Hoe sjocht it Frysk ûnderwiis derút as men dernei sjocht yn it perspektyf fan de twa hegeskoallen yn Ljouwert, dy’t opliede foar it fak fan learaar Frysk twaddegraads? Ik fetsje gear wat ik hear út it fjild, sa’t ik dat earder dien ha mei ûnderfiningen mei it Frysk yn it basisûnderwiis.
Binne der eins wol studinten dy’t optearje foar in baan as learaar Frysk yn it fuortset ûnderwiis? Ja… in pear. Oan de NHL wiene der fan ’t jier fjouwer (4) earstejiers haadfakstudinten Frysk. Fan wa’t der wilens al ien opholden is. En dêrmei is it noch in goed jier ek, want meastentiids binne der minder as trije nije earstejiers.
Wêrom binne it der sa’n bytsje? De hegeskoallen soene graach sjen dat der yn it fuortset ûnderwiis mear fraach wie nei dosinten Frysk. In grut probleem, sa wurdt sein, is de gimmestykjuf dy’t it Frysk der in bytsje by docht, of de skoallen dy’t it Frysk as projekt jouwe (Marne Kolleezje, Boalsert) of der hielendal neat oan dogge. Sokke skoallen freegje fansels net om in goed oplate dosint Frysk. En de ynspeksje lit dat allegear mar wat gewurde, wylst der by in oar fak boppe op sprongen wurde soe. In gymjuf dy’t wiskunde jout, omdat se wolris it oerflak fan it gymlokaal opmetten hat. Kinne jo it je yntinke?
Frysk is foar alle studinten oan de NHL en Stenden in ferplicht fak yn it earste jier. Oan de NHL is it ek yn it twadde jier in ferplicht fak, oan Stenden net. Yn it tredde jier kinne studinten kieze oft se it foech Frysk helje wolle, sadat se Fryske les jaan meie oan basisskoallen. Se moatte dan it A-diploma fan de Afûk helje en in koarte kursus didaktyk en taalsosjology folgje. By Stenden bart dat folle mear as oan de NHL; dêr wiene dit jier mar fyftjin studinten foar it foech Frysk. Studinten dy’t letter op in trijetalige skoalle wurkje wolle, kinne oan de NHL in aparte trijetalige oplieding folgje. In probleem is wat der bart as se it hbo achter har litten hawwe. Dan wurdt der faak sa’n bytsje mei it Frysk dien dat de kennis wer fuortsakket.
By pabo-studinten dy’t op in trijetalige basisskoalle sitten hawwe, moatte de pabo-learkrêften de âlde kennis faak efkes aktivearje, en dan witte se al gau wer hoe’t se Frysk skriuwe moatte. Mar pabo-studinten dy’t út it reguliere basis- en fuortset ûnderwiis oerkomme hawwe gjin inkelde boaiem – behalve as se út in FNP-húshâlding komme of tafallich Frysk as eineksamenfak hân hawwe. En dat wylst dy allegear ferplicht Fryske les hân hawwe yn it fuortset ûnderwiis.
Mar, sa is de ûnderfining, dêr ha se neat opdien dat hingjen bleaun is. Sitaat: ,,Ik moat by dy studinten, de grutte mearderheid, hielendal by nul begjinne.”
Gjin wûnder, want dy’t nei de ‘leardoelen’ fan it fak Frysk yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis sjocht, springe de triennen yn ‘e eagen. Lykas:
• De leerling leert om via voor hem zinvolle contexten een Friese woordenschat op te bouwen door verschillende strategieën toe te passen.
• De leerling leert een informeel gesprek in het Fries te voeren met leeftijdgenoten over onderwerpen uit zijn dagelijks leven.
• De leerling leert zich mondeling en schriftelijk begrijpelijk uit te drukken en zich te houden aan taalconventies die voor het Fries gelden (spelling, grammaticaal juiste zinnen, woordgebruik).
• De leerling leert Friese verhalen, gedichten en informatieve teksten te kiezen en te lezen die tegemoet komen aan zijn belangstelling en zijn belevingswereld uitbreiden.
Dat dy doelen sa leech, faach en neatsizzend binne en ta suver neat ferplichtsje, al hielendal net as men se ferliket mei dy foar it ûnderwiis yn de Nederlânske taal – dêr is by de ynfiering troch de aksjegroep Te Mâl yn 2005 fûleindich tsjin protestearre. It hat lykwols neat úthelle. It offisjele idee wie wakker dat, as skoallen mar net ‘oerfrege’ waarden, it dan stadichoan better wurde soe mei it Frysk.
Dus net.
Wat te dwaan om de sitewaasje te ferbetterjen? Sa út en troch jout der ris ien út it wurkfjild lûd, mar oplossingen wurde steefêst yn ‘oerlis’ smoard. As skoallen al yn beweging komme wolle, ûntstiet der in hiel oerlissirkus, mei ynspraak, der folget fansels in ‘hiel sinfolle diskusje’, der wurde ferslaggen skreaun, der wurde kommisjes ynsteld.
Mar der feroaret neat.
It iennichste wat echt helpe soe, is as de ynspeksje Frysk as elk oar fak behannelet. As der te min oan dien wurdt, soe de skoalle in negative beoardieling krije moatte en - yn it ultime gefal, as it te lang min bliuwt - slute moatte. Mar de ynspeksje hat yn 2010 hast letterlik sein dat er net mear nei Frysk sjocht, omdat dat fak der dochs mar in bytsje by hinget. Salang't de provinsje gjin dúdlike kearndoelen foar de skoallen fêststeld hat, en salang't der net folle mear dosinten Frysk oan it wurk binne, kin de ynspeksje net ynspektearje. Mei oare wurden: de bal leit by de provinsje.
Op guon skoallen yn it fuortset ûnderwiis telt it sifer foar Frysk net iens mei foar it rapport.
Jo witte fansels fan it promoasje-ûndersyk yndertiid fan Jabik van der Bij mei as titel "Een Echternachse processie". Wie al bepaald gjin bûter yn de brij
BeantwoordenVerwijderenAs ik jo stik hjir lês, soe dy titel no noch te posityf en te folle ear wêze, en earder delkomme op: gjin stap mear foarút, earder achterút.
Liudger yn Drachten hie in priis as taltalige skoalle krigen, wiein skoft lyn op Omrop Nijs.
Ik ha dêr de fraach mar steld: gjin Frysk- Hollânsktalige, mar Hollânsk-Ingelstalige twatalichheid, tink?
Ik krige gjin reaksje. En hie dus antwurd krigen.
Salang as it Ryk en de Provinjse gjin konkrete ynfolling jouwe oan it begryp "substantial part" út it Europeeske Hânfêst foar Taalminderheden, bliuwt it skraabjen by de kant lâns en bliuwt it Frysk yn it ûnderwiis yn de nederklits, dy fan Bittsteller.
It troch it Ryk ûndertekene hanfêst mei net ta reade lape wurde, want it reade taske fan Salverda bestiet!
Oant op de dei fan hjoed: út Fryske taal. En mei net op de mestvaalt der geschiedenis belanje. Want hat formelearre rjocht fûn yn Brussel en De Haach. Mar it moat fan't papier nei de praktyk. Earder is ús taal gjin rjocht dien.
Ik rin nea mei oaren mei, mar tongersdei 22 desimber al!
As we der net om tinke, sitte wy der skielk ek sa ta:
BeantwoordenVerwijderenhttp://www.itnijs.frl/2016/12/wer-hope-foar-omtrint-utstoarne-taal/