zondag 27 november 2011

Moarn yn it Friesch Dagblad: Literêre reis yn in Switserske postbus nei Swarte Haan en Paesens-Moddergat

Moandei yn it Friesch Dagblad in ferslach fan de literêre reis, ôfrûne sneontemiddei, nei Swarte Haan en Paesens-Moddergat. Nei de lûden en wurden fan Tsjêbbe Hettinga, Sytse Pruiksma, Albertina Soepboer, Jan Kleefstra en Anne Chris Bakker:

"'Tsjin de wyn fan de see yn roppe wylpen de dei út ’e nacht tefoaren,' ymprovisearre dichter Tsjêbbe Hettinga yn it smûke restaurant op Swarte Haan. It ympresjonisme fan Hettinga syn as oanspield wrakhout opfandele see-, wyn- en ljochtwurden mong him like natuerlik as it gean en kommen fan it waadwetter mei de fûgellûden dy’t perkusjonist en komponist Sytse Pruiksma út allerhanne ynstreminten en ridskip tovere."

vrijdag 25 november 2011

KOLLUM (22): Dy't de oar it earst ferjout, hat wûn

Leave minsken, sa’t jim witte komt de ein fan it jier deroan. Tiid om te sjen wat de altyd mar trochtikjende klok ús brocht en nét brocht hat.

Tiid ek om ús eigen plak yn it grutte ferbân fan de dingen mei wat mear ôfstân te skôgjen, miskien om ús sels gelokkich te priizgjen mei wat wy goed dien hawwe, miskien om ferjouwing te freegjen oan ús neisten foar wat wy net goed dien hawwe.

Sis mar gerêst: foar wat wy grandioas ferknald hawwe. Ferknald, miskien om’t wy gjin oare wei seagen. Of de oare wei wol seagen, mar net doarden te rinnen. Of miskien boeide it ús efkes net oft wy wol etysk en yn de geast fan de hillige skriften hannelen. Om’t wy gjin hope mear hiene: de hope, dy’t de hegere machten ús bytiden ynflústerje, mar bytiden ek likehurd wer útflústerje.

Ferjouwing. Is it in yngewikkeld spultsje? Wolnee. Dy’t de oar it earst ferjout, hat wûn. Dy moaie rigel stiet yn neon te lêzen op in tsjerke yn Ljouwert.

Jo kinne der stúdzjes oer lêze, jo kinne Life of Brian nochris wer yn de dvd-spiler triuwe, jo kinne der fromme praatsjes oer hâlde tsjin oaren, jo kinne der in eigen slinger oan jaan sa’t it jo past, mar wêr’t it op oankomt is dat jo sels earne oerhinne stappe.

Net om’t noait bard wêze soe wat bard is, mar om’t jo as minske fierder ljeppe kinne as de pols fan jo eigen egootsje lang is. Net om foar jo sels in nij begjin op in stik wyt papier mooglik te meitsjen, mar om de oar sa’n stik wyt papier ta te skikken.

Leave minsken, sa kin der dochs noch in moai ein komme oan in ferlern jier. Sa kinne wy de boppe ús stelde bestjoerders ferjaan dat se hjir in jiskefabryk en dêr in sneldyk ha wolle – om se de kâns te jaan de folgjende kear better te bestjoeren.

Wy kinne ek ús kollega’s ferjaan dat se ús achter ús rêch om berabben – om se by steat te stellen de folgjende kear de goede wurden te finen. Us freondinne kinne wy ferjaan dat se wie dy’t se wie – om har by steat te stellen de folgjende kear harsels te wêzen. En we kinne ús sels ferjaan dat wy oars neat betinke kinne as in machteleas kollumke oan ’e ein fan it jier. Oer (en by wize fan) ferjouwing.

donderdag 24 november 2011

Moarnjûn: 'Het Noordelijk Gevoel...' yn Tresoar

Symposium: Het Noordelijk Gevoel... met Atte Jongstra, Remco Ekkers, Kester Freriks en Abe de Vries
vrijdag 25 nov. 19.00 - 22.30 uur
Locatie: Tresoar

Explore the North organiseert in samenwerking met Tresoar, Fries historisch en letterkundig centrum, op vrijdag 25 november een avond waarin de zoektocht naar ‘het noordelijk gevoel’ centraal staat. Onder leiding van dichter en avondvoorzitter Tsead Bruinja presenteren wij een veelzijdig programma met literatuur, poëzie en muziek. De Edda (een verzameling literaire en mythologische werken uit het middeleeuwse IJsland) vormt de rode draad van deze gratis toegankelijke avond.

Programma:
19.00 inloop met koffie en thee
20.00 opening Tsead Bruinja
20.05 Remco Ekkers, dichter
20.20 Atte Jongstra, schrijver
20.45 optreden Teitur, singer-songwriter
21.00 pauze
21.20 Kester Freriks, schrijver
21.45 Abe de Vries, dichter-fotograaf
22.15 optreden It Langstme en de Dea
22.30 afsluiting met hapje/drankje

Locatie: Tresoar, Boterhoek 1, Leeuwarden, aan de voet van de Oldehove
(parkeergarage Oldehoofster Kerkhof)

Toegang gratis, maar wel graag even aanmelden via info@tresoar.nl of 058-7890789.

maandag 21 november 2011

Keppelsneon yn it skaad fan it 'Frollânsk'

Hjoed yn it Friesch Dagblad: 'Keppelsneon yn it skaad fan it "Frollânsk"', in ferslach fan it slotfeest yn Boalsert:

