donderdag 8 november 2012

Emma Breedveld - Na den beginne

Willie Nelson & Calexico - Senor (Tales Of Yankee Power)

Hjerst

De jûn is rûzich en yn kâlde fleagen
Reint it bytiden oer d’ ûnlij’ge romt’;
De mar brûst bluistrich yn oerstjoere weagen,
It lêste beaken is it ljocht benomd.

Omfierren inkeld jit wat wif geglinster,
In stoarmlantearne sling’rjend oan de mêst
En soms it lampeskynsel troch ’t roefsfinster
Fan in ferwaaide skûte op ’n sânplaat fêst.

Unwennich gûlt de wyn yn de hûshernen,
De smoute hurd kin no gjin taflecht jaan;
Wy sitte by mankoar as krêft-ferlernen;
Wat jout it, dochs de blinen ticht te dwaan?

De keallen bruiden troch de jisterswringe
En komme oan it finster, ien foar oar;
De grutte guodlike eagen freonlik twinge
Om ’n bytke oanhâld mei sa’n nacht yn ’t foar.

Hoefolle fan wat bûtendoar benachtet
Komt nea te stâl en wurdt it libben nomd?
Ja, it is goed, net witte wat der wachtet,
Mar hoe ferriederlik de dea dochs komt.

Is dit de winst fan ’t libbenslange stribjen
Om te behurdzjen ta wrâlds wrede krêft,
Allinken oan illinde te besibjen,
Mar yn te tarren fan ús leafde en trêft?

Dit fan ús djoer talint de skeam’le rinte?
Ik gean nei bûten oft de wyn faaks falt
En strak in stjerre trochbrekt oan Gods tinte…

De kuozzen raze en komme út har klinte.


Douwe Kiestra, 1928

woensdag 7 november 2012

Tim de Vries / Léon Bak play Bruch, Violin Concerto Nr. 1, part 1: Allegro moderato

Hjoed yn it Friesch Dagblad: Fonetysk wâldsk

Hjoed yn it Friesch Dagblad in Skroeier nei oanlieding fan de Facebookside 'Leaver dea as slaef', lykas bekend in útspraak dy't oan Grutte Pier taskreaun wurdt. Nee, it giet net (allinnich) oer de gewearkes:

Harren Frysk is om te gûlen. Dat witte se sels ek wol, mar dêr wat oan dwaan, wolnee. “Wot n eamelderije om hoe't ien syn Frysk skriuwt,” lit in reagearder witte, “it got der om ost dy Fries fielst (..). En yn die taal ha we dialecten, far mie de reden om fonetysk wâldsk te skriûwen omdot we die dialecten ek yn stân hâlde matte. Ot wie ollejer geef prate matte, is de folgjende stap nij de fernederlânsking set.”

De tsjinstelling tusken it nasjonalisme fan dizze minsken en harren non-behanneling fan de taal fernuveret. De reagearder út de Harkema of de Westereen makket gewoan in baas tinkflater. Fernederlânsking leit just op ’e lúster as elk syn eigen eigenwize stavering en dialektyske ôfwikingen hillich ferklearret. Grutte Pier soe him it leksum lêze.

Menear Luuk hâldt audiïnsje yn de foyer


Theater Odeon, Swol