maandag 13 oktober 2014

Sis jim lidmaatskip fan It Fryske Gea mar op

Henk de Vries, direkteur fan It Fryske Gea, lit oer it wynmûnepark Harlingen Seedyk, dat neffens plan en sûnder protest fan natuerklups realisearre wurde moat boppe-op de súdlikste fan de fiif natuerterreinen 'De Bjirmen', flakby Roptasyl, it neifolgjende witte: 

,,De Bjirmen bestaat uit vijf kleine terreinen die tegen de zeedijk aan liggen. Deze gebieden hebben vooral een relatie met de Waddenzee. De clusters molens hebben geen invloed op de natuurwaarden van de Bjirmen, daar staan ze ver genoeg weg van de Waddenkust. Dat was één van de punten waar we goed naar gekeken hebben." 

Koartsein: IFG giet akkoart mei Harlingen Seedyk. Ien mûne (170 meter heech) stiet op sa'n tachtich meter ôfstân fan in Bjirmen-terrein. In oare mûne (170 meter heech) stiet op sa'n 150 meter fan Roptasyl sels.  

IFG fynt it belangriker om mei de wolven yn de bosk mei te gûlen as te dwaan dêr't it troch leden en donateurs foar betelle wurdt, nammentlik syn natuergebieten te behearen as in goed rintmaster. 

Profisiat, Henk de Vries. Ik hoopje dat dizze stommiteit jim bergen leden kostet - en ik sil fan myn libben net lid wurde fan sa'n klup natuer- en lânskipsferrieders as IFG.




Om dit gebiet giet it: 


Geen opmerkingen:

Een reactie posten