder het genot van een broodje, een kopje soep en een drankje genieten van prachtige muziek. De optredende jonge musici zijn veelal winnaars van concoursen in Nederland of daarbuiten. Dankzij de lunchconcerten kunnen zij podiumervaring opdoen. Als extra stimulans worden de optredens beoordeeld door het publiek en een jury. De winnaar ontvangt uit handen van de vereniging De Vrienden van De Harmonie de award ‘De Zilveren Vork’ en een geldprijs. De namen van de musici vindt u kort voor de concertdatum op onze website: www.harmonie.nl. De overige lunchconcerten zijn op vrijdag 25 november, vrijdag 27 januari, vrijdag 24 februari en vrijdag 30 maart.
Tim de Vries spilet Schubert yn de Groate Kerk fan Sint Jabik:
dinsdag 21 juni 2011
Simmer yn Fryslân
About a year has passed. I’ve returned to
the place of battle, to its birds that have
learned their unfolding of wings from a subtle
lift of a surprised eyebrow (..)
Joseph Brodsky
I
No’t it hûs wer leech is en de lêste gast fertrokken,
sykje ik myn hoeke op ten finale ronde. Tusken
âlde dreamen, fan in lytse swarte of in foarse
blonde, sammelje ik de fleskes, plúzje
apenútsjes út de flierbedekking, slikje my it bloed
fan ’e tosken en doch mei tsjinsin de ôfwask.
De radio – wa hat thús noch in radio? –
jout Judith Fledderus & Soel kado,
mar hee, kultuer is net fergees. Wurdt djoer betelle
mei in protte gefoel. Moat ik my foarstelle?
Tra-la-la, yn in min ôfrinnend ferhaal behelle.
II
It húske dêr’t eartiids in mûne it weet mealle
is mei Google Earth wol te finen. Neat
sil der fan oer, de strjitte achter de slieperdyk
smyt in hjoeddeisk nachtlûd op. Frijende
buorren, in gearspannen fan katten achter it âlde-
krantehok. Mar ik wol net fan spinnen beset –
Besprek leaver de foars en tsjins
fan de leafde en in te min foar de mins,
jou de sike salve foar syn eagen,
de lamme in bêd, de bline in leagen
en my in opstân yn myn eigen minstearje.
III
Langlyntaal fan Sijke-bep, “aal in tee familie”,
dat wie dus Archie Bunker. Familyheld fan it
ferseine lân dat simmers in sik yn brân bloeit,
reade gloede oer de hagen, foar eerbaaiers,
net fan it leauwich slach, lykas yn Aldsyl,
mar dizzen stutsen pleatsen yn ’e fik. United
States, sykje wurk, fine neat, wurde leadsjitter
(do wurdst noait sa âld en bitter,
dyn lea hâldt soks net út). Is dat dan folkloaretaal,
as de sinne noch krekt ien minút fataal
oer de dyk hinne yn skaden praat? Fenomenaal.
IV
Guon foto's yn in boek soest dy op fiksearje wolle.
Hoe’t it folk yn in doarpshûs fergearre
om gean te litten in leave deade en om har weiglide
te witten. Al dy hillige klisjees, it is in sykjen om treast.
Skûlje mar by my, en nei ferrin fan jierren
ferbleke en ferblikke jim yn ’e dize.
Want in plaatsje fan in foto sit der net by.
Allinnich dy iene, dy aldermoaiste fan dy.
It skip fan Doeksen soe de haven út, nei Skylge,
nei ferjitten muoikes en omkes silliger,
de hûd noch jong, it ljocht noch net ferwylge.
V
No’t it hûs wer foar my allinnich is, sûzet
de kompjûter: “Noait saait bûten alle
proporsjes bûten in fjoerpylk del”. Net té
nuver yn in simmer, dy’t, as in echte simmer,
waarmer wurde sil as de foarige. Minder
gaskosten en miskien ek it ljocht foardeliger.
It komt út net te bedjipjen fiere fierten
en fan tichtby wei: it stomme net-witten
wat no krekt, al foar de fal, tusken ús yn stie.
Om in appel en in slang, om’t it duende hie,
dat it foar altyd en sa, foar altyd ensafh wie.
VI
Lêste notysjes yn in Spaansk benaud skrift.
Motflinter slacht de lampe út. Ferline kin mar better net
ûntsifere. Knyp ik de eagen ticht, sjoch ik
nuvere foarmen wrakseljen mei foarsisbere kleuren.
In doarp fierder is de dei dan goed ferrûn. Myn hûs
lekt net mear. Geanders yn ’t keukensfinster
ha ik ta yn ’e dea ferslein mei kofjegrom,
giftige rigels en in protte rommeldebom.
Sjoch, it is in spultsje fan neat. Ofstofje, in wask of trije.
Hast soe ik ferjitte – mar ik soe bidde oan Marije –
hoe’t se hjitte. Of soe ’k it freegje oan Freya?
VII
De kikkerts yn ’e sleat kinne it net útlizze.
De kist yn ’e sliepkeamer sit gjin slot mear op.
De fûgel yn ’e koai sjocht it fan boppe
mei in glimk oan en de glêssetter komt
moarn om net telider of tepletter. En nee,
ik wol gjin gedonder mear oan ’e holle.
Se sizze, yn tongerloften sjit it alle kanten út
mei dy. Nei it hegere, it legere en nei it einbeslút.
Achter de ruten giselet it troch de glêzen.
Gjin tiid genôch mear om min nijs te lêzen
oer in ingelachtich wêzen.
VIII
Harkje goed… Hearst de mealbalken brekken?
Muorren troch knibbels gean, fermôge hout
ûnthurdzjen ta brúnweakke bôle? Borrelglêzen
ferwaaie Simmer yn Fryslân oer, as op in eilân stosân.
Alles wat freget om better, freget fergees.
De Langhústerdyk is ticht en op ’e Oasthoek
sil snackbar “Het Amsterdammertje” –
goede hamburgers – om syn klinte jammerje.
Moarnier freget de wyn wer oan buormans karrehûnen
om te koarkesjongen. It is noait te betiid om in wûne
te koesterjen op it plak fan in ôfbrutsen mûne.
IX
Wannear sille ek dizze huzen fuort,
wannear komme ek hjir de jonges fan de frije slach
mei harren sloophammers en stoarmrammers en oare
wapens fan krimp en ferjit? En wat him net fêstspikere
of ôfbûn of ophongen fange lit, sil it noch
azem ha om oer de lannen út te blazen?
Dêrom nim ik hastich mei wat ik fyn
oan leaf, oan moai, oan genôch miskien,
en ik pak it yn. Net om der mei foar de kreamen,
mar om it te noedzjen, foar alle tiden oan de seamen
fan in te hege see in pear lêste dreamen.
20 juny 2011
zondag 19 juni 2011
Oboal om fuort en werom
1
Hadrianus en heit
De likenis fan de hadrianus en de heit
fertelt oer kowehûden en sestertiën.
Sa lang al is it stil oan tafel.
Sa lang al wikselje wy in wurd.
Foar dy nim ik it Freulehorloazje mei
dat ik noch wol earne ha, myn prizen,
tsjelken, drinkbekers fan Van Idsinga,
de hiele rotteplan, plus in pear gewoane
Fryskichheden, lykas dat it dien wie
mei de boer en de fisker en de ljippen
en de priiskeatserij. Dat it skoskerinnen
mei dy derby my stikken better ôfgie.
Ut it âld Frysk Museum nim ik mei
in oboal om werom, fuort fan de Frisii.
Dan romje ik út myn hok en hûs
it wurd “ûndergong”, it wurd “iensum” –
Rome sil út nijbouplannen ferrize,
mar foar it hoedzjen fan wat nachts lyts
de wrâld út ’e wei noch wekker leit,
heit, jou ik dy de geefste hadrianus mei.
2
Audwulf Frisia
“Sieltsje, swalkerke, moaipraterke,
útfanhûzer en maat fan it liif,
wêr silst nei dyn flaterke hinne?
Nei in tsjustere, kâlde en dizige oarde
en grapkes silst net mear meitsje kinne.”
De ien krijt rigels, rym en roem, de oar
fiif munten en gjin wurd op papier.
Wat jout men in fertsjusteremoanne
broer fan Beowulf en Gerulf
dan mei op syn lêste reis?
‘Auda’ betsjut lokkich lot. Dus gouden
riders, ringen, spjelden, hingers? Gjin
Moles Hadriani oan de Tiber,
yn it ûnthâld fan seelju en keaplju,
gjin ingeleboarch of in Pons Aelius.
Op syn bêst in stikje yn ’e krante,
útknipt en yn in ordner bedarre,
ornearre om te lêzen as it reint
en as der wer in ferwinske kening
weiwurdt yn in ûnberikbere provinsje.
3
3
Wyldejacht op in artefakt
Dyn lêste kâns om krinten te weagjen
en dyn jierren te splissen
en dyn jierren te splissen
komt mei it waarme simmerfront.
Balstjurrige wolken. Rein op komst.
Alles wat sein is op in skaaltsje,
ek it sierstik fan gouden filigraanwurk,
mei reade almandyn ynlein; it weaget
deryn foar in oarloch oan it swurk.
De reiden binne dyn wapens, wachtsje
op it fûgelteken fan de ferstruiïng.
Boppe de bûtlannen fan Terpstra
dogge myn tolf wyldejachthynders
ek al frijwat – of heit, wolst noch fjochtsje
tsjin it
.
STUDIO OUDEBILDTZIJL (9): Een onredbare binnenband
Piet Gerbrandy, Smijdige witheid. Een vertroosting (Uitgeverij Contact, Amsterdam 2011)
http://www.decontrabas.com/
http://www.decontrabas.com/
Wat is, in poëtische zin, de zin van imitatie? Piet Gerbrandy (1958), behalve dichter en recensent ook docent Latijn aan de Universiteit van Amsterdam, werpt die vraag op met zijn hybride ‘dichtbundel’ Smijdige witheid. Een vertroosting.
Want wie vertroosting zegt, zegt Boëthius. Net als diens hoofdwerk De consolatione philosophiae (Over de vertroosting der filosofie) bestaat de vertroosting van Gerbrandy uit een mengeling van tekstsoorten. Proza, brieffragmenten en poëzie – koorteksten zo u wilt – wisselen elkaar af. Terecht wijst de uitgever op de “ogenschijnlijke experimentele vorm” van deze nieuwe bundel, een en ander werd immers al zo’n 14 eeuwen geleden gedemonstreerd.
Imitatie dus, of met een deftiger woord, imitatio, maar waarom? Zijn de tijden van de zesde-eeuwse Boëthius, die zijn wereld tenonder zag gaan aan barbarij, vergelijkbaar met het Nederland van Geert Wilders? En is het daarom zinvol om de in de Renaissance zo veelvuldig toegepaste navolging van de klassieken na te volgen? Dat zal het niet zijn geweest; Gerbrandy mag als classicus wellicht gefascineerd zijn door zulke historische parallellen, er is in zijn bundel niets dat een commentaar wil zijn op de tijd waarin wij leven.
Een dichter als Joseph Brodsky had alle reden om zich voor zijn eigen werk in de literatuur van de klassieken onder te dompelen. Het Rusland van na Stalin had in zijn ogen een renaissance nodig om de culturele verbinding met West-Europa te herstellen; zijn poëzie is in dat opzicht een poging tot wedergeboorte en restauratie in één. “Italy was a revelation to the Russians; now it can become the source of their renaissance,” schreef hij – om nog even op dit zijpad te blijven – kort voor zijn dood aan de burgemeester van Rome, toen er sprake van was dat in die stad een Russische Academie zou worden opgericht.
Het raadsel waarom Gerbrandy zijn vertoog over de liefde “en de onmogelijkheid die adequaat onder woorden te brengen” (Uitgeverij Contact) kleedt in een zevental nogal stijve en formalistische prozateksten die de stijl van het klassieke filosofische discours willen imiteren, is niet zomaar op te lossen. Een andere verklaring zou kunnen zijn dat er in het leven des dichters een ramp gebeurd is die zich laat vergelijken met de bloedige komst der barbaren in het laat-Romeinse Rijk. Of Gerbrandy houdt gewoon van spielerei en verblijft nu eenmaal graag in het gezelschap der groten van toen. Dat laatste zal het zijn.
Een “ragfijn, meerstemmig onderzoek” (Uitgeverij Contact) heb ik evenwel niet gelezen. Wel een bundel die moeizaam zoekt naar een vorm en dus een reden van bestaan. Wel taal die na een paar alinea’s al mateloos irriteert vanwege haar zelfgenoegzaamheid, of misschien beter: haar kadavreus riekende zelfbewustzijn, dat zich nu eens uit in doelloze wijdlopigheid, dan weer in artificiële exactheid of er-niet-toe-doendheid, om uiteindelijk te sneven in overbodige precisie:
Wanneer we lopen gaan we ergens naar toe. Althans we bewegen ons voort door de ruimte en hebben tenzij het stikdonker is steeds iets om naar te kijken. Bovendien zijn er altijd obstakels te vermijden of te overwinnen. Sloten of struikgewas. Prikkeldraad en blinde muren. Drempels en deuren en rails. Hier en daar een loopgraaf of een slagboom. Je moet je gedeeltelijk richten op de omgeving. Je mag de eventuele weg terug niet vergeten hoe lang en verwarrend hij ook is. Hoe dan ook komt er meestal een moment waarop je een richting moet kiezen. Dat geeft afleiding.
Waarna nog een samenscholing volgt van variaties op wat twee mensen zouden kunnen doen, of denken, of niet doen, en niet denken, als ze samenliggen. “Tenzij je gaat vrijen is er weinig afleiding maar kun je vrijen nog liggen noemen. Is vrijen niet eerder een gaan.” We zullen het nooit weten. Elders in de bundel is de geliefde vertrokken, hoe dan ook is er afscheid genomen. Gerbrandy schrijft dan doodleuk: “Mijn fiets heb ik moeten achterlaten. Hij had mij vele jaren trouw gediend maar het was niet meer op te brengen. Forse slagen in beide wielen. Een onredbare binnenband.” Dat alles het bekende gezegde indachtig: op een oude fiets moet je het leren?
Zo’n banaliteit wordt dan een tekst later gevolgd door een beschouwing over onder meer perfect sluitende syllogismen en de parallellen tussen de “welgeronde bol” van Parmenides en het wit om gedichten heen. Het leidt tot verbijsterende inzichten als: “Het gedicht dat wij vormen is ondenkbaar zonder het wit eromheen.” En dat is dan ook weer van toepassing op geliefden.
In de enkele gedichten die hier een daar in de teksten zijn geplaatst, waarin op de van Gerbrandy bekende wijze geen cliché het overleeft, loopt niet zozeer de schokkende originaliteit van deze almaar nieuwe taal spuitende dichter in het oog, maar eerder is het zijn nooit aflatende en voor deze lezer althans nogal vermoeiende zoeken naar een nét even iets andere en het liefst nog een beetje kortere formulering:
Vijf snaren vergen ongebroken vingers.
Mijn woorden zoeken oren die ze passen.
Waar vind ik de sleutel om dit vel te spannen?
Mijn tokkel biedt een bodem voor jouw swing.
Poëzie moet, eis nummer één, ontroering of toch minstens beroering teweeg brengen in het gemoed van de lezer. Of Gerbrandy zich daar met Smijdige witheid schuldig aan zal maken, valt ernstig te betwijfelen. Eerder zeg ik het de would-be Socrates van de afdeling ‘Fluisterende lippen’ na: “De slotsom moet zijn dat u mij vrijspreekt.”
Geef mij dan maar de poëzie van de Nederlandse Boëthius-vertaler Willem Bilderdijk in zijn ode aan Napoleon:
Van hier, ô gy, vermeetle slaven,
Die nabootst wat gy niet gevoelt!
Die meent ten wolken op te draven,
Terwijl ge in slijk en modder woelt!
Wat zoudt gy Heldendaden zingen,
Die ’t Heldenhart niet door kunt dringen?
Die niet van eigen vlammen blaakt?
Neen, d’ aardschen dampkring uitgeschoten,
Die nabootst wat gy niet gevoelt!
Die meent ten wolken op te draven,
Terwijl ge in slijk en modder woelt!
Wat zoudt gy Heldendaden zingen,
Die ’t Heldenhart niet door kunt dringen?
Die niet van eigen vlammen blaakt?
Neen, d’ aardschen dampkring uitgeschoten,
Het aardrijk met den voet te stooten,
Zie daar, het geen den Dichter maakt!
Zie daar, het geen den Dichter maakt!
19 juni 2011
vrijdag 17 juni 2011
Pardon my French
1
Utliend
Taal is gjin medium.
Taal is in jonkje fan 10 op fioel.
It is in jonkje fan 9 dat seit:
“Papa, je moet komen,
het is buitengewoon zonnig in Zaandam.”
It is in famke fan 8,
se sil nei de stjerren ta yn in sjitstoel.
It is in famke fan 7,
planeten ite út har hân.
Taal is in heit fan 6,
hy snoarket en sliept djip fannacht.
Sûnder namme wol in mem fan 5,
fertriet en safolle leafde yn it liif.
Gelyk hat in beppe fan 4, dy’t seit:
“Abe, moatst ris hearre,
taal kin net stjerre.”
Wiis is in pake fan 3:
“Taal is in neibliuwer,
in strykjildskriuwer.”
Tûk in oerpake fan 2:
“Taal, bêst jonge, fan wa?”
Ferstoarn is in oerbeppe fan 1.
Se song.
Har healsliten ark hat my te lien.
2
Mei tiid te min
Wat soest my jaan, steande yn it weetfjild fan myn jierren,
as ik de roeken net klimmen sjen koe ûnder de blauwe loft
en de seedyk lei net om my hinne, en alles wat kearing is
wachte op de klokslach fan in nije grammatika
en as Douwe de baargen net yn ’e griper hingjen sjen wol,
seit syn heit, sil er der hurder oan lûke moatte as ferline jier
en de terskers binne in fjild fier fuort, it is in kwestje fan tiid
mei tiid te min om de ferliezen te heinen, fierstente min
sinne op ’e bealch maat, do moatst dy opskerpje, it is simmer
earst, letter kinst noch bûge foar it waaien en in reis begjinne
asto de leafde net hiest
3
It oerset
Abe de Vries (1904-1996)
Elke reis begjint oait, ergens. Dizze begûn yn Bitgum
yn 1870, ik nim oan mei in frij houlik, doe 9 bern mar 4 dea.
Eins seit dat alles. Wa wit it adres net fan it fertriet?
Seit de boadskipper, net de makker:
"Folle letter wie der in hynder-en-wein tippel
nei Kingmatille op Alde Maaie,
mar wat jier krekt, leit yn ’t kanaal.
Foar al wat ûnderweis is nei syn skepper
by nacht fart dêr in pontsje fan wâl nei wâl,
oant deibegjin wer rauwe molke bringt,
in kertierke slaanderij en in swiersettige laits,
moed sammelje foar it hûnefretten.
Pardon my French.
Foarútgong? Hoe hâldt in minsk it 91 jier lang fol?
Libben dreech, grapkes licht en altyd sjonge
fan Nikkelen Nelis en héla Minekes de Orgelman.
Oproppe op boelguodden.
Opsnije yn boppesealtsjes fol strykjildskriuwers.
Ferjit net: yn my koe it wurd skûlje en wie it feilich.
Komelker, ierdappeldoller, bôlesuteler,
lytse man mei grutte stim,
smoutprater oan elk syn doar,
smookte Van Nelle swiere shag en Agio's minne sigaren
fan bêste keardels, kroechbaas, menhear notaris!
En de earderen, mei de âldere papieren,
panderje al nei it oerset om dy oan te sizzen:
dichters binne opfolgers, do bist ús opfolger, hjir hast de brot."
*
Ja, dat sil allegear wol, pake, mar hoe moat it dan
no’t de –
.
Utliend
Taal is gjin medium.
Taal is in jonkje fan 10 op fioel.
It is in jonkje fan 9 dat seit:
“Papa, je moet komen,
het is buitengewoon zonnig in Zaandam.”
It is in famke fan 8,
se sil nei de stjerren ta yn in sjitstoel.
It is in famke fan 7,
planeten ite út har hân.
Taal is in heit fan 6,
hy snoarket en sliept djip fannacht.
Sûnder namme wol in mem fan 5,
fertriet en safolle leafde yn it liif.
Gelyk hat in beppe fan 4, dy’t seit:
“Abe, moatst ris hearre,
taal kin net stjerre.”
Wiis is in pake fan 3:
“Taal is in neibliuwer,
in strykjildskriuwer.”
Tûk in oerpake fan 2:
“Taal, bêst jonge, fan wa?”
Ferstoarn is in oerbeppe fan 1.
Se song.
Har healsliten ark hat my te lien.
2
Mei tiid te min
Wat soest my jaan, steande yn it weetfjild fan myn jierren,
as ik de roeken net klimmen sjen koe ûnder de blauwe loft
en de seedyk lei net om my hinne, en alles wat kearing is
wachte op de klokslach fan in nije grammatika
en as Douwe de baargen net yn ’e griper hingjen sjen wol,
seit syn heit, sil er der hurder oan lûke moatte as ferline jier
en de terskers binne in fjild fier fuort, it is in kwestje fan tiid
mei tiid te min om de ferliezen te heinen, fierstente min
sinne op ’e bealch maat, do moatst dy opskerpje, it is simmer
earst, letter kinst noch bûge foar it waaien en in reis begjinne
asto de leafde net hiest
3
It oerset
Abe de Vries (1904-1996)
Elke reis begjint oait, ergens. Dizze begûn yn Bitgum
yn 1870, ik nim oan mei in frij houlik, doe 9 bern mar 4 dea.
Eins seit dat alles. Wa wit it adres net fan it fertriet?
Seit de boadskipper, net de makker:
"Folle letter wie der in hynder-en-wein tippel
nei Kingmatille op Alde Maaie,
mar wat jier krekt, leit yn ’t kanaal.
Foar al wat ûnderweis is nei syn skepper
by nacht fart dêr in pontsje fan wâl nei wâl,
oant deibegjin wer rauwe molke bringt,
in kertierke slaanderij en in swiersettige laits,
moed sammelje foar it hûnefretten.
Pardon my French.
Foarútgong? Hoe hâldt in minsk it 91 jier lang fol?
Libben dreech, grapkes licht en altyd sjonge
fan Nikkelen Nelis en héla Minekes de Orgelman.
Oproppe op boelguodden.
Opsnije yn boppesealtsjes fol strykjildskriuwers.
Ferjit net: yn my koe it wurd skûlje en wie it feilich.
Komelker, ierdappeldoller, bôlesuteler,
lytse man mei grutte stim,
smoutprater oan elk syn doar,
smookte Van Nelle swiere shag en Agio's minne sigaren
fan bêste keardels, kroechbaas, menhear notaris!
En de earderen, mei de âldere papieren,
panderje al nei it oerset om dy oan te sizzen:
dichters binne opfolgers, do bist ús opfolger, hjir hast de brot."
*
Ja, dat sil allegear wol, pake, mar hoe moat it dan
no’t de –
.
donderdag 16 juni 2011
KOLLUM (2): Ensafh? Tiid foar in evaluaasje
It is – hielendal yn dizze kultureel ûnlijige tiid mei syn absurde besunigingen – spitich om sjen te moatten hoe’t in ynternetblêd, dat mei troch jins tadwaan ta stân komme koe, sa súntsjeswei ferwylget, fertoarket, út himsels yn ’e hoeke stean giet as der wat te rêden is en it der ek fierder mar wat op oankomme lit, ynstee fan stevich de leie te nimmen, it paad skjin te feien en in rjochting te wizen.
Ik ha it oer ensafh. Ensafierderhinne, undsoweiter. Wat yn 2009 ûntstie as in kâns, de fúzje fan it papieren Hjir en it doe al heal papieren, heal digitale Farsk, hat net earlik brocht wat derfan ferwachte waard: in nije ympuls, in sterkere basis foar de fernijing fan Fryske literatuer. Eins it iennichste werklik nije ûnder de sinne fan ensafh is dat der no, einlings, dêr wie it wachtsjen op, dêr hat elk fan dreamd, in redaksje fan in literêr blêd bestiet mei de fjildbesetting fan in fuotbalteam op oarlochssterkte. De heale Fryske literatuer is wilens redaksjelid.
