maandag 24 februari 2020

Hannen ôf fan de Dichter fan Fryslân

Dat sá komme de proefballontsjes yn 'e wrâld. Meitsje in dokumintêre oer Fryske poëzij en lit dêr ien of oar kopstik yn sizze dat er werklik hopet dat de folgjende Dichter fan Fryslân gjin Frysktalige gedichten skriuwt. Mar Hollânsktalige, tinkt de sjugger/harker dêr fansels dalik achteroan. En hy tinkt dêrnei: do ek, Brutus? 

Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, it kopstik yn kwestje, besleat nei in pear Frysktalige eigen dichtbondels en in moaie twatalige blomlêzing út de Frysktalige poëzij fan min ofte mear syn generaasjegenoaten (Droom in blauwe regenjas) it kantoarke fan syn bedriuwke nei Amsterdam te ferpleatsen en him fierder foaral ta te lizzen op Hollânsktalige kut- en  lulgedichten (Kutgedichten, Klotengedichten). 

Sûnt hat de Hollânsktalige tak fan syn bedriuwke aardich súkses yn it rûnreizgjend performance-sirkwy, wylst de Frysktalige tak dêrneffens wat achterbliuwt. Logysk, want fan dat Frysk kinne jo net ite en slacht de sintrale ferwaarming net ienris oan, lit stean jins libido. Bruinja, in baas netwurker, hie wol safolle súkses dat er net inkeld yn 2017 beneamd waard ta 'Dongeradichter' fan de gemeente Dongeradeel mar yn 2019 sels ta 'Dichter des Vaderlands'.

Dat wûnderaardige súkses misgunt him fansels net ien. Bruinja is oeral, docht alles, leit kontakten, befoarderet eigen en oarmans belangen en hy is wat dat oanbelanget it net mis te rinnen oaljemantsje fan it Nederlânske poëzijsirkuske. Dy't it no opportún achtet om it Frysk as kultuertaal mar ris efkes in reis te ferkeapjen. Wylst de Frysktalige literatuer - en yndie, de Fryske taal - alle stipe brûke kin dy't mar te krijen is, wylst it provinsjale taal- en kultuerbelied foar in grut part rjuchte is op it ûnderstypjen, mei ús belêstingsinten, fan dyselde Frysktalige literatuer en dyselde Fryske taal, ropt Bruinja wat oars. 

Hy hopet dat de folgjende Dichter fan Fryslân gjin Frysktalige gedichten skriuwt. Want, neffens him: 'in Fryslân moet het altijd in het Fries'. Is it net ferskriklik, en dat yn in meartalige provinsje lykas uzes? 

Mar it is Bruinja dy't ûnsin ferkeapet. Hy docht dat grif as 'His Master's Voice' fan ús provinsjale kultuerynstellingen dy't, mind you, al folle langer dwaande binne om it Frysk út it sintrum fan de subsydzjestreamen wei te pesten. 'In Fryslân moet het altijd in het Fries' is domwei in leagen. Wolris it tydskrift De Moanne lêzen, Bruinja? It lot fan Trotwaer neirûn, dat tydskrift dêr't ik dyn jiergongen fan krige om'tsto der gjin belang mear by hiest, tank nochrisom? Of de programmearring fan Explore the North besjoen? Of de stroffelstiennepoëzij fan Ljouwert? Noait wat aparts opmurken oan de taligens fan it topsegmint fan LF2018? 

Wa't blyn wêze wol, moat foaral de eagen ta dwaan. Nee, yn Fryslân moat net alles altyd yn it Frysk. Hoe soe dat ek? De helte fan de Fryske befolking praat wat oars: Hollâns, stedsk, mar ek Bilts, Stellingwerfs, Turks, Marokkaans, Surinaams, sis it mar. Gjin ein oan de talen en dialekten yn Fryslân. Ien fan dy talen, de grutste, is it Frysk, in taal dy't troch mear as de helte fan de befolking yn de provinsje praat wurdt en dêr't ús demokrasy oant yn Europeeske ferdraggen ta fan bepaald hat dat dy taal bedrige wurdt, achterút kachelet, en út it eachweid  wei fan minskerjuchten en diversiteit rjucht hat om mei in taal- en kultuerbelied stipe te wurden yn in bysûndere ynspanning fan ryks-, provinsjale en gemeentlike oerheden. 

Tsead Bruinja kin syn optinksels yn Nederlân - en Fryslân - rûnom publisearje, der binne tydskriften, kranten en multymediaprogramma's sûnder tal dêr't er syn Hollânsktalich wurk oan slite kin. En dat jildt fansels foar elkenien dy't graach Hollânsk skriuwe wol en in bytsje oanlis foar taal hat. Publyk foar soks is der ek by 't soad te finen en it kultuerkommersjele 'kom, we doen er een gedichtje bij' wrâldsje skinkt him in ûngelok oan goedkeape wyn fan de Lidl. 

Hoe oars is de wrâld dêr't de Frysktalige dichter en skriuwer yn libje. Talint genôch, mar hast gjin publyk, hast gjin oanmoediging, hast gjin kollega's, hast gjin publikaasjemooglikheden, hast gjin wurdearring, hast gjin literêre krityk, en hast gjin jild. Bruinja wol dat no om him movearjende reden efkes net sjen, mar hy wit bliksemse goed it ferskil. En hy wit bliksemse goed dat krekt dêrom ús provinsje in taal- en kultuerbelied hat dêr't sûnt in tal jierren de Dichter fan Fryslân in net ûnbelangryk part fan útmakket. 

Dy Dichter bringt Fryske poëzij nei it publyk op in wize dy't net mooglik west hie as dat amt net ynsteld wie. Dy Dichter sit yn in unike posysje om Frysktalige keunst fia publikaasjes yn kranten en op de Omrop yn it each rinne te litten; om de 'sichtberens' derfan te fergrutsjen. Dy Dichter is net yn it libben roppen om de projektromte fan ynstituten te fergrutsjen, mar om de befolking breder as oars kinnen hie kennismeitsje te litten mei de krêft en de skientme fan it bedrige Frysk as literêre taal. Sûnder dat soks op kosten giet fan Hollânsktalige lêzers of Hollânsktalige skriuwers. Kin 't noch moaier? 

Hannen ôf fan de Frysktalige Dichter fan Fryslân, Tsead. En oaren.


.

8 opmerkingen:

  1. Jawis, Ceasar (geintsje). Goeie réaksje, Abe op dy maklike kut- en lulgrap nei dan. Ik sil troch al dy réaksjes nochris goed neitinke oer wat ik sein ha. Noflike jûne noch.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Dat is goed, Tsead, tink der nochris oer nei. Myn stikje sit retoarysk wol wer aardich yn elkoar leau 'k, it moat wol lêzen wurde ommers. Mar ik skrok wol. Dat útrekkene dó dit sa nei foarren bringst komt op my oer as ferrekte spitich en ik begryp der neat fan, mar dat wie dy al dúdlik. Do bist sels ien fan de belangrykste minsken mei inisjativen yn de Fryske literatuer - sokken kin dy literatuer net misse.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. It bedriuwke, it oaljemantsje en de netwurker sil him der ris oer bûgje en yn petear gean mei de dichter en de minske. Ik kin dy no al sizze dat net winne sil wat it bedriuwke, it oaljemantsje en de netwurker handich útkomt, lykas it gearstallen fan de blomlêzingen 'Kutgedichten' (2003) en 'Klotengedichten; (jannewaris 2005 - koart foar 'Dream yn blauwe reinjas' dat yn oktober 2004 útkaam - dêrnei folge allinne noch 'Het eerste wonder - gedichten over geboort' yn 2007 gearstald mei Thomas Möhlmann), just dy ludike titel hienen om it publyk op in boartlike wiize mei in serieuze seleksje út de Nederlânske poëzij yn kontakt te bringen. Retoaryk is my net frjemd, mar wat skowe mei jiertallen of se gewoan fuortlitte om my earst wat te diskwalifisearen en dêrnei op myn opmerkingen út de dokú yn te gean, fyn ik net noadich. Wol moai dat ik dêr hjir op reageare mei en datsto de tiid naam hast om dêrop te reagearen. Dit hie fan it begjin oan ôf in petear wêze kinnen.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Wat my ek opfalt yn dyn réaksje en dy by Cor syn facebookupdate is dat it ferhûzjen nei Amsterdam of it wenjen hast as in misdie sjoen wurdt. Wa't dat docht, is hast net mear te fertrouwen. In grut tal Fryske letterkundigen ha dit dien, of ha hjir of hjirre yn `e buert studearre, wenne of wurke. Binne dy skriuwers, oersetters e.d. allegearre fertocht omdat se net yn Fryslân wenje of weromkaam binne?

    Ik ha bewûndering foar dyn ynset foar de Fryske literatuer en taal. Dyn belutsenheid is grut en dy bydrage is wichtich, but 'with great power, come great responsibilities,' sei de omke fan Spiderman. In útspraak dy't Spidey him noch faak yn it sin bringe moat as er poer is of fertritlik.

    BeantwoordenVerwijderen
  5. Fia myn social media kannalen ha ik no it folgjende dield.

    https://www.facebook.com/DichterdesVaderlands/posts/3023055604373193

    Aanvulling op wat ik heb gezegd in de documentaire 'It Wurd Wat' (Omrop Fryslân)

    In de documentaire van Omrop Fryslân, die afgelopen zondag werd uitgezonden, zeg ik dat alles in Friesland in het Fries moet en dat ik hoop dat de volgende Dichter fan Fryslân een dichter zal zijn die in een andere taal schrijft. Bij sommige mensen is dat kwetsend overgekomen. Zij werden boos of verdrietig en ik begrijp dat nu. Met mijn opmerkingen heb ik geen aandacht gegeven aan de bedreigde positie van het Fries of het feit dat positieve discriminatie van die taal in sommige gevallen nodig is om bij te dragen aan de overlevingskansen van de taal. Dat had ik anders kunnen formuleren. Ik heb het verkeerd gezegd, de uitspraak was te algemeen en klopt niet helemaal; in Fryslân hoeft niet alles in het Fries. Veel van wat er gebeurt op literair gebied, bijvoorbeeld op festivals, gebeurt in het Nederlands. Dat Friestaligen het recht hebben om bijv. in de rechtbank het Fries te gebruiken en dat er op het gebied van de literatuur landelijke regelingen en stipendia zijn voor Friese auteurs en Friese literaire uitgaven, is mij veel waard. Ik zou ook graag zien dat het Fries in het onderwijs een nog grotere en stevigere rol zou krijgen.

    Waar ik mij aan stoorde, was het feit dat het wel een wet leek dat de volgende Dichter fan Fryslân een Friestalige dichter moest zijn. Dit werd mede ingegeven door een voordracht in Brussel tijdens de Friese Dag waarbij er vanuit de organisatie of de subsidieverstrekkers een soort allergie voor het Nederlands leek te bestaan. Tijdens een Friese dag zou je volgens mij niet alleen het Fries moeten horen, maar ook een aantal andere dialecten en talen die in de provincie worden gesproken.

    Ik vind dat de Friese taal en de Friese literatuur op landelijk en provinciaal niveau royaal ondersteund moet worden.

    Ik geloof niet dat alles in Fryslân in het Fries moet.
    Het is bovendien prachtig dat er een Dichter fan Fryslân is, goed dat de vorige DFF en de huidige DFF in het Fries schrijven en dat hun werk in het Nederlands en Engels wordt vertaald.

    Kijk vooral eens op

    https://dichterfanfryslan.nl/ (Fries)

    https://dichterfanfryslan.nl/nl/ (Nederlands)

    of op (en like de pagina om op de hoogte te blijven):

    https://www.facebook.com/DichterfanFryslan/

    Ik ben er niet voor (en ik weet niet of dit wettelijk of beleidsmatig is vastgelegd) dat die DFF per definitie in het Fries zijn of haar gedichten schrijft. In de discussie naar aanleiding van mijn opmerkingen heb ik gezegd dat hypothetisch gezien een Duitstalige DFF mogelijk zou moeten kunnen zijn. Dat is natuurlijk wat overdreven. De mogelijkheid van een Nederlandstalige DFF lijkt mij gezond (net als een Nederlandstalig programma bij Omrop Fryslân) omdat Nederlandstalig schrijvers, journalisten of dichters even grote kansen verdienen om in hun heitelân en in hun moedertaal te groeien en hun stem te laten horen.

    De docu is hier te bekijken:

    https://www.omropfryslan.nl/…/939932-omrop-tip-fryslan-dok-…

    P.s. dit stukje is een reactie op de volgende posts/blogs:

    http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/…/hannen-of-fan-de-…

    https://www.facebook.com/Knilless/posts/1912013095610346

    BeantwoordenVerwijderen
  6. Thanx, Tsead, foar dyn reaksje, dat liket derop en wurdt tige wurdearre. Miskien wie ik wat oan de ferfelende kant yn myn stikje, mea culpa. De oarsaak dêrfan is in yn myn eagen strieminne dokumintêre oer, ik wit net iens wêr oer, en dan as klap op de fjoerpylk dyn útspraken oer poëzij yn Frl. en de DFF. It is net sa, absolút net sa, dat dyn Hollânsktalige aktiviteiten troch my mei in skalk each besjoen wurde: wat ik dyn 'bedriuwke' neam, is it resultaat fan hurd wurkjen, alle respekt (ek al is it yndie, kwa omset, nim ik oan in bedriuwke). Mar it leit op myn wei om my inkeld dwaande te hâlden mei Frysktalige literatuer. Oan 'e ein skriuwst datst noch altyd tinkst dat der romte wêze moatte soe foar in Hollânsktalige DFF, en ik bin it noch altyd net mei dy iens op dat punt. Mocht it yn de polityk oan 'e oarder komme, dan sil ik my dêr op 'e nij fûl tsjin fersette. No sa! Mar wer skriuwe!

    BeantwoordenVerwijderen
  7. As in 'outsider' fyn ik dit allegear wat dommich, mei'k dat sizze? De definysje fan Fryske literatuer is dochs hast dat de skriuwers de ûnderdrokte Fryske taal stim jouwe? Op dat stuit makket it gjin donder út of't dy stim yn it Frysk is of yn it Somalysk, Dútsk of Luxemburgisch is. Dichter fan Fryslân behimmelts eltsenien en dat is korrekt. Oft dat no yn it Frysk is of wat foar taal dan ek.

    As mienskip wat minder bang wêze foar de 'grutte broer' dy grutte broer stiet sels ek ûnder drok fan de taal fan myn húdiche lân it Ingelsk. Mear tegearre, minder 'navelgazing' en grutsk wêze datin man as Tsead in moaie stipe pakket foar syn wurk.

    Ik sil wer nei myn Lidl-wyn, mar moest it eefkes kwyt.

    BeantwoordenVerwijderen
  8. Ja, dat mei fansels. De definysje fan Fryske literatuer is 'dochs' yndie nét 'dat de skriuwers de ûnderdrokte Fryske taal stim jouwe'. Ik skriuw net om myn taal in stim te jaan, ik skriuw om keunst te meitsjen yn myn taal, hoe faak oft dat ek mislearret. Mei oare wurden, it makket alle donders út yn watfoar taal dat is, tinke jo net, doktor?

    BeantwoordenVerwijderen