woensdag 28 maart 2012

De lêste foto's fan Geart Jonkman


De Fryske skriuwer Geart Jonkman en syn frou, de dichteres Tsjits Peanstra, fotografearre troch Ids Mulder yn it tún fan de Jonkmans yn Raerd. It jier is 1970. In pear moanne letter soe Jonkman komme te ferstjerren oan in hertoanfal. Foto: privee-argyf Machteld Mulder.


Tsjits Peanstra, Geart Jonkman en Idske Mulder-Pijlman, fotografearre troch Ids Mulder achter hûs by de Jonkmans yn Raerd yn 1970. Foto: privee-argyf Machteld Mulder.

500 Nije Fryske wurden!

Kin Fryslân 500 nije Fryske wurden taheakje oan de taal? It is ien fan de ideeën dy’t de bidbookgroep 2018 hat om it brûken fan, en it entûsjasme foar, it Frysk te befoarderjen. It Frysk sit grôtfol “âlde” wurden, dy’t faak in agraryske achtergrûn hawwe. Mar hoe sit it mei wurden foar saken dy’t yn it moderne libben opkomme? Gauris wurde Ingelske wurden oernaam, sa’t soks ek yn it Nederlânsk it gefal is. Mar kinne wy ek net ús eigen nijfoarmjende fantasy oansprekke?

Wat soe it moai wêze as der de kommende jierren in grutte aksje op tou set waard om yn gearwurking mei skoallen, mar ek mei oare organisaasjes en ynstellingen te soargjen foar sa’n ympuls oan de taal. Bern soene meitinke kinne. En sels mei wurden komme. Mar ek is ferdjipping noadich, in ynspanning om nei te tinken wêr’t de taal krekt ferlet fan hat, wêr’t de ‘taalgatten’ sitte.

Kulturele Haadstêd 2018 wol hjir graach in oantrunende rol yn spylje en yn gearwurking mei ynstellingen as Afûk (Praat mar Frysk) en Fryske Akademy ta in plan komme foar de perioade 2013-2018. Elk jier 100 nije Fryske wurden!