woensdag 29 juni 2011

Hoop fan Holwert

Hoop fan Holwert, hoefolle fourwheel drives
   rôlje troch dyn smelle glydsbaantsjes
      foar te grutte knikkerts? Hoefolle hûzen
   te keap, hawwe leaf en sear dien,
hânmitsele yn reade bakstien?
   Noch is it wachtsjen
      op waadmiljoenen oan moederaasje
en in nij leauwe foar pake en beppe.

Wat silsto útheve mei dyn treddehâns
   fehikels? Ien wrak smyt mear op as watst oait
      swart fongst foar in plusmiet ierdappels.
   Mar so what, it is merke,
elk giet by himsels ter kerke.
   Letter út ’e buorren te hearren,
      fannijs hie it kâld west op ’e slotjûn
fan iisferiening “Vriendschap”.

Wat tinksto, ast dyn liif nei it suden draaist,
   en oan ’e kym ljochtet it, dyn eagen
      op de coole draak fan Dokkum?
   It is in begûcheljen dat lokket
yn ’e snaren ast de takomst plôkest.
   Mar hasto noait sjoen
      hoe’t beskútbakkers út ’e dridze springe
om alle slykhokken goed yn ’e Toto?

Wat silsto weiglydzje, al te waanwiis
   is buormans gek, do moatst knibbelje
      foar in goed rapportsifer en foar subsydzje.
   Sixpacks pakke dyn búkje oan,
miskien komt Brussels lof moarn
   om in omloop te pearkekeatsen,
      alaaf te roppen by de biersûperij,
smoarrike negoasje te tellen by de boaten.

Hoop fan Holwert, snaai tenei dines mei
   fan de oerfloed op It Amelân,
      dêr’t it altyd wer eb is en de big racks
   prate kak, it taaltsje, do kenst it.
Gakje grutsk datst hjir wennest.
   Wjokje foar my, en doch it rûnom te witten:
      yn Holwert skreau Waling-om,
yn Holwert wurde de reidtekken fernijd.





.

dinsdag 28 juni 2011

Cool


www.flickr.com/photos/abedevries

KOLLUM (3): Literêre diskusje? Ideeën frege


No is it ideologysk net sa handich om in stikje oer bedrigings foar de Fryske literêre kultuer te begjinnen mei it memorearjen dat Kneppelfreed dit jier fyftich jier lyn wie, want wat hat literatuer mei taalstriid te krijen en moatte wy dy twa saken net skiede?

It antwurd is: ja, yn dy sin dat literatuer gjin ynherinte ferplichting hat om it mear brûken fan in taal te befoarderjen. Mar ek: nee, yn dy syn dat literatuer – en hielendal de Fryske – wol in funksje hat yn it funksjonearjen fan taal. Foarbyld: sûnder de skriuwer en dichter Gysbert Japiks (lang lyn) hie der tsjintwurdich miskien wol hielendal gjin Frysk mear bestien.

Dêrom is it net ferkeard om te sinjalearjen dat de Fryske literêre kultuer, mei troch tadwaan fan de besunigingen op kultuer, yn dit betinkingsjier miskien wol faaier stiet as yn hokfoar post-Japiks perioade ek. De earste en op koarte termyn meast bedriigjende ûntjouwing komt fan bûten. It is de ôfnimmende finânsjele stipe dy’t Fryske útjouwers krije kinne fan it Nederlands Letterenfonds foar literêre útjeften yn it Frysk. It giet dan om poëzij, mar ek om tydskriften. Op het Letterenfonds wurdt, sa’t it der no hinne leit, sa’n 20 persint besunige troch it regear. Dat betsjut sûnder twifel dat de bydragen fan it Fûns foar boekútjeften – bydragen dy’t dochs al mei sa’n 30 oant 40 persint werombrocht binne de lêste jierren – noch fierder krimpe sille. Yn gewoane taal: der sil minder útbrocht wurde, en der sil minder kwalitatyf goed útbrocht wurde.

Poëzij útjaan is in relatyf djoere business. It boekje moat der kreas útsjen. Der moat in knap stikje papier brûkt wurde. Der wurde mar sa’n 200 stiks fan in útjefte printe. De prizen fan dichtbondels rinne omheech, in 17, 18 euro is al hiel gewoan. Mear as 100 stiks wurde der net gau fan in Frysktalige bondel ferkocht. Poëzij útjaan is foar in útjouwer dus in kulturele taak – jild wurdt der net mei fertsjinne. En it smyt wat prestiizje op, mar och wat is prestiizje yn in tiid dat dichters leger op de maatskiplike ljedder steane as de putsjeskeppers fan de wurkferskaffing?

Hoe’t it Letterenfonds ien en oar opfange sil, wit ik fansels net, mar dúdlik is dat it Fûns ek koartsje moatte sil op skriuwersbeurzen. Hielendal om’t aansens literêre festivals ek faker by it Fûns oanskilje sille foar jild. It Fûns sil op ’e nij prioriteiten stelle moatte, wat yn dit gefal betsjutte moat dat tydskriften en boekpublikaasjes wichtiger binne as beurzen.

De twadde en op langere termyn bedriigjende ûntjouwing komt fan binnenút. Dat binne de sa njonkenlytsen hieltyd opfallender mankeminten oan de literêre ynfrastruktuer te uzes. Ik tsjut hjir benammen op de literêre resepsje fan wurk. Wêr wurde de yngeande stikken publisearre, skôgings, essees, oer nij dichtwurk? Ik soe it net witte: net yn of op ensafh en net yn De Moanne yn alle gefallen.

Ensafh komt der net oan ta of lit jonge skriuwers oefenje op besprekken, en dat is fansels prima, mar it kin gjin ferfanging wêze foar de dregere skôging. Lêstlyn kaam in besprek troch Geart Tigchelaar fan de nijste bondel fan Arjen Hut foarby – in bondel dy’t nochal ôfbaarnd is troch Eppie Dam yn de LC. Dan ferwachtet de literêr ynteressearre lêzer dêr yn in literêr tydskrift dochs wat opmerkingen oer, mar nee.

Bondels moatte gauris in jier wachtsje foar't der wat mei dien wurdt. In goed foarybld is it debút fan Elske Kampen, Fan glês it brekken, sawol yn de LC as it FD bejubele. Ik ha der noch hieltyd neat fan langere azem oer lêzen yn de tydskriften. Myn eigen Sprankeskyn soe ik ek neame kinne (alfêst foar de takomstige skôger: nee, ik bin net ynienen kristlik wurden). Publisearret ensafh leaver resinsjes fan cd's? Hat de redaksje fan De Moanne besletten om mar hielendal gjin skôgjend wurk mear op te nimmen?

Fansels binne der wol redenen te betinken foar de bloedearmoede fan it literêr petear. Gjin minsken, gjin goede esseeskriuwers, gjin jild, gjin romte, oare prioriteiten, ferbreding fan tydskriften, wa lêst soks noch, ensafierderhinne. Allegear wier of heal wier of in ferlechje, mar ien ding stiet as in peal boppe wetter: sûnder refleksje gjin libbene literatuer. Sûnder refleksje dy’t wat om ’e hakken hat, moat ik derby sizze. Ja, der is in sinjalemintsje hjir en in fraachpetearke dêr. Neat mis mei, mar kommentaren en skôgings dêr’t de dichter sels ek wat oan hat, in bondel of in oeuvre op 'e kop hâlde, that’s different cake. En dy cake, sa liket it, is fierhinne op.

Halbe Zijlstra ha we net oan in toutsje. Mar sels omsjen nei nije wegen om de literêre diskusje libben te hâlden, dat kin er net ien ferbiede. Ideeën, immen?





.

zaterdag 25 juni 2011

STUDIO OUDEBILDTZIJL (10): De ijle zang van ongemak

Lies Van Gasse, Brak de waterdrager (Wereldbibliotheek, Antwerpen 2011)

Het gebruik van het persoonlijk voornaamwoord ‘men’ als ordeningsmiddel in lyrische poëzie komt sinds Gerrit Kouwenaar zo nu en dan wel eens voor, om het zuinig uit te drukken. ‘Men’ is een handige vermomming, als je eigenlijk ‘wij’ of ‘ik’ bedoelt, maar je wederwaardigheden nu eens een keertje wat breder wilt uitmeten. Laat een ‘men’ ze beleven en je gedichten worden een stuk democratischer en meer algemeen invoelbaar. De lezer krijgt door dat woordje ‘men’ de bemoedigende boodschap: dit gaat dus ook over jou.

In Brak de waterdrager schildert de Vlaamse dichteres Lies Van Gasse de ondergang van een verhouding tussen twee mensen, die eerst de passie beleefden, toen de pijn smaakten, vervolgens de zinloosheid van elkaars gezelschap als het ware uitduurden, totdat helemaal uitdoofde wat zich nog verstopt had aan smeulend vuur en het einde daar was. De summiere achterflaptekst laat niet na te vermelden dat hier een “persoonlijk verlies" van de dichter in het geding is. Het blijft vermakelijk, de paringsdans van de reclameboodschap met het leed dat iemand werkelijk geleden heeft.

Iemand, want wie, en wat, dat doet er niet toe. Men wende zich tot de tekst. In drie stromen, ‘Doorbraak’, ‘Maelstrom’ en ‘Een landschap lief’, bewegen de gedichten zich in zeewater, wandelen over stranden en begeven zich in een huisje. Het decor suggereert een oerbeweging, eb en vloed. Alsof ook de ‘men’, de ‘wij’ en de spaarzame ‘ik’ in deze teksten zo’n onvermijdelijke sequens volgen. Na opkomst volgt neergang, na de geneugten van het paradijs komt de pijnlijke menswording. 

Aldus goed gekleed voor symbolisch zwaar weer, kunnen de gedichten aan de slag. ‘Doorbraak’ is een cyclus over relationele claustrofobie – twee mensen opgesloten in elkaars leven, die sneuvelen en het opnieuw proberen, maar het lukt niet:

Hier waadde men door kamers
waar koffie nog te knippen was,
de kapstok werd onthoofd,
fruit het haar niet kort droeg.

Toetsen vochten hevig
tegen een snel bewegende hand.

Men sliep met in het buitenraam
de ijle zang van ongemak.
Ook lag hier een hand op een hart
en dacht men dat dat goed was.

Van Gasse, op haar beurt, denkt genoeg te hebben aan een lange optocht van melancholieke beelden, zoals daar zijn: overdag lampen tellen, ’s avonds naar supermarkten zoeken, avonden die gedachten “als van bergkristal” brengen, een eiland dat een stratosfeer van onvermoede laagtes entert, orde scheppen in het klappen van elke hand, met gerommel het avondmaal verlaten en dagen vechten met zijn stiltes – maar is die processie genoeg?

Het tweede lange vers, ‘Maelstrom’, geeft al in de titel toe aan de uitstorting die de dichteres beoefent – maar is dat dan niet naar het leven getekend? – is een scheiding iets anders dan een stortbak verdriet met een lekkende valklep? In een stroom van kortregelige strofen gaat het van een bijbels introïtus aangaande de schaamte van Adam en Eva over in het verlies van de onschuld der jeugd en het beleven van de onstuimige hartstocht. Het is niet dat Van Gasse geen zenuwen raakt met haar taal, dat doet ze wel. Maar het gekke verschijnsel doet zich voor dat iets wat als een vloed bedoeld was, al snel vervaagt en ook de associatie oproept met kortademigheid. Een fragment:

Er werd gevochten om het ogenblik
waarop wij beseften
dat het water boven de daken stijgen zou,

er werd gedronken op een toekomst in de aarde.

Ooit waren wij stralend, rond en glad
en bijna onaantastbaar.

Er was vooral een dichte mist
die ons steeds het zicht beperkte,
en ook, woekerend,
een verlangen naar ontembaarheid.

Aan grote woorden geen gebrek, alleen al uit deze paar regels pik ik op: vechten, beseffen, vloed, verdrinken, onaantastbaar, woekering, ontembaarheid. Dat is veel. Het staat allemaal ook zo dicht op elkaar. Een variatie op het gezegde dat het water je aan de lippen staat, het “gedronken” dat in feite verdrinken is, de toekomst in de aarde, die dus geen toekomst is, en dan ook nog een “dichte mist”, die zó dicht is dat-ie dubbelop “ons steeds het zicht beperkte”.

Als lezer voel je wel aan wat Van Gasse wil met haar gedicht. Maar je denkt, moet dat nou allemaal, zo hevig en recht voor z’n raap?

Want op een of andere manier gaat de veelheid hier te vaak niet gepaard met indringendheid. Vele handen maken licht werk, maar ze hebben wel een opzichter nodig, die structureert en dwingt tot doelmatigheid. Dat gemis voelde ik eerst niet in het laatste gedicht, de cyclus ‘Een landschap lief’. Hier een verdeling in een ‘wij’, die op de linkerpagina’s in introvert proza mag spreken, en een ‘ik’ op de rechterpagina’s die lyrisch een ‘liefste’ adresseert. Ze doet dat met ‘Wat zeg ik toch’-constructies, steeds in de eerste en laatste regels van de gedichten. Ook hier gaat het met rasse schreden naar de ondergang:

Wat zeg ik nu, liefste, zo’n avond
waarop we bloemen laten in de achtertuin,
de zon haar ondergang afkondigt en de gevel zwijgt.

Hier sterft op het grasveld een zwaan.

Twijgen wiegen, wij staan verdwaasd
als diep in elkaars afgrond
en zacht, wat zeg ik toch, liefste.

Maar bij nader inzien gaat ook deze cyclus gebukt onder beelden die te zeer op zichzelf vertrouwen en te weinig op groei door geduld, beperking en samenwerking. Bovenstaand gedicht stipt veel aan, maar laat na om uitwerking of verrassende taal te brengen. Een ‘zon die haar ondergang afkondigt’ zou wellicht niet misstaan in een heldenepos, waarin het zou zijn omringd met nog veel meer retorisch geweld – in zo’n beperkt gedicht als dit raken de overige regels al snel verschroeid.

Als Van Gasse de maalstroom verlaat, belandt ze soms in keurslijven waarvan haar vondsten (bloemen laten in een achtertuin, bijvoorbeeld) te lijden hebben. Omdat er niets mee wordt gedaan, valt het des te meer op dat ze vreselijke clichés pal naast zich moeten dulden (een zwaan die op een grasveld sterft, bijvoorbeeld).  Zelfs als laatromantische ironie is dat wat teveel van het goede.

Dichten, net als liefhebben, is water naar de zee dragen. De zee die alleen materie die licht en dicht en hard genoeg is, laat drijven.



25 juni 2011

Tim jout konsert yn Harmony Ljouwert

Op freed 28 oktober sille de jonge talinten Tim de Vries (10) en Boglárka Erdös (14) in dûbelkonsert jaan yn de Harmony yn Ljouwert. It is in optreden yn it ramt fan de lunsjkonserten fan de Harmony. Tim en Boglárka spylje beide fioele en binne learlingen fan de Academie Muzikaal Talent yn Utert.


Tim de Vries sette út ein mei fioellessen oan muzykskoalle Fluxus yn Zaandam by Sandra Wallner. Op 8-jierrige leeftyd wûn er mei in duet in 3e priis op it Jan Pasveer Concours 2009. In jier letter waard him in 2e priis takend op it Jan Pasveer Solisteconcours 2010. By it Nasjonaal Concours fan de SJMN 2010 krige er in 2e priis en in priis foar de bêste útfiering fan in Nederlânske komposysje. Tim hat optredens jûn yn ûnder mear Zaandam, Oostzaan, Krommeniedijk, Wormerveer, Voorburg, Maassluis en Sint Jabik. Syn fioeldosinte is Liesbeth Ackermans. Hy spilet op in Wilhelm Paul Kunze-fioele (De Haach 1930) yn brûklien fan it Nationaal Muziekinstrumenten Fonds. Yn septimber sil Tim solearje mei it Noordhollands Jeugdorkest yn in útfiering fan Tchaikowsky’s ‘Méditation’ yn it Zaantheater yn Zaandam.


Boglárka Erdös begûn mei fioelspyljen doe’t se 4 jier wie. Fan 2003 ôf studearre se by Joyce Tan oan de ôfdieling Jong Talint fan it konservatoarium yn Amsterdam. Yn oktober 2008 waard se talitten ta de Academie Muzikaal Talent by Ilona Sie Dhian Ho. Sûnt oktober 2010 studearret se by Alla Kim. Fan 2008 ôf hat Boglárka oan ûnderskate kursussen meidien, ûnder mear it Mozarteum yn Salzburg by Dora Schwarzberg en it International Music Seminar yn Dubrovnik by Violeta Smailovic. Yn febrewaris 2010 wûn se in earste priis op it nasjonaal konkoers Iordens Viooldagen.

Oer de lunsjkonserten:

Het gratis lunchconcert is inmiddels een gekoesterde traditie in De Harmonie. In een prettige, ontspannen sfeer kunt u onder het genot van een broodje, een kopje soep en een drankje genieten van prachtige muziek. De optredende jonge musici zijn veelal winnaars van concoursen in Nederland of daarbuiten. Dankzij de lunchconcerten kunnen zij podiumervaring opdoen. Als extra stimulans worden de optredens beoordeeld door het publiek en een jury. De winnaar ontvangt uit handen van de vereniging De Vrienden van De Harmonie de award ‘De Zilveren Vork’ en een geldprijs. De namen van de musici vindt u kort voor de concertdatum op onze website: www.harmonie.nl. De overige lunchconcerten zijn op vrijdag 25 november, vrijdag 27 januari, vrijdag 24 februari en vrijdag 30 maart.

Tim de Vries spilet Schubert yn de Groate Kerk fan Sint Jabik: