donderdag 20 december 2012
woensdag 19 december 2012
Einlings in aksje fan It Skriuwersboun
It Skriuwersboun ropt my op (en noch in hieleboal oaren) om myn tastimming te wegerjen foar it opnimmen fan in gedicht yn in noch (by Bornmeer) te ferskinen samling fûgelgedichten.
Dichters dy’t in fers bydrage krije twa presinteksimplaren as beleaning en dat is net yn ‘e heak, neffens it Boun. Dichters soene gewoan betelle wurde moatte. No is dat yn ’t ginneraal in sympatyk stânpunt dêr’t gjin dichter it mei ûniens wêze sil. Mar dizze Krystaksje fan it Boun ropt lykwols fragen op.
Wêrom no pas oan ‘e bel lûke oer fergoedingen foar skriuwers? Wêrom in sammelbondel mei poëzij útkieze om dat te dwaan? Wêrom net de pylken rjochtsje op de tydskriften, dy’t wurk pleatse tsjin in fergoeding dêr’t in putsjeskepper noch net iens syn skonken foar út it bêd glydzje lit, tydskriften dus dy’t sadwaande ek noait in fetsoenlik ûndersyksstik ynstjoerd krije, mei as gefolch dat de literatuer hjir te uzes mear en mear begjint te lykjen op de skriftlike delslach fan in net al te geweldich slagge bûnte jûn fan makket net út hokker geitefokferiening?
It stiet wol aktyf fansels, sa’n aksje. Yn it jierferslach aansen. En ja, ik jou gewoan myn tastimming.

dinsdag 18 december 2012
Hjoed yn it Friesch Dagblad: Wikseling fan de wacht
Hjoed wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Oer it fertrek fan Connexxion en de komst fan Arriva yn Noard- en Súdwest-Fryslân (en Ljouwert):
"In twadde risseltaat fan de komst fan in oare ferfierder kin oantsjut wurde mei in wurd dat ek net ûnbekend is yn de wrâld fan it iepenbier ferfier. It is it wurd ‘klachtenstroom’. Dat wurd heart by ‘kwaliteit’ en ‘prijs’ as hagelslach by wite bôle en boerebûter. Politike partijen binne tûk en iepenje by in wikseling fan ferfierders dêrom in ‘meldpunt’. Foar al dy klachten. De SP hat der ien, GrienLinks, de ChristenUnie. Hjoed sil dy lêste partij al de earste fragen oer de nije konsesje oan de deputearre stelle. In dikke wike nei it yngean derfan.
Samar in deidream. Wat soe it moai wêze as dat senuweftige dûnkergrien en ljochtblau definityf ophûpelje soe fan it plattelân. En dat dêr dan wer gewoan dy giele bussen ride soene. Dy betroubere giele bussen, fan de Fram."

maandag 17 december 2012
Abonneren op:
Posts (Atom)