Mei net in wurd reppe de sammele natuerklups nóch It Fryske Gea oer it lullige feitsje dat in part fan ien fan de natuergebieten fan It Fryske Gea, ‘De Bjirmen’, presys tusken de yndustryhaven fan Harns en Roptasyl yn leit. En der is al helendal gjin praat troch de sammele natuerklups, noch troch It Fryske Gea, oer it unike hillige plak dat Roptasyl is.
De blanken moarden de buffalo’s út en It Fryske Gea ferbrast net allinnich syn eigen kapitaal oan de waan fan de dei, mar en passant ek ien fan de meast bysûndere ‘lieus de mémoire’ oan de Fryske waadkust. In oare konklúzje is net mooglik.
De direkteur fan It Fryske Gea, Henk de Vries, hat begin dit jier noch by heech en by leech folhâlden dat It Fryske Gea him teskoar sette soe tsjin elke bedriging fan syn natuergebieten. Mar Henk de Vries produsearre mei dat sizzen blykber itselde fenomeen as dêr’t aansen de subsydzjemûnen boppe-op syn (no noch) natuergebiet op draaie: wyn.
Aansens sille Deputearre en Provinsjale Steaten kedize oer it adfys fan de kommisje-Winsemius. As ien fan de spesjaalste plakjes fan Fryslân gjin beskerming krijt fan Fryslâns ‘natuerbeskermers’, dan sille heil en sûn ferstân komme moatte fan ús politisy. Fan de FNP op it foarste plak.
Rêd Roptasyl, skras Harlingen Seedyk.
Miskien helpt it in lyts bytsje as jo dizze tekst yn in mailtsje plakke en stjoere nei sawol It Fryske Gea (info@itfryskegea.nl) as nei de Steatefraksje fan de FNP (fnp@fryslan.nl).
Geen opmerkingen:
Een reactie posten