Praatsjes fan in klokmakker en in smid
Yn de moanne fan july 1874, dus yn ’t langste fan de simmerdagen, sieten op in moaie jûn om tsien en alven Lykle Klokmakker en Gatse Smid op in bank foar de doar, om nei de sturtstjer te sjen.
Dy twa mannen wienen buorlju. Mar as ’t op tinkbylden en mieningen oankaam, dan rûnen se gâns út elkoar. Gatse wie in man dêr’t de lju fan seinen: hy leaut oan neat en beredenearret alles út de natoer. Dat is nou by in hele bulte minsken itselde as modern, en dat is wer allike folle as goddeleas. – Lykle Klokmakker wie in man dy’t it mei de âlde leare hâlde. Mar hy wie lang sa bekrompen en neargeastich net as in hele bulte fan dy lju. Sipke Potskipper, dy’t de tale Kanaäns spriek, dy sei: ,,Lykle Klokmakker is in man dy’t de wierheid tastimt, mar hy hat se net troch geastlike befininge oan syn siele kennen leard.” Dat woe sizze: Lykle hie de bekearing noch net krige.
Ik tink der sa oer: Lykle hie tefolle alderhanne boeken lêzen, oars sein, hy wie net dom genôch om in echte dweper te wêzen. Hy lies wolris oer de wrâldskiednis, oer de ierdrykskunde, ja, ek wolris oer de natoerkunde. Nou, as immen dat docht, al stiet er oars stiif op syn stik, sa’t er mient, dan slite de fynste puntsjes der al gau wat ôf. Dy’t in echte gelovige, dweperige, neargeastige, haatlike, grimmitige, nasjonale kristen bliuwe wol, moat oars net lêze as sokke dierbere boeken dêr’t de ûngelovigen skandalich yn útskolden wurde. Mar de alderechtste soarte hat men eigentlik ûnder de lju dy’t sawat neat lêze, omdat se ’t hast net kinne, en dan har fan oaren alles yn ’e holle blaze litte. Under sokken hat men de geloofshelten, dy’t graach in ûngelovige stiennigje wolle soene of him de glêzen ynbruie. Lykle Klokmakker hie mei syn kennis en ferstân ek noch wol haatlik en grimmitich wêze kind en falsk en skynhillich derby. As er nammentlik yn ’t sin hân hie om mei syn gaven oan ’e kost te kommen, as evangelist of kolporteur of sawat. Mar dêr tocht de man net oer; hy hâlde him by syn klokmakkerij. Hy wie ferdraachsum en ynskiklik tsjin elkenien. Hy hâlde en droech him as in achtensweardich doarpsboarger. Dêrtroch koene syn ûngelovige buorman Gatse Smid en hy ek goed mei elkoar oerwei. Se praten wol gauris wat tegearre. Want Gatse wie net sa’n hjithollige skimper en gekoanstekker, lykas men se hat ûnder de lju dy’t liberaal hjitte te wêzen.
Nou, se sieten dêr tegearre op ’e bank, en der wienen dy jûns mear lju op in baan om nei de stjer te sjen.
De smid sei: ,,Nou kin men wer sjen dat de minsken dochs wizer binne as foar in hûndert en twahûndert jier.”
,,Wêr kinne je dat nou krekt oan sjen?” sei Lykle.
Gatse sei: ,,Dat sil ’k jo sizze. Sjuch, dêr op ’e dyk steane in tropke minsken nei de stjer te sjen. Manlju, froulju en grutte bern. De iene seit koelbloedich: sa’n sturtstjer, dat is dochs wat bysûnders. De oare seit allike koelbloedich: ik kin der net folle bysûnders oan sjen. De optocht fan ’t Amerikaanske hynderspul, dêr wie ferline jier folle mear oan. Guon dy’t wat fan de stjerrekunde witte of miene te witten, dy begjinne der oer te redenearjen. Oaren dy’t der neat fan begripe en dêrom der ek gjin nocht oan ha, begjinne te mâlfarjen, te praten en te laitsjen. Mar se hawwe allegearre ûnder de ferskining fan dy bûtenwenstige stjer sawat neat te dwaan.”
,,Is dat in bewiis”, sei Lykle, ,,dat de lju nou wizer binne as de minsken yn foarige tiden wienen?”
,,It bewiist teminsten dat se nou net, lykas by âlds, yn noed en freze binne oer sa’n sturtstjer. Doe wienen de lju deabenaud as der sa’n stjer skynde, want se mienden dat dat in foarteken wie fan djoere tiid, pestilinsje, oproer, oarloch, bloedferjitten en noch mear slimme en ôfgryslike dingen. En dat allegearre ta straffe fan de minsken en har ûndogensheid. Sa’n sturtstjer wie doe yn de eagen fan de minsken it teken fan in roede of in bosk biezemriis, dêr’t de beul yn ’t foarige de dieven mei gisele. Witte je wol, Lykle, wat Eise Eisinga oanlieding jûn hat om syn planetarium te meitsjen?”
,,O, je miene dat geande wurk dêr te Frjentsjer”, sei Lykle, ,,dêr’t it beloop fan de sinne en de moanne en de stjerren yn ’t lyts neimakke is. Dêr ha ’k wolris wat fan lêzen, en ik soe ’t ek wolris sjen wolle. Ik wit ek wol dat it makke is troch in ienfâldige wolkammer dy’t Eise Eisinga hjitte. Mar dat dy man dêr in bysûndere oanlieding ta hân hat, dêr bin ’k just net mei bekend.”
,,Ja”, sei Gatse Smid, ,,dêr haw ik fan lêzen. Yn ’t foarjier fan 1774 kaam der in oankundiging yn ’e Ljouwerter krante, dat der in boekje útjûn wurde soe dat skreaun wie troch in leafhawwer der waarheid, oer de konjunksje fan de planeten Jupiter, Mars, Venus en Merkurius mei de moanne – op de 8e maaie fan dat jier. Dat woe mar sizze, dat dy fjouwer planeten en de moanne op de 8e maaie allegearre ticht byinoar te sjen wêze soene yn it stjerreteken fan de Raam. De leafhawwer fan de wierheid kundige dêrby oan, dat dy bysûnderheid wolris tewei bringe koe it fergean fan de hele wrâld.
Dat brocht in hele bulte minsken alderfreeslikst oerstjoer. Want mei ’t oer en wer fertellen en ’t folle bepraten kaam der ek noch in hele bulte by. Boekedrukkers en lietsjongers krigen der in bûtenkânske mei, allike goed as dat der yn ús tiid in oranjefeest op hannen is dêr’t lietsjes by de hele bult foar drukt wurde moatte. Op strjitten en brêgen, op diken en wegen waarden de stichtlike sangen opdreund en de boekjes derby ferkocht. Dy boekjes spoarden de bange minsken oan ta gelove en bekearing, om de freeslike ûndergong fan de wrâld op ’e 8e maaie mei in from gemoed ôf te wachtsjen. In hopen boeren en arbeiders lieten it wurk stean. Wêrom soene se ploegje en eidzje, plantsje en wjudzje en ’t lân ynoarder meitsje, as op ’e 8e maaie dochs de hele boel trochinoar fleach en alles út wie? As de lju mar safolle iten yn ’t foar hiene dat se dy dei bekomme koene, dan koene se har mar stil deljaan en mei earnstige oertinkings, suchtsjen en bidden har freeslik útein ôfwachtsje. Mar in hele bulte hoegden ek net folle, om’t se fan klearebare ûntsteltenisse net ite koene. De dokters en masters hiene ’t alle dagen drok hinne en wer rinnen, nei lju ta dy’t litten wurde moasten. Dat wie doedestiids it middel dêr’t se de taflecht ta namen as de minsken danich oerstjoer wienen. Der rûnen ek wol guon nei de stêden om dêr knappe kundige lju ris nei de saak te freegjen. Mar as dy de ienfâldige bange minsken terjuchte wize woene, dan waarden se net leaud, mar hâlden foar sliependen ûnder ’t gefaar. Dominys dy’t mei bewizen út de skrift de lju delbêdzje woene, waarden útmakke foar blinen, dy’t gjin ynsjen hiene yn de grutte saak. De Steaten fan Fryslân achten ’t nedich om deryn te foarsjen. Se lieten it boekje dat útjûn wurde soe, ûndersykje troch twa kundige mannen. Doe’t dy ferslach fan har ûndersyk jûn hiene, lieten de Steaten bekendmeitsje dat de berekkeningen yn dat boekje net doogden en dat der op de 8e maaie gjin gefaar te freezjen wie. Mar dat holp allegearre neat. It waard ferbean om it boekje foar de 8e maaie yn ’t ljocht te jaan en de lietsjongers waarden tekear gien en oppakt. Mar dat kaam ek al te let.
Yn de nacht tusken de 7e en 8e maaie gyngen in hele bulte lju net op bêd, sawol yn ’e stêden as yn ’e doarpen. Se stiene op ’e bolwurken of rûnen yn ’t iepen fjild, om oeral de loft sjen te kinnen. Want se tochten dat it lichtwol begjinne soe mei tige swier waar, mei geweldige skokken yn ’e grûn of sawat. En wat foel der nou foar op dy ûntsachlike dei? De hele nacht en de deis ek wie ’t sok alderleafst moai stil waar, dat men ’t noait moaier winskje kinne soe. De loft wie sa klear as in gril en der barde de hele dei neat bûtenwenstichs. En doe wienen de minsken fansels ek gau wer bekomd.
Eise Eisinga, de Frjentsjerter wolkammer dy’t ek in bult noch oan stjerrekunde hie, en dêrby in tige knappe rekkenmaster wie, wist ek wol wat der op ’e 8e maaie barre moast. Hy hie ’t ek wol ynsjoen en útrekkene dat der yn ’t alderminst gjin gefaar by wie. Mar dat brocht him op ’t tinkbyld: as de minsken wat begryp hân hiene oer it berin fan sinne, moanne en stjerren, dat hoegden se har sa bang net prate litten te hawwen. Fierder tocht him, as der ris in ienfâldige begryplike foarstelling fan dat berin makke waard, da soe wol in goede saak wêze. – Sa kaam hy der ta om ’t meitsjen fan syn planetarium te ûndernimmen – dat sa’n grut keunststik wurden is.”
Lykle Klokmakker sei: ,,Dat sil wol wier wêze, ik wol ’t alteast wol leauwe. Mar dat de lju doe sa bang wienen en nou sa ûnferskillich, dêr woene je, miende ’k, út bewize dat de lju nou wizer binne. My tinkt, it kin ek wol in bewiis wêze dat se nou folle mear yn ’t kwea behurde binne.”
,,Dat leau ’k hast net”, sei Gatse. ,,De lju wienen by âlds al wakker bang en oer har siele bekommere as der sokke tekens oan ’e loft te wachtsjen of te sjen wienen. As se de gleone roede dêr oan ’e loft seagen, dêr’t se mei gisele wurde soene, sa’t se mienden, och, dan wienen se sa earmelyts. Mar wie de roede wer fuort en har banges besakke, dan ferfoelen se ek wer ta deselde sûnden en ûngerjuchtichheden. Dat it algemien folk nou wizer is as doe, it kin wol wêze dat dat safolle net skeelt as men faak wol mient. Mar de lju dy’t it folk te lieden en te stjoeren hawwe, en leare en fermoanje moatte – dy lykje nou dochs wol wizer te wêzen as doe – of teminsten de saak heel oars te begripen. As der nou sa ris oer dy komeet preke en beard en jammere waard as by âlds, dan waarden in heleboel ienfâldige lju ek wer deabenaud, dat kin men wol foar fêst oannimme. – Der wie mei sa’n prekerij of kranteskriuwerij noch bêst in heleboel ûnrêst ûnder ’t folk te bewurkjen. Dêr ha wy ommers foar koarte jierren wol wat fan sjoen, doe’t de wet op ’t pok-ynintsjen yn Den Haach behannele waard. Oer de komeet hâlde de moard-en-brân-roppers har nou stil, sa’t it liket. Ik haw der teminsten neat fan fernomd dat se deroer op har âlde trant oan ’e gong west ha. En dêrom bliuwt ’t folk nou ek rêstich. Mar dêroan soe men dan dochs ek alwer sizze dat de wierheid oan feroaring ûnderhevich is. – Dêrom net, as der ris in wet op ’e kometen makke wurde moast, dan koe ’t wol wêze dat se har sa koest net hâlden. Want it striden oer in wet is ek wolris in striid om in plak op ’t kessen.”
,,De wierheid is net oan feroaring ûnderhevich”, sei Lykle. ,,Witte je dan net dat der by âlds ek wol knappe lju west hawwe dy’t de minsken ûnder ’t each brochten dat se gjin bygelovige heidenske tinkbylden ha moasten oer sokke tekens oan ’e loft? Lykas wy ek lêze by Jeremias 10 fers 2: ‘Leert den weg der heidenen niet en ontzet u niet voor de tekenen des hemels, dewijl zich de heidenen voor dezelve ontzetten’.”
,,Ja”, sei Gatse, ,,dat wit ik wol. Mar de lju dy’t oan ’t lyntsje rûnen fan safier en net fierder, dy makken dat sawat heal en heal. Se seinen, men koe net foarút sizze, sa’n komeet of sinneklips of oar teken oan de loft betsjut dit en ’t betsjut dat: pest, oarloch, it stjerren fan in kening of keizer, of wat men doedestiids der mear fan betinke mocht. Dat wiene ferburgenheden dêr’t in minske net yn komme mocht, seinen sokke lju. Mar, foegen se derby, it wienen dêrom wol warskôgjende tekens, om de minsken te fermoanjen ta bekearing. As de lju dan diene lykas de Nineviten yn Jonas syn tiid dan gyng it harren goed ôf, mar sa net, dan hiene se straffe te ferwachtsjen. – Mar mannen, dy’t der flink mei delkamen en seinen: kometen of sinneklipsen of oare bysûnderheden dy’t oan ’e loft sjoen wurde, dat binne natuerlike ferskynsels, dêr is gjin gefaar by en se betsjutte ek neat: sokke lju waarden útmakke foar ketters en godslasteraars.
Balthazar Bekker, dy’t him yn syn tiid sa ward hat om spoeken en tsjoensters en alle oare duvelerij út de wrâld te ferdriuwen, hat ek in boek skreaun oer de kometen dy’t yn syn libbenstiid skynden. Dêr seit er yn dat syn bern, dy’t mei gjin foaroardeel ynnomd wienen, har fermakken mei ’t oanskôgjen fan de sturtstjer, en se wienen jûns hast net op bêd te krijen as se de komeet earst net sjoen hiene. Soks yn ’t iepenbier skriuwe te doarren, dat neamden de stiifsinnige lju destiids ‘een uitwerpsel van menselijke hovaardije ende eene terging Gods’. Nou fermeitsje de bern har ek mei ’t sjen nei de sturtstjer, en nimmen sjucht der kwea yn, sa fier as ik it merke kin. Dêrom liket it wol dat de lju fan ’t âlde en fan de skrift har yn dizze saak dochs wat ta swijen bringe litten ha troch de natoerkennis dêr’t se oars sa fij fan binne.”
,,Dat is gauwer te sizzen as te bewizen”, sei Lykle. ,,Al hâlde de lju har oan ’e skrift, dêrom kinne se in ding wol ferkeard begripe en ek wol tige oerdriuwe. Dat dogge se nou noch wol en dat hawwe se by âlds noch folle mear dien, as ik it wol ha, foaral mei dizze saak dêr’t wy nou oer prate. Ik haw ek wol wat nocht oan ’e natoerkunde. Ik sjuch yn dy stjer ek gjin foarteken fan dit of fan dat. It foarsizzen út de stjerren wurdt ommers yn ’t âld boek ferbean en ôfkard, omdat dat thús hearde by de heidenske ôfgoaderij. Dat âlde boek stiet by my boppe alles. Dat is in iepenbiering bûten de natoer om. Dêr moatte wy ús oan hâlde, oars reitsje wy ús grûn ûnder de fuotten kwyt.”
,,Grûn ûnder de fuotten moat in minske nedich hâlde”, sei Gatse, ,,oars is er ferlegen. Mar dy’t in pear goede stevige skonken hat hoecht net mei in kruk te rinnen. Om nou ris fan ’t ien yn ’t oar te praten, je seinen niis, Lykle, je soene dat planetarium fan Eisinga wolris sjen wolle. Ik bin der ek wol nijsgjirrich nei. My tocht, dan moasten wy dêr tegearre mar ris hinne.”
,,Dêr bin ’k net tsjin”, sei Lykle.
Gatse sei: ,,Dan moatte wy dy dei ek mar net fan hûs stelle. Ferline jier ha je nei ’t sindingsfeest west en ik nei Ljouwertermerke. Fan ’t jier geane je net nei Assen en ik sil nei Ljouwertermerke net omsjen. As wy nou tegearre in reiske nei Frjentsjer dogge, dan ha wy dochs ek noch in útflechtsje. Dat is foar jo alheel saak. Je binne ek in man fan geande wurken, je hawwe der mear ferstân fan as in oar.”
,,Se neame my ek wolris rêdsjeknoeier”, sei Lykle. ,,Ik bin neat mear as in ienfâldige doarpsklokmakker en by Eise Eisinga ferlike, dan bin ’k safolle as in eintsje kears by de Sint Martens-toer fan Grins. Mar dat kin ek allegearre neat skele, dat reiske dêr ha ’k wol sin oan. Wannear sil ’t mar wêze? Yn de oare wike mar, net?”
,,It is my goed”, sei Gatse. ,,Nou haw ik in omke yn de greidhoeke wenjen, dy is troch oantrouwen alhiel yn ’e fierte wat ferbûn oan ien fan Eisinga syn neikommelingen. Sa moat omke yn ’t besit komd wêze fan in âld boek dat hannelet oer de rekkenkeunst, oer stjerrekunde, oer wurktúchkunde en mear fan soks. Omke begrypt der sels net folle fan, wol ’k leauwe, mar hy stiet der fêst op dat dat boek skreaun is troch Eise Eisinga. It is krekt oft ik dat net goed leauwe wol; mar it titelblêd, dêr’t de namme fan de skriuwer trochgeans op stiet, mist foar dat boek wei. Sadwaande kin ’k it omke net bestride. En hy hat dat troch oerlevering fan syn wiif en har folk; nou is ’t by him in ding dat sa fêst stiet as in hûs. Dy’t him dat ôfprate wolle soe, soe de wyn fan foarren krije. Mar wat ik sizze wol. Omke sil mei in wike as fjouwer by uzes útfanhûs komme. Ik sil him skriuwe dat er dan dat âld boek meinimt. Ik wit wol, dat wol er wol graach dwaan. Sjuch Lykle, dan kinne jo en ik dat boek ris tegearre trochnoaskje. As wy dan earst it planetarium besjoen ha, dan ha wy licht noch wat better begryp oer de dingen dy’t yn dat âld boek stean. Jo sille der teminsten wol wat oer oardielje kinne, tinkt my.”
Lykle sei: ,,Sa’n boek moast men earst lêze kinne, licht wie dat wol better om wat mear begryp oer it keunstwurk te krijen.”
,,Mooglik wol”, sei Gatse, ,,mar dat kin nou net wurde. ’t Sil ek wol sawat op ’t selde delkomme, wol ’k ha. Ik sil ús omke deroer skriuwe, al is ’t moarn de dei; en wy reizgje yn de oare wike tegearre nei Frjentsjer.”
Mei dy ôfspraak gyngen de twa lju byinoar wei, want it wie hege tiid wurden om it bêd op te sykjen.
Nou, de twa mannen reizgen de oare wyks tegearre mei de spoarwein nei Frjentsjer. Se namen yn de herberge efkes hichte en doe sochten se ’t hûs op, dêr’t mei fergulden letters boppe de doar stiet: Planetarium van Eisinga. Se waarden dêr yn in keamer brocht fan trettjin foet breed en in foet as sechstjin lang. Dy keamer hie in dûbele souder. De boppeste, dy’t op ’e balken lei, wie yn de keamer net te sjen. De ûnderste lei amperoan seis âlde tommen leger as de balken. Sadwaande wienen der yn de keamer gjin balken te sjen. Oan dy ûnderste souder seach men it eigentlike planetarium, dat in foarstelling is fan ’t berin fan de sinne en de moanne en de planeten. Yn dy rûmte tusken de beide souders wie ’t rêdwurk fan it planetarium. Yn ’t midden fan dy ljochtblau ferve souder seagen se de sinne, in ferguldene bal. Fierder seagen se dêromhinne wite ringen, de iene al grutter as de oare. Dat binne de banen fan de seis planeten Merkurius, Venus, de Ierde, Mars, Jupiter en Saturnus. Dy planeten wurde dêr foarsteld troch houten baltsjes, oan de iene kant swart ferve en oan de kant dy’t nei de sinne ta stiet fergulde. Dy baltsjes sitte mei sultjes troch de souder elk oan in rêd fêst dat yn beweging is. Sa komt dêr elke planeet krekt op syn tiid ienkear om ’e sinne. De ierdbol krekt yn de tiid fan in jier. Merkurius, dy’t it neist oan ’e sinne stiet, komt yn achtentachtich dagen ienkar rûn, en sa ek de oaren, krekt op har tiid. It hout baltsje dat Saturnus foarstelt hat 29 jier en 164 dagen mei noch wat oeren en minuten wurk om ienkear dy lytse keamer yn ’t rûn te kommen. Dat is, lykas men wit, krekt allike folle tiid as de eigentlike planeet Saturnus nedich hat om ienkear syn baan om ’e sinne lâns te kommen. – De moanne ha men der ek by. Dy reizget net allinne mei de ierdbol ienkear yn ’t jier om ’e sinne, mar tagelyk ek alle fjouwer wiken ek ienkear om de ierde en draait dan wilens ek noch om har eigen as. Sa kin men dêr ek in klear begryp krije oer sinne- en moanneklipsen. – Dan is der ek noch in ring dy’t de stjerretekens oanwiist, en wer in oaren de tolf moannen en de datums. Oan de iene kant stiet oan de souder it jiertal dat wy skriuwe. Dat bliuwt allyk stean fan 1e jannewaris oant de lêste desimber ta. Aldjiersjûn, as ’t tolve oere is, ferskoot it en in nûmer heger komt dêr wer foar yn ’t plak. Bûten dat alles sjucht men oan ’e souder en ’t bedsket noch ferskate lytse ringen mei wizers. De iene wiist dit oan en de oare dat. Ien fan dy wizers komt wyks ienkear yn ’t rûn en wiist oan wat dei oft wy binne en wat oere fan de dei. Eltse dei kin men dêr ek sjen wannear’t de sinne opkomt en ûnder giet. Itselde wurdt dêr ek oanwiisd fan de moanne; ek it oanwinnen en ’t ôfgean fan de moanne, en de omrin fan de stjerren, sa’t wy se jûns mei ’t bleate each oan ’e loft sjugge. Nochal mear dingen fan dy aard hat men dêr, dy’t foar lju dy’t der wat begryp oer ha tige de muoite wurdich binne om se ris te besjen. – Al dy ferskate bewegingen, dy’t sa grif geane dat der gjin sekonde oan skeelt, wurde oan ’e gong hâlden mei in slinger-oerwurk, dat mar fjouwer rêden hat en mar ienkear yn ’e wike opwûn hoecht te wurden.
Dat grutte keunststik hat dy ienfâldige man alhiel sels útfûn en makke, mei behelp fan in pear oaren dy’t wat bywurk foar him ree makken. Yn de frije oeren dy’t him fan syn wolkammerij oerskeaten, arbeide er deroan. Sa krige er yn wat minder as sân jier tiid it hele spul klear.
Professors en grutte gelearden, wit wêr earne wei, hawwe dat fernimstige wurk mei ferbazing beskôge. It is in keunststik lykas der yn de hele wrâld net ien mear bestiet.
Lykle Klokmakker wie gjin professor of grutte gelearde. Mar hy wie foar in sljuchtwei man dochs ek sa mâle dom net. Hy koe heel wol wat fan dat wurk begripe, en hy hie der ek nocht oan. Hoe better en hoe langer er alles neigyng, wat mear hy it keunstige en fernimstige der fan begûn yn te sjen. Hy moast ek by de souderstrep op, der wie gelegenheid om it rêdwurk te benoaskjen. Hy sei: ,,It muoit my mar dat wy sa gau wer fuort moatte, want ik ha myn nocht der noch lang net fan.”
Nou, se moasten dochs wer fuort en nei hûs, dat wie net oars. Doe’t se wer tegearre wienen, sei er tsjin Gatse: ,,Ik bin lang net yn steat om ’t allegearre te begripen en nei te kommen. Dêr is myn ienfâldich klokmakkersferstân fuotten en fiemen te koart ta. Mar ik haw der dochs safolle al fan sjoen en begrepen dat ik rûnút sizze doar: it is in tige by tige grut keunststik.”
,,Dat ha ’k wol tocht”, sei Gatse. ,,Ik hie der ek wol nocht oan en ’k mien der ek wol wat fan begripe te kinnen, mar je hawwe der dochs folle better oardeel oer as ik.”
,,Dat wit ik salyk net”, sei Lykle, ,,mar ik haw nou langst nei dat boek fan jimme omke, dêr’t je oer praat hawwe. As Eise Eisinga dat boek skreaun hat, dan sil der ek wol wat út te learen wêze, om noch better begryp oer syn keunststik te krijen.”
,,Nou”, sei Gatse, ,,ús omke komt mei gauwens útfanhûs, dan sil er ’t âld boek wol meinimme. Ik haw him der al oer skreaun en ’t goed oanskroefd, dat er ’t net ferjitte moast.” –
Omke kaam by Gatses útfanhûs en hie ’t âld boek net fergetten. Doe moast Lykle ’t mar gau te lêzen ha. Gatse liet him der mar stil mei oanpiele. Mei in goed wike kaam Lykle der al mei oan en sei: ,,Nou Gatse, hjir is ’t boek wer. Mar dat kin ûnmooglik skreaun wêze troch in man as Eise Eisinga, dat doar ik rûnút sizze. It stiet fol ûnsin en dwaasheden, ûnbegryplike dingen en tsjinstridichheden. Dêrom soe ’k folle earder leauwe wolle dat sa’n kwaksalver lykas dokter Ludeman of syn gelikens it skreaun hat. Teminsten hat de skriuwer in man west dy’t lang net op ’e hichte wie fan de saken dêr’t er oer hannelet. Hy hat der mar wat nei ta skreaun, soe ’k sizze. En Eise Eisinga hat in man west mei in heldere holle en in skerp ferstân, dat sprekt fansels.”
,,Dan tinkt jo”, sei Gatse, ,,dat de makker fan sa’n grut keunststik, dêr’t in sljuchtwei minske foar stil stiet, sa’n boek fol dwaasheid en tsjinstridige dingen net yn ’e wrâld holpen ha kin?”
,,Welnee”, sei Lykle, ,,dat kin ommers net wier wêze.”
,,Nou, ik tink der ek sa oer”, sei Gatse. ,,Mar nou meie je wol wat oppasse en praat der net oer wylst omke der by is. As je tsjin him sa rûnút as tsjin my jo miening seinen oer dat âld boek, dan soe ’t der wol raar by stean. Je meie der sa moai en sa foarsichtich mei oankomme as ’t jo mar dwaanlik is – hy hâldt grif syn string fêst. Der wie grutte kâns dat er springende lilk waard as je sa tsjin him begûnen.”
,,Ik rekkenje”, sei Lykle, ,,dat dy man fan dat hele boek sa goed as neat begrypt.”
,,Sa sil ’t wol wêze”, sei Gatse. ,,Mei dy âlde boeken is ’t soms in boel, Lykle. De minsken hawwe yn foarige tiden nuvere begripen yn ’e holle hân en op ’t papier set. Der is ek sa’n Oere-Linde-boek, dêr tinke de gelearden ek danige ûngelyk oer. ’t Sil my ek ris benije hoe’t it der by slot fan rekken mei útkomme sil. It keunstwurk fan Eisinga ha wy sjoen, en wy kinne mar grif leauwe dat it echt is. ’t Is meastentiids de baas mar, Lykle, dat men jin hâldt oan ’t sprekwurd: ‘Sjen foar eagen is gjin gûchelspul’.”
,,Dêr is al wat fan oan”, sei Lykle, en doe gyng er yn ’e hûs.
.
Ut: De Byekoer, 1875. Yn 1874, doe't it ferhaal skreaun is, wie it hûndert jier lyn dat dûmny Eelco Alta fan Boazum it ein fan 'e wrâld oankommen seach. Hjir troch my selektyf omstavere.
woensdag 27 mei 2020
maandag 25 mei 2020
Oer Fryske literatuer, keatsen en stjerrekunde
Jan Pieter Janzen (1945-2005) kaam út Easterbierrum. Ik ha him noch krekt in pear jier meimakke as de redakteur fan Trotwaer yn de tiid dat it blêd opnaam waard yn de Moanne; ûnder syn bewâld mocht ik begjin 2002 debutearje as dichter.
Sjoerd Janzen (1955-2006) kaam ek út Easterbierrum en wie in neef fan Jan Pieter. Sjoerd koe ik earst as earsteklas-keatser; letter ûntjoech er him as byldzjend keunstner. Yn 2011 wie der in prachtige tentoanstelling fan syn wurk yn de âlderlike pleats oan de Konkelswei yn syn bertedoarp.
Pieter Scheltes Janzen (1859-1943), berne yn Frjentsjer, ken hast net ien mear, mar wa’t in bytsje yn de Fryske lettertún fan foar de oarloch omarbeidet, komt syn namme grif tsjin as skriuwer fan allerhanne stikken en stikjes foar bygelyks it blêd Sljucht en Rjucht. Pieter Scheltes wie arsjitekt yn Meppel, letter Dimter.
Wat hawwe boppesteande trije minsken mienskiplik? Ja, har achternamme. En har relative bekendheid, yn har tiid, yn Fryslân. No state ik yn myn neispeuringen nei lûden oer Waling Dykstra op it gegeven dat alle trije ôfstamje fan in man dy’t hjoed-de-dei noait mear neamd wurdt, mar dy’t de muoite wurdich is om út de djipsee fan de kollektive ferjitnis te rêden. Dy man is de Doanjumer boer, ynstrumintemakker en amateur-stjerrekundige Willem Jans Janzen (1781-1857), in freon fan sawol Planetariumbouwer Eise Eisinga as, yn de lêste pear jier fan syn libben, fan Waling Dykstra doe’t dy yn Frjentsjer wenne.
Dizze Willem Jans wie de pake (fia dy syn tredde houlik) fan Pieter Scheltes en de bet-bet-oerpake (fia syn twadde houlik) fan Jan Pieter en Sjoerd. Fan Willem Jans Janzen soe, neffens syn tiidgenoat en de earste skiedskriuwer fan Frjentsjeradeel, de doperske skoalmaster fan Doanjum Haring Wiegers Steenstra, nochris in libbensbeskriuwing komme moatte:
Hoe gaarne wy hier eene korte levensbeschrijving wilden geven van Willem Jans Janzen, geboren en landbouwer te Dongjum, en hoezeer zijne door eigene oefening vekregene kennis in de aardrijks-, geschied-, natuur-, sterre-, werktuigkunde en kunstwerken zulks verdienen, moeten wij om de zedigheid des bescheidenen mans niet te kwetsen, zulks aan den nakomeling overlaten, echter in vertrouwen, dat deze niet zal nalaten dezelve naar waarde te schatten.
Janzen, skriuwt Steenstra, wie syn belangrykste boarne by it skriuwen fan syn yn 1836 ferskynde Oudheidkundige aanteekeningen van de dorpen en kloosters der grietenij Franekeradeel. Hy koe dus noch mear as buorkje, de stjerrehimel bestudearje en ynstruminten meitsje, hy wie ek in man fan skiednis en skriftekennisse. Jan Brouwer, dopersk predikant yn Ljouwert, wiist yn in foarrede by in werútjefte (1824, 1831) fan de doedestiids bekende beskriuwing fan it Frjentsjerter planetarium troch de heechlearaar J.H. van Swinden, Janzen oan as dyjinge dy’t nei 1818 op basis fan tekeningen fan syn freon Eise Eisinga in lyts planetarium foar him boude. Dat lytse planetarium is bewarre bleaun en noch tsjintwurdich yn it Planetarium te bewûnderjen; it is ek te sjen op it skilderij dat Willem Bartel van der Kooi yn 1827 fan Eise Eisinga makke.
P. Schuringa nimt yn 1908 Janzen op yn it lange rychje amateur-stjerrekundigen en ynstrumintemakkers út Noardwest-Fryslân. H. Sixma makket ek melding fan him yn 1934 yn it tydskrift Popular Astronomy. Spitigernôch hawwe de gearstallers fan de Nieuwe Encyclopedie van Fryslân (2016) dizze bysûndere boer mar oersljuchte of domwei oer de holle sjoen: Willem Jans Janzen stiet der net yn.
Hie syn pakesizzer Pieter Scheltes noait oer him skreaun, dan wie er miskien yn it ferjitboek rekke, mar de Meppeler stikjeskriuwer lit ús graach wat oer him witte, want dy is grutsk op syn pake (ek al hat er him noait kend). Yn 1906 en 1922 hat er yn Sljucht en Rjucht stikjes oer ‘Us pake Willem’, dy’t neffens him behalve mei Eise Eisinga ek befreone west hie mei Waling Dykstra. Ik lit Pieter Scheltes efkes oan it wurd:
(..) en doe bliek, dat Waling-om yn syn jonge jierren, yn syn Frjentsjerter tiid, folle by ús pake yn hûs kaam. Dy pake Willem Jans Janzen, earen boer te Doanjum, wenne letter te Frjentsjer op in saneamd heare-boerespultsje oan ’e Ljouwerter feart, efkes bûten de keatsfjildsbrêge. Fan him gyng de rop út, dat er wie ‘in nuvere man’. (..) mar pake skaaide alhiel út as men him ferliek by syn tiidgenoaten. Hoewol boer fan komôf (in saneamde eigen-erfde) fûn hy gjin geniet yn syn bedriuw, mar socht it yn oare dingen fan hegere oarde. As er syn feinten efter de kij rinne liet en syn arbeiders yn it boulân omwrotten seach, dan hie pake syn sinnen op hiel oare dingen en as er befûn, dat de saken geregeld har gong gyngen, dan teach er oan ’e stúdzje. Wis- en wurktúch en stjerrekunde wienen syn leavlingsfakken. Hy makke sels yn alle ûnderdielen stjerrekikers, octanten en troch syn omgong mei syn âlde freon Eise Eisinga, sette er in lyts planetarium ynelkoar, dat men hjoed de dei noch sjen kin yn ’e âldheidskeamer op it stedhûs te Frjentsjer.
As oare boeren yn syn omjouwing har ferdjippen, foar safier’t har bytsje ferstân it taliet, yn ûngenietlike swier op ’e hânske lektuer, siet pake te lêzen yn wittenskiplike wurken fan ferneamde gelearden en socht yn tapassing te bringen, troch middel fan proeven en berekkeningen, wat hja as teory ferkundigen.
Dat wurk koste tiid en ynspanning en as it ien of oare him te machtich wie, dan klampe pake in prefester fan it Frjentsjerter Athenaeum oan om te witten te kommen, wat er witte woe.
Nou, fansels, sa’n boer wie yn ’e eagen fan ’e domme soksussen om him hinne ‘in nuvere man’.
Lokkich hie men yn Fryslân mear fan dy ‘nuvere mannen’. Bruorren van der Bilt, Eisinga, de skrandere Rienks en oare allegearre ‘self made men’ wienen sokke fernimstige minsken. Hja wienen lykas Jacobus Scheltema earne sei: ‘edele raspaarden te midden fan een troep baltende ezels en knorrende varkens’.
Waling Dykstra fertelde faak mei nocht hoe’t myn skerpsinnige pake fan him ôffjurje koe, as men him tenei kaam. It moaie gedicht fan prefester Pieter Nieuwland, dat titele is ‘Orion’, koe de âld-boer sa mar mei krêft en gloed resitearje. Hy libbe deryn as er de steatlike pracht fan it skitterjende stjerrebyld oan ’e winterhimel beskreau. Dykstra sei ris tsjin my: ,,Jo pake wie syn tiid fier foarút.”
Hoefolle oft der no krekt fan alle lof oan is, dat kinne wy net mear witte; wol sille wy mar rekkenje dat dizze Willem Jans Janzen der in moai eintsje útrûn ferlike mei it measte boerefolk. Doanjum hie yn de achttjinde ieu de thúsbasis west fan de Goslinga’s; it kastieltsje fan de grytman fan Frjentsjeradiel Sicco van Goslinga (1664-1731) stie sa likernôch op it plak fan it lettere keatsfjild. Dat sil der miskien ek sines ta dien hawwe dat in ienfâldige doarpstimmerman as Wytse Foppes (1706-1778) himsels opwurkje koe ta rekkenmaster, ynstrumintemakker, ‘boereprofessor’ en in learmaster fan Eise Eisinga. Foppes wie ien fan dyjingen dy’t de foarsizzing fan de Boazumer dûmny Eelco Alta, dat yn 1774 de wrâld fergean soe troch in konjunksje fan Mars, Venus, Merkurius en Jupiter, ûntkrêfte. Eisinga woe de foarsizzing wjerlizze mei de bou fan syn planetarium.
Willem Jans Janzen wie in foar dy tiid hiele grutte eigenerfde boer. As er yn 1836 syn lân en pleats te keap oanbiedt, jout de advertinsje yn de Leeuwarder Courant (9 desimber) dizze beskriuwing:
Een voortreffelijke Zathe, met voor weinige jaren nieuw gebouwde Huizinge, Schuur, Lijtshuis, Hovinge en daarbij behoorende vruchtbare, in besten staat zijnde Bouw- en Greidlanden, volgens Kadaster groot 43 bunder 94 v. roede 80 v. el, en belastbaar naar f 1595,20 voor de Landen, en f 54 voor de Gebouwen, met uitzondering van 4 bunder, onder het Klooster Lidlum, staande en gelegen te Dongjum, zeer gerijfelijk bij het dorp en den Rijdweg, de Gebouwen aldaar no. 10, thans bij den Eigenaar Willem Jans Janzen bewoond en gebruikt, Petri en Mei 1837 vrij te aanvaarden; en nog een Huis en grooten Tuin, staande en gelegen aan den Kruisweg te Dongjum, aldaar no. 19, thans bij Rintje P. Westra en anderen bewoond; den 12 Mei 1837 te aanvaarden.’
Opbringst: f 30.000,- In pear moanne letter, op 7 april 1837, is der boelguod op ’e pleats. Ferkocht wurde, neffens ynformaasje yn de Leeuwarder Courant (24 maart):
(..) 25 Koeijen, waaronder 1 vare, 7 Paarden, waaronder 1 bereden, 1 vole, en 1 enter, 3 beslagene Hooiwagens, 5 Aardkarren, 2 Ploegen, 7 Eggen, 1 Voer-egge, 2 Landrollen, 1 Dorschrol, 1 Wijnne, 1 Snijbank, 1 Koolzaadwagen, 1 Rasp, 1 Moudbord, 1 Tijme, 1 Karnmolen, 1 Tjenne en Molkenvaten, koperen Emmers en Aaden, houten Emmers, Tobben en Booitsen, 1 Kaaspers en Boterladen, Schalen en Gewichten, Koe- en andere Kettingen, Harken, Vorken, Zijllen, Rommelingen, een Mesthoop, ongeveer 3000 beste Boonschoven, 6000 Weitsluik, 1300 Haversluik, 3000 Rogsluik; voorts Eenige Timmer- en Draai-gereedschap, 3 eiken Kabinetten, 1 Pulpitum, 1 Huisorgel, 2 Uurwerken, 1 Spiegel, Tafels, Stoelen, Koper, Tin, Steen-, IJzerwerk en wat meer zal te voorschijn komen.
En dêr komme noch by, neffens de rubryk ‘Aanmerkingen’ fan deselde dei: ‘10 Beste vette Schapen, 2 Chaisen, zoo goed als een nieuw Gereid, 2 Wagenkussens en een Bolderwagen.’
De opbringst fan it boelguod berûn mear as f. 4.000,- Willem Jans Janzen kocht foar f 2.000,- in hûs yn Frjentsjer en joech him dêr fan 1836 ôf del te rintenierjen oant syn dea yn 1857.
No mei de Fryske literatuer syn pakesizzer Pieter Scheltes wol tige tankber wêze dat dy de muoite naam hat wat oer syn pake te swetsen – al wie ’t mar om dy fermelding fan dat gedicht ‘Orion’ fan Pieter Nieuwland (1764-1794). Dat Willem Jans Janzen dat doedestiids bekende gedicht fan de Leiense heechlearaar stjerrekunde (wat er mar ien jier west hat, doe kaam er te ferstjerren) út ’e holle koe, sil sjoen it foargeande wol klopje. Mar lês dat fers ris, en lis dat ris neist it prachtige earste ‘Regine-fers’ fan Harmen Sytstra, 'In dei yn 'e neisimmer', út syn Jouke Rommerts’ scriften fan 1841. Dan is de ferûnderstelling dat Sytstra syn ynspiraasje by Nieuwland weihelle hat net sa hiel fier socht.
Miskien letter mear hjir oer. Earst mar tige tank, Jan Pieter, Sjoerd, Pieter Scheltes, Willem Jans!

zaterdag 2 mei 2020
It Rixt-dichterskip fan Edwin de Groot
‘In reden om mei te dwaan mei Rixt is dat dit kollektyf sa divers is kwa dichters dat it dêrtroch in poadium wêze kin foar alle aspekten fan ús deistige libben en sa wer in ûnderdiel wurdt fan datselde deistige libben.’ Oan de earste útlitting fan Edwin de Groot (1963) op de webside fan it ‘dichterskollektyf’ Rixt ôf te lêzen, wol de dichter foaral befoarderje dat 'alle aspekten' fan ‘ús deistige libben’ in poadium op Rixt krije.
Foar De Groot is it skriuwen fan poëzij ‘in rêstpunt en in soarte fan meditaasje, ek omdat er fan himsels ferbaal nochal ekstravert is’, seit syn bio op sirkwy.nl. Efkes in koart publikaasje-oersjuch. Yn 2009 debutearre er mei de bondel Ik skip, in jier letter folge Tongfal, yn 2013 it twatalige In hazze is in lokkich bern, en yn 2016 Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see. Resinsinten wienen aardich posityf oer syn dichtsjen; Harmen Wind murk ‘persoanlike sizzenskrêft’ op, Eppie Dam hie it oer ‘teare, tagelyk nochteren fersen, frij fan sentimint’ en Klaas van der Hoek tocht dat syn gedichten ‘perfoarst’ net feal ôfstutsen by ûnder mear mines. (Sjuch, ik krige in komplimint.) In Nederlânske besprekker hie it sels oer ‘aardse poëzie van grote kracht, mede door de soms heel bijzondere woordkeus, vaak met neologismen die eveneens iets authentieks hebben’.
Koartsein, De Groot hat net te kleien oer de parse, dy’t oan no ta sympatyk stiet foar syn skriuwerij oer. Sjuerys stean dat ek. Alle jierren stjoert er in tekst yn foar de Rely – in soartemint bingo foar begjinnende Fryske skriuwers – en alle jierren falle der bankbiljetten yn syn ponge. Op de webside rixt.frl is in tal fan syn fersen fergees te lêzen; hy hat der in lytse tsien stiks op publisearre. Rixt – De Groot heart ta it redaksjonele tiim fan it poadium – wol neffens eigen sizzen ‘in breed platfoarm fan Fryske dichters’ wêze: ‘Wy skriuwe en publisearje gedichten oer aktuele saken yn en bûten Fryslân. Wy toane de fitaliteit en aktualiteit fan de Fryske poëzy oan in breed publyk.’ Nei dat publyk is by myn witten gjin ûndersyk dien, mar de ambysje is dus ‘breed’, dat wol sizze dat idealiter ek minsken dy’t oars gjin Literatuer lêze mei in Rixt-gedicht út de fuotten kinne moatte.
Syn lêste dichtbondel datearret dus alwer fan fjouwer jier lyn; syn nijste wurk stiet op Rixt. Dat wurk hâldt, earlik sein, net oer en dat is wat nuver. Syn earste bydrage datearret fan maaie 2018:
Besef fan gemis
ik haw in simmerlang net wittend
op ’e flearmûzen wachte oait sa manmachtich
datst se om de âlde apelbeam sawat
mei de hân fange koest
it trof my pas op in augustusjûn
doe’t ik ien flak oan my foarby sûzjen fielde
en dat it der mar ien wie en no pas
sa as de Boskroas net mei hûnderten blommen
troch de houtwâl brekt en bloeit
mar dy inkeld mar mei ien blom wekker skoddet
Resumearjend: sprekker wist it net, mar bliek, doe’t er ien oantrof, de hiele simmer op flearmûzen wachte te hawwen. Dy iene skodde him wekker. Hy wachte dus net, mar sliepte? Nee, bedoeld sil wêze: dy iene ferskining makke sprekker bewust fan de tebekgong fan it tal flearmûzen, ‘oait sa manmachtich’. Sprekker hâldt it natuernijs yn ’e krante blykber net hiel goed by, want oars hie er wol op ’e hichte west fan de oantaasting fan de biodiversiteit (it wurdt stil om ‘de âlde apelbeam’ hinne) yn heechkapitalistyske produksjesintra as Fryslân, en dan hie er net sa Po Tsju I-achtich wekker hoege te skrikken.
‘Somtiden’, sa jout de dichter útlis by in twadde fers op Rixt, ‘lit in gedicht him mar dreech ôfbreidzje en bliuwt hy wat omhingjen yn de holle fan de dichter. It is wachtsjen op de kaai; in útspraak op de radio, in tekst yn ‘e krante en yn dit gefal in foto. De dichter lei noch op ’e knibbels op it asfalt, seach op it skerm fan syn kamera en hy hie de titel en de lêste losse eintsjes lieten har flot ôfhechtsje.’ Sok breidzjen moat ferantwurdlik west hawwe foar it gedicht ‘Omfierrens stjerre kin elkenien, mar thúskomme is in oar ferhaal’:
As der stoarn wurdt makket it waar wier neat út
skynt de sinne, dan laitsje de goaden
reint it, gûle se
mei it tij is it al net oars
is it eb, lûkt it wetter him treurjend werom
is it floed, nimt de see, mar wêr docht der al wol ta
earnewer yn bêd, oan slangen, achter yn de file
of in swimbad, 2e wike boufak
moatst op ´en paad, giest
nei dyn hûs, dyn thús
krekt as de tsjirken dy´t – ringe op Skier -
út alle macht besykje sille en lit Teksel links lizze
Dit gedicht hat wat fan sa’t ús beppe in priem opsette, it babbelet dat it in aard hat, wat sinne, wat rein, it seewetter of teewetter treuret, hat jûn en nimt, wy gean allegear dea ‘mar wêr docht der al wol ta’. Foar tsjirken is Teksel it eilân fan ’e dea? Oan de Rixt-fersen fan De Groot falt gauris op: wat se sizze wolle, is faak, mei respekt, in iepen doar, en hóe’t se it sizze is gauris ûnbedoeld grappich of it slacht op in oare manier de planke mis. In foarbyld is ‘Oer saken dy’t noait fergean’, dat in skipsramp ferliket mei in pake dy’t nei in fersoargingstehûs, nim ik oan, moat. Sprekker slûget wat wei ûnder it sjoernaal mar registrearret likegoed wol wat de befallige nijslêzeres Dionne Stax allegear meldt oer de MSC Zoe boppe Skylge:
(in net bewekke momint ûnder it sjoernaal)
in licht trochsichtich hazzesliepke
yn’e fierte fertelt Dionne mei sêfte stim
wat oer in swier beladen dronken kontenerskip
fan alles spielt der oan, piipskûm ek
dat nei achter de dunen ferwaaie sil, út it sicht
en dêr ûnfergongklik slomjend yn hiele lytse partsjes wenje sil
--
pake sjocht yn it weiriden
troch it achterrút fan de auto
en seit sêft: No, dag dan mar, huussien
Dionne skeakelet nei it waar
fuort waait de hazze
Fansels: in knipperke dat ‘licht trochsichtich’ is bringt in moaie assonânsje, mar fierder freegje ik my dalik fan alles ôf. Hoe kin sa’n slûchje ‘trochsichtich’ wêze; is ‘licht trochsichtich’ net dûbelop; moat dizze konstruksje miskien foarútwize nei it ‘ljochtbyld’ fan de tillevyzje, of hie Dionne in trochsichtige jurk oan, je witte it net. De dichter wol nim ik hast oan referearje oan de trochsichtige hûd fan âlde minsken. MSC Zoe ferliest syn konteners, pake lit syn hûs achter, de dichter ferliest in gedicht? Is dat in treffende ferliking, freegje ik my ôf. Fersmoarget pake no tenei de sûnens- of âldereinsoarch? Nee fansels: hy sil op syn nije plak (fakultatyf: fersoargingstehûs, ûnthâld fan de sprekker, dit gedicht) like ‘ûnfergonklik slomje’ as de rotsoai dy’t oanspielde op de eilannen.
Pake en/of de dichter is it ‘swier beladen dronken kontenerskip’, mar ek dy ferwizing nei good old Rimbaud rêdt de saak net. It oantinken oan pake mei noait fergean, it gedicht is nei beppe kelder. Dêr is it wilens aardich drok. ‘Bestean en net’ is skreaun, neffens de opdracht, foar de ‘geniale natuerkundige’ Ettore Majorana, al dea, dy’t neffens de begeliedende tekst al yn de tritiger jierren úthold ‘dat der dieltsjes wêze moatte dy’t harren eigen anty-dieltsjes binne. Se binne der dus wol, mar ek wer net. Net te befetsjen, krekt as dy rigels dy’t der net binne, wylst ik se foar my haw’.
neist it bêd pinne en papier foar as
yn de ferljochte gewichtleaze moarnsdreamen
dêr’t de natuerwetten net jilde, wurden yn, út en
troch it brein fleane, ik sûzerich de notulen meitsje
by werhelling blykt dat om ’e nocht
ynfallen yn it rûnom as hinnefoer delstruid
sa ûnbegryplik en ûnmooglik as de Penrosetrep
matearje tagelyk anty-matearje, in fel fol in fel leech
wat skreaun is dearlik te sink gien
sa as Ikarus foel
Hjir haw ik efkes op omdikere, want dizze metafoar liket in djippenien. Dy Majorana-dieltsjes begrypt in boer net it measte fan, fansels, en ik fan dit fers earlik sein ek net. Mar foar dy dieltsjes hawwe wy Wikipedia; foar dit gedicht hawwe wy my. Neffens de earste strofe (en de útlis fan de dichter) binne de wurden dy’t jo en ik wolris moarns by it wekker wurden ‘yn, út en / troch it brein fleane’ te ferlykjen mei de ûnder natuerkundigen bekende Majorana-dieltsjes ‘dy’t harren eigen anty-dieltsjes binne’.
Ik besykje it my yn te tinken. Sprekker hat dat hinne-en-wer fleanen fan wurden dy’t gjin wurden binne notulearre, ek al begrypt er fan har ûnmooglike aktiviteit likefolle as fan de Penrose-trep: neat. En miskien waard al dat fladderjen fan eat en neat tagelyk wol gjin gedicht, miskien is ‘wat skreaun is dearlik te sink gien / sa as Ikarus foel’. Mar, lêzer, dat sjugge jo wol, dy rigels stean yn in gedicht. Yn dít gedicht, dat lykwols net fan de grûn komt om’t it fêst sit oan de swierte fan syn wat al te fiersochte ferliking. Dy Gryk oan ’e ein helpt net. It fers stoart net del; it hat noait flein.
‘Op de poalen is it (noch) kâld’ giet neffens de bylevere útlis oer ‘polariteit yn de holle fan minsken’ – foar sokken ‘jildt it eigen gelyk en inkeld it eigen gelyk’. De Groot wol satire bedriuwe mei in Dylan Thomas-achtich lânskip dêr’t in boel wite en ek in pear swarte flinters yn omfladderje:
Yn de doarpen mei yn de moarntiid
kleurige hoannen en oeral de blossem fan wylde flear
fleagen strieljend wite flinters en hjir en dêr in swartenien
dy´t net âld waard, foel sûnder mis op by de fûgels
oant de doarpen roetige stêden, de wite flinters opfretten
dronken de swarten begearich harren kleur fan de skoarstiennen
ek dat gie foarby en die bliken; it behâld
in betochtsume jas yn de kleur fan piper en sâlt
Wy hâlde de middenwei mar oan yn ús follekleurige wrâldsje, binne betochtsum en hawwe leaver piper en sâlt as swart-wyt. Sprekker is gjin himelbestoarmer, safolle is dúdlik. De twadde strofe is sa ûnbeholpen dat swijen hjir better west hie. It hat gjin doel en rin de gedichten fierder nei, it belangrykste probleem is: it is allegear sa betocht. De wurden moatte ideeën kommunisearje, earder as dat se it omtinken fêstigje op har eigen oanwêzigens, lûd, betsjutting, funksje, wurking, kontekst, ferantwurding. Dy’t op sokke eigenskippen fan taal yn gedichten wol acht slacht, freget him fan alles ôf. Wat docht dat hinnefoer yn ‘Bestean en net’? In fuortwaaiende hazze (orkaan?) as metafoar foar it wekker wurden út in hazzesliepke? Flinters dy’t de kleur swart drinke fan skoarstiennen, in treurjende see.
De Groot betinkt bylden by in boadskip dat er kwyt wol. No mei men tinke fan dy bylden en dat boadskip wat men wol, oft se orizjineel binne of net, of hout snije of net, of soms net, of faak net. Mar neifolging fan dy wurkwize is út noch yn net oan te rieden, it is bokse wolle mei de earms op ‘e rêch bûn. Taal spilet amper in rol yn dizze fersen. Se binne wat praterich, brûke gongber en werkenber fokabulêr. Muzyk docht net werklik mei: de gedichten meitsje gjin opfallend gebrûk fan muzikale en ritmyske mooglikheden. Foarm hawwe de fersen ek net folle; rigels fan ûngelikense lingte yn strofen fan dan wer twa, trije of fjouwer rigels. Wy sjugge inkeld de konstruksje fan it ferbylde boadskip, wylst yn kânsriker poëzij mear krêften meispylje en earder it byld séls it boadskip is.
Ik leau net dat it dichterskip fan Edwin de Groot in fersin is. Dêr hat er yn syn bondels tefolle tsjinbewiis fan jûn, sa’t ûnderskate resinsinten - ynklusyf ik sels - sinjalearre hawwe. Dizze gedichten op Rixt dogge him lykwols gjin goed, en je freegje je ôf wêr’t dat ferskil no krekt weikomt. Is dêr in publikaasjeplicht ynsteld? Past engaazjemint net goed by poëzij? Leit it oan de missy fan Rixt: ‘Wy skriuwe en publisearje gedichten oer aktuele saken yn en bûten Fryslân. Wy toane de fitaliteit en aktualiteit fan de Fryske poëzy oan in breed publyk’? Hat it te krijen mei dy selsferklearre opdracht om te skriuwen foar ‘in breed publyk’? Nee, dat kin it allegear net wêze; 'aktuele' gedichten foar in breed publyk binne net by definysje minne gedichten.
Dit is in riedsel dat tinkt my inkeld oplost wurde kin troch de redaksje.

Abonneren op:
Posts (Atom)