maandag 15 september 2014

Twadde essaybondel ferskynt yn novimber by útjouwerij De Contrabas yn Utert

Om 15 novimber hinne ferskynt by útjouwerij De Contrabas yn Utert myn twadde, sa'n 240 siden tsjûke essaybondel Erfskip & krisis. Essays oer Fryslân en Fryske literatuer 2

Abe de Vries (1965) is, neist dichter en sjoernalist, ien fan de belangrykste essayïsten yn de Fryske literatuer. Yn 2008 ferskynde syn essaybondel Identiteit & kowesturten, wêryn’t er pleite foar mear refleksje op de Fryske literatuerhistoarje. Op it snijflak fan literatuer, skiednis en autobiografy bringt dizze twadde bondel in seleksje fan essays, koartere skôgjende stikken, ynterviews, taspraken en ferkenningen dy’t er skreau fan 2008 ôf. Abe de Vries krige yn 2005 de Gysbert Japicxpriis foar syn twadde dichtbondel In waarm wek altyd (2004). Identiteit & kowesturten waard yn 2012 nominearre foar de Fedde Schurerpriis.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten