zaterdag 13 februari 2021

De Provinsje skaft stikem de Gysbert ôf

Tink dy ris yn, do bist fioelist. Al safolle jierren hast mei dyn ynstrumint ompield. Twa, fjouwer, seis oeren deis. Alle dagen. Bloed, swit, triennen en seare fingers. No hast in jier lang mei it fioelekonsert fan, sis, Sibelius oan ’e gong west. Foar in konkoers. Bang mar ek benijd bist, wat de sjuery fan dyn spyljen, fan dyn ynterpretaasje, fan dyn muzykmeitsjen, fan dyn eigen toan tinke sil.

 
En dan is it safier, de grutte dei. Mar o wat in teloarstelling. De sjuery blykt te bestean út lju dy’t alles fan trommeljen witte! Do tinkst by dysels: is dit in minne film? In mislearre grap? Banana Split? Bin ik bedarre yn ’e Provinsje Fryslân?

Want dêr is sa’n mismatch hiel gewoan. It hat de Provinsje Fryslân – in casu Deputearre fan Kultuer Sietske Poepjes – hage om foar de Gysbert Japicxpriis 2021 foar poëzy in advyskommisje te beneamen dy’t op gjin inkelde wize sjoen wurde kin as kwalifisearre om Fryske poëzy te beoardieljen. Nynke Heeg is in aktrise, Hein Jaap Hilarides in proazaskriuwer, Jannes van der Velde wurdfierder fan in grutte lanlike wurkjouwersorganisaasje en kommunikaasje-adviseur.

Heeg en Van der Velde hawwe noait in letter oer resinte poëzy, lit stean Fryske poëzy skreaun. En de lêste kear dat Hilarides in Fryske dichtbundel lies is wierskynlik mear as fyftjin jier lyn, de tiid doe’t dreamen noch blauwe reinjassen hienen.

Makket de Provinsje Fryslân de beneaming fan de Gysbert-advyskommisje gewoanlik mei in parseberjocht bekend, diskear barde dat net. De redaksje fan it literêre tydskrift Fers2 kaam der by tafal achter troch ris op ’e provinsje-webside te sjen. Faaks dat Poepjes de nammen fan de minsken leaver ûnder de pet holden hie? Mar ja, demokrasy, transparant bestjoer. Je moatte wat mei dy ûnsin.

No kinne je, as dichter, as leafhawwer fan Fryske literatuer, en as Gysbert-laureaat, twa dingen dwaan. Je kinne tinke: tsja. Tiden hawwe tiden. Blykber hat de keunst yn Fryslân wyn tsjin. Ha wy in bestjoer dat inkeld taalbefoarderje wol. Mar wêrom de Gysbert dan net ôfskaffe, en ynstee dêrfan mei in priis komme foar it leukste, grappichste, ûnbenullichste Fryske tekstke op Twitter en Instagram?

Of je kinne, mooglikheid twa, yn ’e pinne klimme en wat hearre litte. Dat dit langer sa net kin. Dat keunstners rjocht hawwe om op it foarste plak as keunstners sjoen te wurden. Dat jo wurk rjocht hat om hifke te wurden op literêre kwaliteit, troch lju dy’t bewiisd hawwe dat je har sok hifkjen tabetrouwe kinne.

Protesten? Fryske skriuwers binne kritykleaze lakeien wurden fan in riedeleaze, harsensleaze provinsjale oerheid nei waans sinten se angelje. In oerheid dy’t wilens drok drok drok dwaande is mei syn safolste ‘ynnovative kampanje’ – om foar de bühne mei de iene hân in taal te rêden en dy yn ’e praktyk mei de oare hân te smoaren. De kampanje duorret oant op syn minst 2030. Mar hoopje dat dy taal tsjin dy tiid werklik dea is, hoera, einlings gjin multykultureel gedonder mear. En einlings gjin gesanger en gedoch mear mei, harrekrimmeles, it is al út it nijste moadieuze wurdboek skrapt, hoe neamden de earderen it ek alwer? O ja, mei keunst.

Oan dan ta moatte je wat mei dy ûnsin.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten