Jolle
Harkje buorlju, kom ris bûten!
Gabe, Gerben, Tsjall’ en Tsjits,
Nim nei strjitte jimme rûte,
Homme, Haits’-om, muoike Jits
Rin, rin oan, o kom nou fluch,
Sjuch, sjedêr dan wat ik sjuch!
Haitse-om
Jolle, is der wat te rêden,
Hokfoar nijs is dy sa’n griis?
Jolle
’k Sjuch dêr stedlju paradearjen,
’k Leau dy stedlju binn’ net wiis:
’t Each wurdt wurch noch sêd fan ’t gean
Oer dy mâle moaie klean.
Rouke, Roelof, Rinse Fransen,
Libbe, Steffen, Lolke-neef,
Nolle, Molle, Melle Hansen,
Gretske, Betske, Lys en Eef,
Ids en Oeble, Laas en Lolk,
Sjuch no wat in nuver folk!
Sjuch, dy dikke hearenekke
Docht in fine kraach gjin lean:
En dêr efter him, dy gekke,
Hat sa’n frissels oan ’e klean;
En dy faam har grut bosk hier
’s Fan in wâld-aap of wyld dier.
Jonges! Jonges! Gouden fingers,
’t Liket nerges, nerges nei!
En sjedêr, in siden slinger,
Nou! hoe moai is Frou dermei?
Hja mei al dat kant oan ’t doek,
Hat har optut as in spûk.
En dy feal ferwielen tabbert!
O, dy wein dy riidt te rêd!
Haitse-om
Jolle-neef, hoe nou, do swabberst
Tinkt my noait net yn ’e stêd?
’t Seit my neat, dyn bernetsier.
Bisto gek of fol fan ’t bier?
Jolle
’t Is gjin bier of mâle rite
Dy’t my dwerser sit as oars,
’t Deart my om dy pronkestripen,
Dy heechhertich stedske noas.
Want fan sokke frjemde klean,
Pleagen binne licht ús lean.
Haitse-om
Mar! do praatst mar oan, myn Jolle!
Wa is sá swier nou fan holle,
Dat er splinterwiist, mar yn ’t
Eigen each de balk’ net fynt?
Eigen tún jout folle wjudzjen,
Bern, it falt net te oanfurdzjen
Oarmans lek en brek te sjen
As men ’t eigen kwea net ken.
Is ’t net kwea dat minske-eagen
Altyd gean oer ’n oar syn pleagen,
Gnyskje dat it oaren giet
Sa’t jo miene ’t jo misstiet?
Speeg’lje dy ris, yn dyn sinnen,
Frij fan bûten, djip fan binnen,
Tinkst dêr goed oer, foar en nei,
Fan dy sels, jong, rinsto wei.
Bart it net, hast alle sneinen,
Do en Doekle, Bien en Heine,
Jeppe, Jakle, Job en Frâns,
En sa ’t hele gea mar lâns,
As jim yn ’e buorren komme,
’t Himd op ’t boarst is fol fan blommen,
Letterbeamkes derop naaid,
Dat dan bleat en iepen leit,
’t Underhimd mei side stikke;
’t Wambús gat oan gat trochprikke;
Lâns de riem in jachttafriel:
Liket dat gjin pracht en priel?
Swij ik noch fan ’t djoer ein tou
Om dyn wide broek en mou;
Fan dyn lokken giel as waaks,
’t Oer dyn eagen fallend flaaks.
Soe ’k fan fammepronkjen sprekke,
Neef, de holle soe my brekke
Foar’t ik wat, in heal wurd sei:
Dêrom lit ik dat mar wei.
Giest dan sneins wol trou nei tsjerke?
Nee fansels, do giest nei merke,
Of do keatst oan bêdtiid ta.
Dan oan ’t bier mei Jan en hja.
Jit mar yn, wat meiste better
Brandewyn en bier of wetter.
Dan is ’t: “Dweilstik, hâld dyn bek,
Sis wat, en ik stek dy lek.”
Do en ’t folkje út dyn buorren
Stean mei knyften fan fiif stuorren:
“Bang foar dy? Och, leave broer!
Mienst it? Boike, kom mar oer!”
Dan is ’t: “Duvel, Dea en Wjirmen!”
Oant de fammen gûlend kjirmje.
Byt der ien yn stof en reach,
Komt oer ’t lân in swiere pleach.
Wolsto sels net neffens rede,
Lit in oar mei rêst en frede
Lâns de frije hearewei:
Doch wat kwea is, har net nei.
Side, doek, ferwiel en lekken
Krijt de minske, sa te sprekken,
Fan omheech, om ryk en neat
Yn te klaaien, elk nei steat.
Sjochste immen pronkbehongen,
Tink: “Haw ik myn hert betwongen?”
Kliuwt de mjitte jin soms oer,
Wit: De mjitte is sa djoer.
Jolle
Soene wy op sok folk lykje?
Meie wy de laits net sykje?
Haits’-om seit it ál te hurd.
Eare oan jo âld wyt burd,
’k Wol jo jierren net ferskoppe,
Oars soe ’k lûd in gjalp útroppe:
“Alde, rekkest ich noch seam.”
Sjuch, hja slepe mei in kream
Klearebare pronk (de mannen!)
Flinterjend om hals en hannen;
Fiters mear as ien fan ús:
Liket dat op ’t moai fan thús?
Lykwols dogge jo te witten,
Dat jo jeugd jo is ferjitten.
Soene wy, as ’t âlde laach,
Faken stean oan tsjerkehaach
Foar in drûch ferklomme praatsje?
Alle fammen soen’ ús haatsje.
Jeld tam, de jeugd frijwat wyld,
De jeld kearich, de jeugd myld,
Jeld godstsjinstich yn ’e tsjerke,
Jeugd lichtskonkich bliid ta merke;
Alden thús en jeugd op stap,
Klinkt sa faak deselde grap.
Drinke, keatse, dûnsje, swylje,
Leavje, djoeie, boartsje, spylje,
Grapje, gnyskje op sa’n dei
Foeget ús: wy gean dermei.
’k Moat de hynst fan stâl soms liede,
Wa sil wat foar my beskiede,
Slach ik immen foar syn kop,
Dat ’s de jeugd, dy jout him klop.
As wy oan jo jierren binne,
Sille wy, as jo, begjinne
Om te tinken oan de bier:
Dan is ’t tiid, ’t is nou te ier.
Haitse-om
Sûnder sin dyn narregrillen!
Wêrta ljocht fan kears en brillen,
As in ûle net sjen wól,
En sa blyn bliuwt as in mol?
’t Gers fan nij útsketten krûden,
Ferkeap fan de keallehûden,
’t Bernelieden mar aloan,
Neef, wat seit it? o broers soan!
Mannich jong en derten minske,
Sûn fan krêft, krekt sa’t er winske,
Krûpt folnûge jûns op bêd,
Is sinne-opgong ’t libben sêd.
Ek sa’n ûnk kin dy beslûpe,
Ljepste jûn, moarn silste krûpe.
Kjimste hjoed dyn krollehier,
Moarn leist langút yn ’e bier.
Tink, jong, dy’ t by sonde dije,
(Lit it frij dyn hert trochsnije)
En út wrâldske tsjinst bestean,
Hoe sil ’t yn ’t hjirneimels gean!
Mar ik lit dat dêr by bliuwe;
Stel, dyn jierren sille kliuwe
Ta myn jeld of noch ta mear,
(Nei myn winsk en dyn begear),
Soene dan dyn stramme skonken,
Fleisferlitten fel en bonken,
Kâlde, kromme, lamme lea,
Dampe amme, smoarch en kwea;
Soe dyn mûle sonder tosken,
Rachels net fan ’t burd ôfwosken,
Eagen, earen blyn en dôf:
Koart, in stamke sonder lôf,
Gean foar heechste, wiere eare –
Offer oan ús Leave Heare?
Krijt de wrâld de reamme, sot!
En de tape molke God?
God, de strúk, de wrâld, de blomme?
Keardel nee, sa kin ’t net komme.
Eartiids skynde ’n oare stjer,
Wat God earst joech, joech men wer.
Lit ús hieltyd op dy wize
God fan jongsôf tsjinje ’n prize;
Wol nei oaren har misdwaan,
Leafdefol ferjouwing jaan;
Lit ús om ús stjerdei tinke,
Lit ús earmen needhelp skinke;
Lit ús, hiel ús libben lang,
Kwealust hâlde yn betwang.
Ier en let nei boppe trachtsje,
’t Lege ierdske flink ferachtsje:
Dan sil God ús, nei ús tiid,
Altyd sillich sjen en bliid.
*
Omstavere en bewurke, nei de werstavering fan Waling Dykstra (1853):