Soe de PC yn Frjentsjer net ris in reinbôgeflagge ophingje kinne op de Grutte Dei fan it Fryske keatsen? Dy fraach stelde sjoernalist, eks-Tûmba-direkteur en bekend keatsleafhawwer Ate de Jong yn juny oan de foarsitter fan de PC, Ids Hellinga. Yn de FryslânDOK-ôflevering ‘Groeten uit Friesland’ fan 26 juny makke er syn idee buorkundich. Reaksjes op de Facebook-post fan dy dei fan Omrop Fryslân, in seleksje:
It wurdt tiid foar in hetero flagge, stadig oan!
Hoe linkser hoe gekker, de reinbôge is it teken fan Gods trou oan de wrâld!
Ophâlde mei dy flauwekul.
Ut giet oar ut keatsen toch flauwekul die flagge
Hollânders wolle dat ek altyd, ergens wat yn feroarje wat goed wie.
De PC skytskoarre der wat tsjinoan, sa liket it. Yn alle gefallen skreau De Jong in moanne letter der noch mar ris in stikje oer, Facebook 23 july, pleatst as ynstjoerd brief yn it Friesch Dagblad, 26 july. Wer in seleksje út de reaksjes op sosjale media:
gedram om by elke gelegenheid it ûnder de oandacht te bringen
Ferskrikkelik sokke flaggen.
Wurdt tiid dast út e kast komste Ate,
Meitsje dy in kear drok om dingen dy’t er ta doche,
Dyselde deis waard bekend dat de PC in nije flagge ophongen hie: in kombinaasje fan de Fryske flagge en de reinbôgeflagge. Op dy kombinaasjeflagge kamen ek wer in hiel protte negative reaksjes op sosjale media. In lytse blomlêzing:
Ja ik fient flokken
de flag versmargje is dit as net!
Belediging voor deze prachtige vlag
Werom matte wy meidwan mei dy randstad-bombarie?
Poppe-kast!
In strii minne flagge dit bedjert úse identitijt sa heart 't net allinnich mar FRYSLÂN BOPPE!!!!!!!!!!
Fjirders,fan de FRIESE FLAGGE AU BLIOUWE
De keatswrâld sels hold him sa’t it liket fierhinne stil. Opfallende útsûndering wie ûnder mear eks-Bûnsfoarsitter Frans Dijkstra, dy’t te witten die dat in reinbôgeflagge ophingje wat him oanbelange ‘net nedich wie’. En eks-topkeatser Johannes Brandsma liet ek fan him hearre:
Helemaal de weg kwijt.
Onzinnig gedoe.
Vlaggen kunnen branden.
Ze hebben echt zo’n vlag opgehangen. Dan verlang je weer terug naar de tijd van Hannema.
Neffens my hawwe Ids Hellinga en syn kommisje de opgoaier/stekker/skroeier/tuskenynse fan Ate de Jong boppe slein. De Jong is ‘net kapot’ fan de kombinaasjeflagge, ‘mar it is in begjin’, liet er witte, derfan útgeand dat dizze hybride flagge inkeld fan ’t jier tsjinst dwaan sil, en dat de PC yn de takomst njonken de eigen flagge, de Fryske flagge en de Nederlânske flagge ek de échte reinbôgeflagge op it Sjûkelân wapperje litte sil. En de Europeeske, wêrom net?
Oant it safier is, beheint de PC him mei it ophingjen fan de kombinaasjeflagge ta ,,in hiel lyts statement”, sei Hellinga foar de Omrop (27 july). ‘Dit is de dei en de dei is uzes mei elkoar’, dat biedwurd is ál op de site fan de PC oan te treffen. ‘De dei is uzes’, is it tradisjonele sizzen fan de PC-foarsitter as er de wedstriid iepenet. Dat de dei yndie fan ‘uzes mei elkoar’ is, hat de PC diskear dus ek mei in flagge beklamje wollen.
Ut boppesteande reaksjes op sosjale media docht bliken dat in protte minsken sokke sinjalen, hoe beheind en lyts dy ek binne, mar min sette kinne – en dat allinnich al jout oan dat der ek yn Fryslân in merk is foar sok sindingswurk. ‘It bêste lân fan ierde’ is wat dat oanbelanget miskien wol in better lân as oare lannen, mar goed genôch is it noch net. Dy’t in idee krije wol fan de diskriminaasje fan minderheden yn Nederlân, moat it nijste rapport fan de ryksoerheid der mar op neislaan.
In oare fraach is: wêrom net gewoan de bekende reinbôgeflagge ophongen? Wêrom de Fryske flagge en de reinbôgeflagge yninoar oerrinne litte?
Skriuwer Ferdinand de Jong makke dêr okkerdeis op syn weblog beswier tsjin: hy hat it oer ‘disrespekt’ foar ‘ús flagge’ en hy lit witte ‘grutsk’ te wêzen op ‘de Skeane Banen’. Linkse types as De Jong en myn persoan krije grif ‘jokte’ fan syn miening, mient er: ‘Neffens my fine de beide hearen dat hast alles mei yn dit lân (..).’
Ik kin Ferdinand gerêststelle: fan my mei er him sa populistysk útlitte as er mar wol. En yndie liket it my net in goed idee om de kombinaasjeflagge in langer libben te jaan as de kommende wike, mar om in oare reden as de achte weblogskriuwer. Diskriminaasje op grûn fan kleur, gender of seksuele identiteit hat yn myn tinken neat te krijen mei provinsjes – it protest dêr tsjin kin him dus ek net hâlde oan geografyske of nasjonale grinzen. Krekt de universele reinbôgeflagge hie dêrom de bêste kar west. Ik nim oan dat de PC dat takom jier ek útdrage wol.
Likegoed is de ‘diskusje’ oer de kombinaasjeflagge op ferskate flakken winst. Dêrom hie ik it hjirboppe oer in boppeslach. It docht pynlik dúdlik bliken dat ek yn Fryslân noch genôch minsken oantroffen wurde kinne dy’t byles fanneden binne as it oer ferdraachsumens giet. De ‘grutskens’ op ‘ús flagge’ kin noch by de rûs oanfolle wurde mei soargen oer tige konkrete misstannen dy’t minsken tige konkreet de fernieling yn helpe.
En dan noch wat: kinne al dy lju dy’t op sosjale media sa swetse oer har respekt foar de Fryske flagge net ris leare om teminsten in bytsje akseptabel Frysk, de taal dêr't se wierskynlik ek al sa grutsk op binne, te skriuwen?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten