Hjoed yn in primeur fan it Friesch Dagblad is te lêzen dat deputearre Sietske Poepjes fan Kultuer akkoart gien is mei it etnysk sensurearjen, troch in saneamde ‘sensitivity reader’, fan in oersetting dy’t troch de Provinsje Fryslân betelle wurde sil. Of al is.
Us Amanda, wa ken har net? De jonge frou ‘fan kleur’, dy’t sa wolsprekkend diskriminaasje oankleide en oprôp ta de striid tsjin ûnderdrukking. Se spruts op de ynauguraasje fan deselde Amerikaanske president dy’t efkes letter in pear miljoen Afghaanske, dus net-swarte, froulju oan de taliban útleverje soe, mar dat mei hinnebruie.
No hat de blanke Fryske deputearre opdracht jûn om ‘The Hill We Climb’ oer te setten yn it Frysk. Wêrom? Elkenien is bliid mei in sigentsje sympatyk kosmopolitysk libben yn de âlde Fryske folkstaal. Mar in oersetting regelje is, oars as je tinke soene, net altyd in kwestje fan lange halen, gau thús. Al hielendal net as wat Amerikaansks oerset wurde moat.
It rjochthawwende buro yn de States hat nammentlik easke dat earst in respektabel Minske Fan Kleur nei de Fryske berchbeklimming sjen moast. Om der wis fan te wêzen dat de oersetter gjin wa wit watfoar ûngelokkige stereotypearjende flaters op swart-wyt, kleure- of oar minderheidsmêd begean soe.
En dêr is Poepjes mei akkoart gien. ‘The Hill We Fall Off.’
Hoe’t útjouwerij Meulenhoff oersetster Marieke Lucas Rijneveld oer de râne treaun hat, koe fansels net, wie dat dan net dúdlik? Literatuer, keunst, kin net bestean as allerhanne befolkings- en belangegroepen harren gefoelige, sensurearjende en ferbiedende hannen net thúshâlde kinne, en bedriuwen, media en sels oerheden jouwe ta oan sokke manipulative praktiken.
Meulenhoff is in bedriuw, ha wy net folle oer te sizzen. Mar dat de Provinsje Fryslân, dat binne jo en ik, dat is de hiele buorren, aktyf oan it opmarsjearjen fan dit aaklike fenomeen meiwurket? Dat ús provinsjale oerheid literêre publikaasjes stipet op betingst fan grien ljocht fan ien of oare sensor fan ien of oare kulturele mear- of minderheid, of wa’t mar moard en brân begjinne te roppen?
It makket net út dat yn dit gefal de sensor gjin net-korrekt ûnrant oantroffen hat yn de tekst. In troch de provinsje ynskeakele freonlike sjongeres mei Kongoleeske achtergrûn – sûnder in protte ûnderfining mei skriftlik Frysk, mar dat tusken heaken, want dêr gie it net om – hat net it geringste plakje, misserke, útgliderke oantroffen, neffens de krante. Hoe soe it ek oars.
Wat útmakket, is dat se der nei sjen mócht.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten