frij oer te nimmen
WAT NO, FRYSKE KULTUER?
Dat, sa leit it lân der sa likernôch hinne:
- striemin of non-eksistint Frysk ûnderwiis;
- gjin universitêre stúdzje Frysk;
- gjin Frysktalich wykblêd;
- gjin Fryske literatuer dy’t noch wat foarstelt;
- gjin lêzers foar Fryske boeken;
- gjin kennis fan Frysk ferline;
- gjin debat oer in Fryske takomst;
- gjin belang by Fryske kultuer.
Rot op nei dyn eigen lân.
O ja. Ferjitten. Der moatte ministearjes komme. En autonomy. En ‘makkers’ dy’t wat meitsje. En projektsubsydzjes mei effekt. En de minsken moatte dochs foaral Frysk prate mei har bern. (Dat moasten se om 1900 hinne ek al.)
Nei it rampjier 2018 – it rampsillich jier fan miste kânsen, noch mear kommersy, noch mear populisme, noch mear lykskeakeling – komt it krúspunt.
Rjuchtút leit ûnlân. Rjochtsôf wachtsje de pompeblêdklompen. Linksôf, dat is in oar ferhaal, miskien.
Yn maart binne der ferkiezingen. In minimumprogramma:
– foar in grut oantal oerheidsbanen wurde Fryske funksje-easken ynfierd;
– it Frysk ûnderwiis is folle earder as krekt yn 2030 ynoarder;
– de provinsje set swier yn op in folweardige stúdzje Frysk yn Grins;
– Fryske media stappe mei-inoar yn in Frysk wykblêd (papier/ynternet);
– der komt in algemien Frysk ynboargeringskursusprogramma mei dúdlike foardielen foar dy’t der oan meidocht en slagget.
Al it oare is praat om ’e nocht foar eigen foardiel.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten