It hat tink ik mei de neisleep fan koroana te krijen, ûnderbesetting, eigen kreativiteit of de algemiene feeststimming oer it loslitten fan de regels – mar nei de Gysbert Japicxpriis 2021 liket op ’e nij in provinsjale priis útrikt te wurden yn striid mei de lêst bekende feroardering provinsjale prizen (2015).
Diskear jout de wize sa’t de nominaasjes foar de Joast Halbertsmapriis foar wittenskiplike prestaasjes (is ek 10.000 euro mei mank) troch de provinsje nei bûten brocht wurde, oanlieding ta, op syn minst, fernuvering.
De Joast Halbertsmapriis is, neffens neamde feroardering, ornearre foar ‘excellente wetenschapsbeoefening in de provincie Fryslân in het algemeen, en excellente wetenschapsbeoefening ten aanzien van Fryslân, op het gebied van taal- en literatuurwetenschap en sociale wetenschappen in het bijzonder (..)’ (Art. 1.2.e.)
Mar de provinsje Fryslân rikt him neffens in parseberjocht fan hjoed fan ’t jier út foar wat oars. Nammentlik foar ien fan fiif op in shortlist nominearre ‘boeken (..) die in de geest van de negentiende-eeuwse geleerde Halbertsma geschreven zijn’. Dêr hat de sjuery ‘dit jaar voor gekozen’.
Op de shortlist stean ‘een woordenboek, een vergelijkende literatuurstudie, een geschiedenis van geleerde Friese jongelingen, een beschrijving van een adellijk Fries landgoed en de biografie van Halbertsma zelf. Hiermee is volgens de jury de breedte van het onderzoek van Dr. Halbertsma goed vertegenwoordigd.’
Efkes saksearje litte. Hat de advyskommisje no net socht yn de ‘excellente wetenschapsbeoefening in de provincie Fryslân in het algemeen (..)’, mar nei boeken dy’t ‘de breedte van het onderzoek van Dr. Halbertsma’ sjen litte?
Wy meie hoopje fan net. Want dan wit ik ek wol in opsetsje foar de folgjende advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis foar poëzy. Dy sjuery sil – as dit de mores wurdt – bygelyks sykje kinne nei dichtbondels dy’t de measte ynfloed fan Tsjêbbe Hettinga sjen litte. Of dy't it flotst yn ferbân te bringen binne mei it Frysk-nasjonale stribjen fan Douwe Kalma.
It is saak foar de provinsje om gau mei heldere regleminten te kommen foar de prizen dy't er útrikt. Oars hawwe se aansen net folle wearde mear.
*
Geen opmerkingen:
Een reactie posten