"Nei in opfiering fan ‘Simson / Samson’ – in kombinaasje fan in sêne út it toanielstik ‘Simson’ fan Schurer en stikken út de opera ‘Samson et Dalila’ – koene de Frysksinnige Keppelfeestfierders foldien mar oan waarmte ta op hûs oan. Mei it gefoel dat se dielnommen hiene oan in feest dat op ien of oare manear belangryk wie. Al spoeke harren miskien noch al it sizzen fan dy nep-Gysbert yn ’e holle om. 'In âld sprekwurd seit: keppele skiep fersûpe it earst. Dat, is it wol sa’n goede saak, in keppelfeest? Dêr ha ik even oer neitocht'."

zondag 20 november 2011

KOLLUM (21): It ferhaal fan de Moanne is net it ferhaal fan it jier

As der in retrospektyf skreaun wurde moat dat in sjoernalistyk ûndersyk neamd wurde kin, yn dit gefal in ûndersyk nei de fraach wêrom’t de reis nei 2018 sa út koerts reitsje koe, sjoch it artikel ‘Van visioen tot hoofdpijndossier’ yn de lêste ôflevering fan de Moanne, dan kin de skriuwer op in stuit op syn minst twa paden foar him sjen.

It iene bochtet ta nei in sa folslein mooglik byld fan oarsaken, sûnder dat de steller al foarôf liket te witten hoe en wat, en komt del op in sa realistysk mooglike skildering. It oare sjit rillegau de bosk yn fan de mieninkjes dy’t har yn guon kontreien al foarme hawwe en dy’t allinnich noch mar, foar de foarm, dokumintearre hoege te wurden, dat is: fan in retoryk foarsjoen.

It liket derop dat sjoernalist Richard de Boer net lang stind hat op de kar. Miskien heart er by in moderner slach reporters en tinkt er dat beide paden eins ien en itselde binne. Hoe oars it swartepytsjen te ferklearjen op basis fan twa bange, dus anonime boarnen, in pear byinoar garre sitaten en in tillefoantsje dat blykber net langer as twa tellen duorre hat mei de man dy’t yn it stik lykwols nei foarren komt as de haadskuldige oan it skandaal, de kertiermakker fan Kulturele Haadstêd 2018, Henk Keizer?

En hoe oars it nét-ûndersykjen te ferklearjen fan de amtlike ferantwurdlikheid fan de provinsje Fryslân? Mear yn it bysûnder it funksjonearjen fan ien amtlike ôfdieling. In ôfdieling dy’t net allinnich te krijen hat mei ûnderbesetting mar earst ek neat wist fan it fenomeen fan de Europeeske kulturele haadstêden en de finânsiering fan sokke útwrydske, ambysjeuze ideeën.

Mei oare wurden, neat yn it artikel seit my dat de auteur syn sinnen set hat op in speurtocht troch it folsleine bestjoersproses. Dat hinderet fierder net sa folle. In ferfeelsum spultsje fan op de man spylje kin ek syn nut ha. Mar as oer sa’n blomkoal dan ek noch it reammich remûladesauske fan it ynterlokaal-liberale sjagrijn útjitten wurdt– ‘wat moatte wy eins mei sa’n kulturele haadstêd, it is in optinksel fan de oerheid’ – ja, dan wurdt it in iterij mei lange tosken.

Ut sokke pannen slacht in damp dy’t my en jo grif ek troch de noastergatten giet as in warskôging, nammentlik as in suver moedeleas meitsjend sinjaal dat de bewende prak wer op tafel komt. Wy sjogge oars net as achterom en we sjogge oars net as apen en beren.

Huub Mous sil in kear net nei sûnde en seine frege wurde. De bloggende koördinator b.d. fan Keunstwurk, troetelbear fan liwwadders.nl en maskotte fan alle net-Frysktalige late night betterwitters, mei wat sizze oer it Frysk Festival, it is hinnegien en wy misse it yndie noch elk jier. En der is in heechlearaar út Rotterdam, dy’t sa op it earste gesicht, mar wa bin ik, ûnderstek docht oan de ekonomyske rispinge fan it haadstêdprojekt. Miskien falt it net elkenien op, mar it binne krekt sokke bydragen fan ‘bûtensteanders’, ynklusyf De Boer sels, dy’t it suterige selsbetrouwen fan de Fryske ekonomy en kultuer prebearje noch wer in slach suteriger te krijen.

Spitigernôch leveret de Moanne sa gjin bydrage oan de tema’s dêr’t in protte tinkers, bouwers en skreppers út de kulturele fjilden – dat binne dus net altyd minsken dy’t ferbûn binne of wiene oan ynstitúsjes – wól graach in bydrage oan leverje wolle. De parabel fan de twa paden, dêr’t ik saniis op tsjutte, moat de literatuerleafhawwers yn ’e redaksje dochs bekend foarkomme. It bibelske ferhaal fan it smelle en it brede paad giet miskien wat te fier, mar wat is it ferhaal fan de Moanne sels dan eins? Leit dat yn it ferlingde fan sa’n, mei alle respekt, flutterich “ûndersyk”?

Kom aansen ris del op de gearkomsten fan de entûsjastelingen dy’t op dit stuit oer it bidbook neitinke, itselde bidbook dêr’t Richard de Boer allinnich mar oer melde kin dat it der al wêze moatten hie. Praat ris oer it perspektyf dat oan de oarder is, of wêze kin. Wat soks betsjutte kinne soe foar it kultureel klimaat yn Fryslân, in provinsje dy’t oer alle boegen ta is oan in ympuls. Of foar de skrutelens fan Ljouwert, in stêd dy’t likegoed as it plattelân deromhinne op syk moat nei ideeën, projeksjes, fantasmas. Eigen en net-eigen.

It binne sokke syktochten dy’t kultueren útmeitsje. It paad foarút – en dat jildt ek foar de krityske sjoernalistyk – is in oar paad as it paad werom.