Ynput genôch, soe men sizze, mar lykwols is de output sunich, om net te sizzen suterich. Op it mêd fan multymedia set ensafh amper wat út ’e wei. Gjin ferkeard wurd oer de skriuwersfilmkes fan Marc Kooij, mar de digitale wrâld is de lêste tsien jier wol grutter wurden en dêr is op ensafh neat fan te fernimmen. Foto's? YouTube-registraasjes fan optredens? Foardrachten? Men siket it fergees. De belangrykste reden om sa út en troch dochs efkes op de hiemside www.ensafh.nl te sjen, is de rubryk mei links ‘Blogfragminten’. Moai ek, dat noch fan Farsk oerbleaun binne de rubriken ‘Teleks’ en ‘Aginda’.
Mar by in literêr magazine op ynternet giet it fansels benammen om de primêre en sekundêre literatuer. Hoe stiet it dêr mei? Net om oer nei hûs te skriuwen, is it antwurd. Eins it iennichste ferheugjende ûnderdiel is de rige fraachpetearen fan Hedwig Terpstra, al soe my in wat mear krityske en djipdollender beneiering leaver wêze.
Proaza is altyd dreech te besetten, dat dêr hoege de measte wurden net oan smoarch. Mar as de ôfdieling poëzij op de ynternetsite de werklike stân fan saken yn de Fryske poëzij wjerspegelje moat, dan is der dochs wat nuvers oan de hân mei dit, nei eigen sizzen, blomlêzend tydskrift. Ik ha de nûmers 40 oantemei 50 der op neisjoen. Fan de 28 pleatste fersen wiene mar leafst 13 skreaun troch Piter Boersma, haadredakteur, en syn maat en hofleveransier Anne Feddema. Oare redaksjeleden tekenen foar fjouwer fersen.
Dúdlik is dat de poëzij op ensafh swier linet op de eigen slachskipsbemanning. Wat fansels fragen opropt, yn alle gefallen oer de represintativiteit fan it op ynternet publisearre wurk, mar ek oer it kritysk fermogen fan de redaksje sels. Hat noch noait immen tsjin Piter Boersma sein dat syn jongste ferskes gjin gedichten binne, en ek net nijsgjirriger wurde as jo der in oare namme foar betinke? Of is dêr yn de folksgearkomste dy't sa'n redaksje-oerlis wêze moat, gjin gelegenheid ta?
By ‘Kollums’ is it inselde soart ferhaal. Tweintich fan de 31 kollums kamen fan eigen redakteuren, dy’t – mar dat kin in kwesty fan smaak wêze – net altyd like nijsgjirrige teksten hiene. Der is gjin fokus te ûnderskieden, gjin ferdieling en gjin belutsenens op de aktualiteit, noch op literêre strideraasjes, der is bin ik bang hielendal gjin kollumbelied, wol hobbyisme, en dat is spitich. Hielendal no’t de politike werklikheid fan kulturele kealslach net mear oer de holle sjoen wurde kin, soe krekt hjir de striidbile út it keukenskastje tefoarskyn komme kinne.
Ien en oar is namste opfallender, om’t it mei it papieren blêd sa min der noch net foar stiet. Al hat ensafh ek hjir syn útfallen, it jongste nûmer bygelyks is oer alle boegen nijsgjirrich en fan heech nivo. Moai dat de redaksje jongere skriuwers as Sigrid Kingma en Geart Tigchelaar besprekke lit. Gewicht yn ’e skaal leit Janneke Spoelstra, mei in trochtimmere essay oer de betide fersen fan Rixt. It wachtsjen is op ris in temanûmer, dat bygelyks kombinearre wurde kinne soe mei in literêre jûn yn de Bres.
Mar ensafh op ynternet? Dat moat hurd oars. Mei tsien m / f yn 'e redaksje moat der dochs omraak raak sketten wurde kinne?
Mar ensafh op ynternet? Dat moat hurd oars. Mei tsien m / f yn 'e redaksje moat der dochs omraak raak sketten wurde kinne?
.
Abonneren op:
Posts (Atom)