Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad, oer it plan fan de provinsje om in 'yntindant' foar de Fryske literatuer oan te stellen, dy't soargje moat dat Fryske boeken bûten de provinsje en yn it bûtenlân omtinken krije:
"Ut ‘it fjild’ komme lûden dat no earst thús mar ris de boel better beoardere wurde moat. Dêr sit fansels wat yn. Skriuwers moatte hjir oan de útjefte fan eigen boeken meibetelje, oars ferskine se net. Boeken berikke hieltyd minder keapers. Literêre tydskriften moatte op syk nei sponsoaren. De Frysk-literêre flagge hinget der op eigen hiem suterich by, wat sille wy dan oer de grinzen sjen?
Miskien leit de oplossing yn in útwreiding fan it takepakket fan bedoelde yntindant. Soms kin belangstelling ‘fan bûten’ de eigen literatuer wol deechlik in ympuls jaan. Dat wie bygelyks it gefal mei de Spiegel. Dus ja: besykje it nochris. Mar soargje dan dat de nije funksjonaris ek wat betsjutte kin oan it thúsfront. Lit him of har ék de oanjeier wêze dy’t de stichting Boeken fan Fryslân, de opfolger fan It Fryske Boek, op dit stuit sa jammerdearlik mist."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten