NRC-strateech Michel Kerres hat hjoed (26 july) in bydrage oer it ûnderwerp fan myn kollum yn it Friesch Dagblad fan ôfrûne sneon (20 july).
‘Schrikbarende stilte rond de nieuwe wapenwedloop’, kopt er. Nuvere kop.
Dy stilte is neffens Kerres ommers hielendal net ‘schrikbarend’ mar liket just
‘volstrekt logisch’. Of nee, de komst fan dy nije Amerikaanske raketten nei
Dútslân fan 2026 ôf liket ‘volstrekt logisch’, en dêrom is dy stilte sa nuver
net.
Kerres is dus ien fan de Navo-staarders dêr’t ik it oer hie. Syn kollega
NRC-sjoernalist Hubert Smeets is der noch ien. Ik bin bang dat der in
heel nêst sit, dêr yn Amsterdam.
No hinderet dat fierder neat, elk hat rjocht op syn eigen bline flekken
yn syn eigen biotoop. Frame mar in ein hinne en atlantisearje derop los.
In handige sjoernalist liicht net troch evidint misse bewearingen te dwaan, mar
by omission, troch essinsjele saken dy’t net yn syn strjitsje passe wei
te litten út syn ferhaal.
Sa ferjit Kerres bygelyks om de crux fan de hele kwestje te melden,
nammentlik dat de pleatsing fan Amerikaanske hypersoanyske raketten foar de
middellange ôfstân yn Dútslân de Navo in first strike capability
besoarget dêr’t woltinkende minsken, en dy hearre ta it doelpublyk fan syn
krante, hielendal net bliid mei wêze kinne.
Mei sokke wapens ommers kin Washington yn teory binnen in minút of tsien
in hiel grut part fan de Russyske ynterkontinintale atoomraketten útskeakelje.
En dat binne krekt de raketten dy’t mutual assured destruction
garandearje moatte soene. Wisse ferneatiging fan wjerskanten is it freeslike
ôfskrikkingsprinsipe dat likegoed al sûnt 1945 soarget dat East en West inoar
net streekrjocht bestoke, en de wrâld net alle oeren fan alle dagen yn reek
opgean kin.
It is de tredde kear yn ’e skiednis dat de Feriene Steaten besykje
raketten tichtby de grinzen fan de Sovjet-Uny, doedestiids, en de Russyske
Federaasje fan tsjintwurdich te ynstallearjen. Yn 1961 setten de Amerikanen Jupiter-atoomraketten
del yn Turkije; doe’t de Sovjet-Uny dêr in jier letter op antwurde mei
maneuvels om raketten op Kuba te pleatsen, kaam dêr de Kuba-krisis achterwei. De
twadde kear wie begjin jierren tachtich, mei de pleatsing fan 1983 ôf fan Pershing
II-en Tomahawk-raketten yn Dútslân.
It nije pleatsingsplan is dus hielendal gjin antwurd op Russyske aksjes. It is in strategyske eskalaasje dy’t, opnij, ta doel hat om in westerske first strike capability te bewurkmasterjen. In died fan in hiele oare oarder as in skip fol takomstich âld izer nei Oekrayne stjoere en de eigen jonges feilich thúslitte.
Diskear sil der mei reade knoppen boarte wurde. Russyske barbaren
fersus deselde Dútse grüne multymediastrategen dy’t yn ’e jierren
tachtich noch links en pasifistysk wiene, mar Reagan yntusken in baas presidint
fine. ‘Allemaal met dank aan Vladimir Poetin.’
Geen opmerkingen:
Een reactie posten