It saneamde ,,Taalplan Frysk" fan de provinsje draait om it ferlienen fan parsjele ûntheffingen foar Fryske leardoelen op skoallen dy't dêr om freegje. Hjoed hat it Friesch Dagblad der in stik oer dêr't de provinsje yn oan it wurd komt. It giet derom dat de ûnderwiisynspeksje aansen mear hânfetten krijt om it fak Frysk op skoallen te beoardieljen. ,,Zo wordt de invulling van het vak minder vrijblijvend", fettet de krante gear.
De ûntheffingen jilde foar fjouwer jier. En dêrnei? Amtner Tjerk Bottema: ,,We hopen dat veel scholen hun doelen dan naar boven hebben bijgesteld." En, stiet der ek: ,,Wel hoopt de provincie de scholen (..) ertoe te bewegen meer te doen voor het vak."
Hoop? It gie dochs om in ,,plan"? Dêr stiet net in wurd oer yn 'e krante. Tsientallen skoallen krije ûntheffing en der is blykber gjin plan om dy skoallen te begelieden en te stypjen op wei nei goed Frysk op skoalle. Ynstee fan skoallen te helpen dy't achterbliuwe, wurde se troch de provinsje oan har lot oerlitten - en de bern binne de dupe. Yn de hiele provinsje.
Yn de ûnderlizzende stikken giet men derfan út dat skoallen yn gebieten mei minder Frysktaligen faker in ûntheffing krije sille - dat kin fansels net: diskriminaasje op grûn fan wenplak. Mar watfoar skoallen hawwe al in ûntheffing krigen fan 't jier? Neamd wurde as foarbyld skoallen fan de feriening foar kristlik primêr ûnderwiis Noventa: kbs De Tarissing yn Droegeham, kbs De Bernebrêge yn Surhústerfean, kbs De Claercamp yn Gerkeskleaster, kbs De Oanrin yn Twizel.
Allegear yn poer-Frysktalich gebiet.
Dus: it giet net inkeld om skoallen mei in soad Hollânsktaligen. En it giet mei skoalkoepels tagelyk. It heale Frysk ûnderwiis wurdt frijsteld fan it iene of it oare leardoel (dochs al op syn dizenichst formulearre as: [wat] prate kinne, [wat] lêze kinne, [wat] skriuwe kinne). En witte jo noch wat: it hiele idee hat noait yn Provinsjale Steaten op 'e wurklist stien.
22 desimber is in prachtige dei om hearre te litten wat jo hjir fan tinkt. Goed Frysk op skoalle is in bernerjocht, seit Sis Tsiis. Dêrom: stop ûntheffingseksploazje - jou Frysk op skoalle!
Dit is it gefolch fan belied fan langer lyn om kearndoelen op 4 nivo 's oan te bieden.
BeantwoordenVerwijderenHat de doar op in kier set fan wat no bart: gjin kar yn nivo 's, mar ûntheffings fan kearndoelen sels.
Wetter streamt fan heech nei leech. Dit moast de maklikste, mar inste wei op foarhân wol yn de kaart spile. En is doe 't er der noch om gie ek sein wurden. wei