maandag 17 december 2012
donderdag 13 december 2012
woensdag 12 december 2012
dinsdag 11 december 2012
Woansdei yn it Friesch Dagblad: It grutte ûntfryskjen
Woansdei yn it Friesch Dagblad in Skroeier nei oanlieding fan de op steapel steande fúzjes fan regionale omroppen op Nederlân 3 en de dêrmei korrespondearjende tsjustere loften boppe Omrop Fryslân:
"Oars as in protte minsken tinke, is globalisearring net de grutste útdaging foar regionale identiteiten yn Europa. It sit him net op it foarste plak yn amerikanisearring, MacDonald’s, Hollywood, wrâldwide tillevyzje, de opkomst fan ynternet of social media. Sokke fenomenen hawwe ommers ek reaksjes fan gefolgen hân: lokale bewustwurding, it op ‘e nij ûntdekken fan eigenheid, tsjin de stream yn.
Nee, de wichtichste oantrún ta lykskeakeling fan regionale kultueren binne nasjonale besunigingen. En yn it ferlingde dêrfan: it ûnfermogen fan de troch Den Haach hieltyd kealer plôke provinsjes om regionale foarsjennings adekwaat te stypjen."

Abonneren op:
Posts (Atom)