Oait yn ’e neidagen fan ’t restaurant ‘Homearys Fers’
de gloarje preaun fan útwurke bollebloed?
Nee? Ody! In liet.
Priuw ik koriander? Hja hjit fan Leny.
Hja minderet mei 't sâlt.
Har man komt út Drachten. Hast heksametrys
rint se maratons mei de gyros. Sy is,
seit de baas, in flitich wiif. Flitich, mar âld.
Oberfrou, noch in ûzo!
Lêstlyn brân. Fallyt is Grikelân. Leny wint gjin beauty contest,
Athena trimt gjin sixpack. Mar de reade rys, de reade
swietrokige rys en de klokken fan wyt Hylander -
Ik bin Hektor net, mar wy sitte no al sûnder sûflaky.
Taksysjauffeuze posearjend as piraat
seit my goejûn: “Ik bin de
bysliep fan captain Kirk”.
Op en del meunsterjend wolle de eagen
kontakt. Dûbele rige fan tolf
roeiers set de sokken deryn. Tsjinwyn!
Wite Marlboro’s opsmokend batst se
troch de brâning fan ’e stêd
de rôljende weagen fan ’t bûtenfjild yn
foar wat dûbeltsjes, der sit gjin oboal tusken. Stik
sjagryn. Swier parfumearre tsjin ’t bedjer.
Moademodel, oait,
brûkt Chanel. Bringt my nei myn
hotel. Libbensferhaal. Toanielrol. Toverkol.
Mar ho mar,
wy binn’ der al.
Hoi, myn Plyn. Lyts opûnthâld
yn ’e Wâlden. It falt net ta
te libjen yn ’t skaad fan de
Alden! Ik wie hjoed op ’e berch.
Deade boel, neat te rêden.
Leny is ferlern. De stêd
in púnheap ûnder seadden.
Wat oars te dwaan as inoar
te leavjen, Plyn.
No’t it mar kealer
wurdt op ’e klaai en de gloede
fan de opfiske ferhalen al ferwaait
en bestjurret yn fan ús misse setten
de ferbaarnde annalen -
der bliuwt neat fan oer
as droege jiske.
Moarn kom ik thús. Moarn
iepenje ik in nij Gryks restaurant foar ús.
Wy beskûteldoekje it diggelguod
hoeden mei it gouden flues.
En as de harpijen komme, troch de nacht,
fan achter de puntige Kaukasus wei,
en ytlike griffioenen komme mei,
en ek liuwen en slangen út ’e woastyn
snuve en sisse om it hûs,
sadat ús senuwachtige parkyt der sawat yn bliuwt,
dan smite wy in spjirblok mear op it fjoer
en jouwe ús del yn inoars earmen,
Plyn.
Tsjin goeried en flechtsje, tsjin better witten
en fûgelteken yn.
.
dinsdag 10 januari 2012
47
’k Ha in moai hânsum wrâldboltsje krigen
fan myn jongste soan. Oseanen
swart. Kontininten
griis-metallyk. ’k Wiisde oan
wêr’t ik sylde yn ’e
mankelike wyn,
as Fries en as Gryk:
oer de Grutte, oer de Atlantise,
oer de Swarte, Giele, Reade,
om de trijehoeke hinne en
kop yn it iis. ’k Wiisde oan
de goeden, de gleonen dy’t
lang by Kirke ferkearden
as Fries, as Gryk.
En dy’t moarden om in frou
en altyd yn tou wiene
mei myte, muzyk. ’k Wiisde oan
it eilân fan Afrodite,
mar ek fan ynkear it strân
dêr’t ik fûn, wûn en wer ferlear
as Fries, as Gryk.
Underoan de bol
it Deaderyk. ’k Wiisde oan
(stofkes yn beide eagen)
wêr’t de sinne it grutseil skroeit
fan ’e weagen en weisakket yn it lân.
De lêste lyryk is foar
Fries en Gryk gelyk.
“Papa,” sei de wiisnoas fan de klas,
“de blokker heeft ook wel een kompas.”
.
fan myn jongste soan. Oseanen
swart. Kontininten
griis-metallyk. ’k Wiisde oan
wêr’t ik sylde yn ’e
mankelike wyn,
as Fries en as Gryk:
oer de Grutte, oer de Atlantise,
oer de Swarte, Giele, Reade,
om de trijehoeke hinne en
kop yn it iis. ’k Wiisde oan
de goeden, de gleonen dy’t
lang by Kirke ferkearden
as Fries, as Gryk.
En dy’t moarden om in frou
en altyd yn tou wiene
mei myte, muzyk. ’k Wiisde oan
it eilân fan Afrodite,
mar ek fan ynkear it strân
dêr’t ik fûn, wûn en wer ferlear
as Fries, as Gryk.
Underoan de bol
it Deaderyk. ’k Wiisde oan
(stofkes yn beide eagen)
wêr’t de sinne it grutseil skroeit
fan ’e weagen en weisakket yn it lân.
De lêste lyryk is foar
Fries en Gryk gelyk.
“Papa,” sei de wiisnoas fan de klas,
“de blokker heeft ook wel een kompas.”
.
maandag 9 januari 2012
zondag 8 januari 2012
Kariatide foar in sânplaat op 'e rin
Ast wer op it wyt boppedek sitst fan dyn
opkalefatere skip, op sa’n maitydsdei
yn in skulp fan eartiids ûnderweis
nei in nij lân, in taflecht miskien,
slacht it seeljocht dy foar even blyn.
Ynienen sjochst de ein fan ’e reis,
it lege perk, dêr’t gysten de wyn
mei twa-tsjes keatst út nêsten faai
foar floeden en ’t tripkjend mûzeskaai
op de stripe sân nammens: it Gryn.
Lân dêr’t gjin timpelskoalle mear stiet
foar it grinsferkear mei de goadin.
Wie it krimpend lusthôf har te min?
En do draachst de wurden fan dyn liet,
it al âlde, dêr’t de sâlte see oan friet:
“Kytera seach ik – mar ’t wie in fersin.
Alle weagen moanjend nei it Fliet
joech har Sinte Lusia in nij begjin
as kariatide foar in sânplaat op ’e rin:
it Gryn, dat sûnder help nei gichem giet.”

vrijdag 6 januari 2012
woensdag 4 januari 2012
Jan Wybenga út Frânsk laach fan Hugenoaten
De dichter Jan Wybenga (1917, Warten – 1994, Grins) wie in soan fan Albert Jan Wybenga (1887-1954) fan Wytmarsum en Jacoba Martha Henriëtte Becude (1891-1956) fan Amsterdam. Se trouden yn Almelo op 17 juny 1915. Albert Jan Wybenga hie op dat stuit it berop fan arsjitekt.
Syn pake en beppe fan heitekant wiene Jan Wybenga (1855-1936) [‘Jan-ien’ yn kj 3 (1972)] fan Wytmarsum en Wikje Snoekstra (1855-1944) fan Wolsum. Oer dizze kant letter miskien mear. Syn pake en beppe fan memmekant wiene Jacobus Martinus Becude (1853-1932) fan Diepenheim en Anna Landhuis (1849-1916) fan Almelo.
Jan Wybenga hat nei alle gedachten it folgjende gedicht oer syn mem skreaun. It is it twadde gedicht yn de bondel Fergetten fersen (1994), dat er sels achteryn de bondel datearret op 1954. It is net ûnmooglik dat it ek twa jier letter skreaun west hawwe kin, yn 1956, doe’t syn mem kaam te ferstjerren:
Ieuwikselbern
As wyld oer glêde flinten hossend gongen
se de ieu yn, skimen by petroaljeljocht.
Troch in god yn tsjuster snipt, hat onfertocht
in frommes as earste fan ’t jier ontfongen.
Dat onder Libra kaam, by ier oktoberljocht,
frij dy’t simmers yn besletten wetter swom:
riisde Kupris ienris kein út it strielend skom,
sy is as blauwe gnoom befrijd út bluodrich focht.
Mar waard in goadinne lyk yn lea en wêzen,
in tsjoenster, dy’t mei har griene hekseëagen
jin laitsjende te twingen wist en te belêzen.
It eskeleaf ferblet. Oktobersinne
strielt wetterklear yn fine, wite reagen,
sinkend nei flinten dy’t har grêfstee binne.
Syn mem stamde út in âld laach fan Frânse Hugenoaten dy’t yn it midden fan de 17e-ieu nei de Nederlannen emigrearren fanwege de ferfolgingen yn katolyk Frankryk. Yn de Europese oriïntaasje fan Jan Wybenga syn wurk kin syn famyljeskiednis in rol spile hawwe. Biografysk ûndersyk soe dat útwize kinne.
Pake Jacobus Martinus Becude wie yn 1877 smid, yn 1903 masinist en yn 1915 opsichter-masinist by de spoarwegen. Hy troude op 26 july 1877 yn Almelo mei Anna Landhuis. Ik koe trije bern fine: Hendrika (ca. 1878), Johan George (ca. 1882) en Jacoba (1891). Jacobus M. is 79 jier wurden.
Hy wie de jongste soan fan Johan Georg Becude (1815-1883) fan Tilburg en Hendrikje Wesseling (1824-?) fan Ommen. Se trouden op 8 juny 1848 yn Hardenberg, dêr’t Johan Georg op dat stuit belêstingkommies wie. Yn 1894 waard er ‘amtner’ neamd. By syn dea yn 1883 ‘kommies mei pinsjoen’.
Johan Georg Becude wie in soan fan Jacobus Martinus Becude (1759-1826) út syn earste houlik. Jacobus troude twa kear: a) mei Maria Petronelle Heeffer [ek: Huffer], mei wa’t er seis bern krige, en b) mei Henderina Geertruida Buddingh, mei wa’t er alve bern krige. By libben wie er ‘Commies bij de In- en Uitgaande Rechten te Winterswijk’. Hy ferstoar op 6 desimber 1826 yn Epe. Ien fan syn soannen, Petrus Becude, wie doe yn Arnhim goudsmid en juwelier.
Jacobus Martinus Becude wie in soan fan Petrus Becude (1698-1778), berne te Moergestel by Tilburch. Syn frou wie Wilhelmina Hendrina van Kelckhoven (1718-1807). It stel hie fjouwer bern. Petrus Becude wie ‘drossaart’ yn Moergestel. Wy sjogge him in pear kear as sadanich optreden.
Yn 1729 wol de stêd tsjin him in proses begjinne. Yn 1730 is er lykwols noch altyd ‘drossaart’ en behannelet er in erfeniskwesty yn syn eigen famylje. Letter dat jier krijt er folmacht fan de prokureur “daar hij deze morgen naar Holland vertrekt”. Yn 1733 is der wat slimmers oan de hân. J.N. Leget, ‘Het tragische levenseinde van Adriaan Jan Somers’ (yn: DBL-26, 1977) sitearret út stikken:
“Op 21.12.1733 wordt de drossaart Petrus Becude gewaarschuwd, dat Adriaan Somers zich binnen de vrijheid van Moergestel ophield en 'veele baldadigheeden pleeghde'. Daarom begeeft hij zich met de vorster en twee schepenen des avonds tussen 9 en 10 uren naar het huis waar de weduwe van Jan van Eten woont, om Adriaan Somers te arresteren. De vogel was echter gevlogen. Adriaan werd nog op dezelfde dag aangehouden ten huize van Barent Jan Bucken, waarna hij overgebracht wordt naar het huis van Norbert Baten, een der schepenen. De volgende dag, worden de rotmeesters bijeengeroepen om een order tot inbewaringstelling uit te schrijven.” Syn holle sil ôfhakt wurde.
En noch op 1 juny 1755 is Petrus Becude yn funksje. Op dy dei daacht er immen foar it gerjocht (J.N. Leget, ‘Een familie Van der Pol’, yn: DBL-28, 1979).
Dizze Petrus Becude wie (nei alle gedachten) in soan fan Frans [Francis] Peters Becude (1659-?) fan Zundert. Frans troude op 21 novimber 1694 te Breda op 35-jierrige leeftyd mei de ûngefear 34-jierrige Anna Maria Wijnexbergen. Anne wenne te Breda en is doopt om 1660 hinne.
Frans Peters Becude wie in soan fan Petrus Becude (1621-1690), predikant te Zundert. Hy troude foar 1657, doe net âlder as 37 jier, mei Elisabeth van Driel (ca. 1620-1703) út Steenbergen. Sy waard sa likernôch 83 jier.
Petrus Becude wie in soan fan Francois Becude (1592, Calais – st. nei 1665), predikant te Marck, in doarp by Calais. Hy hie yn 1620 teology studearre yn Sedan. Yn 1622, 1636 en 1640 reizgen hy en syn húshâlding It Kanaal oer om foar de protestanteferfolgingen yn Frankryk beskûl te sykjen by de London-Dutch Church yn Austin Friars, Londen. It argyf fan dy tsjerke: “After the peace of 1648 he requested to serve in Holland, and was placed, in 1649, at Old en Nieuw Gestel”. Hy wie troud mei Jacquemine Verbrugghe fan Calais.
Syn heit hjitte ek Francois en wie ek predikant. Hy waard berne foar 1578 en stoar nei 1641. In oersjoch (site) fan hugenoaten meldt: “Pasteur à Marck (1598-1641)”.
De achternamme ‘Becude’ is neffens it Meertens Ynstitút in ôflieding fan de fûgelnamme ‘becue’ (Aldfrânsk) en ‘becuwe’ (Westflaamsk) en betsjut dan ‘snip’. Sjoch ek de ferwizing dêrnei yn de twadde rigel fan Wybenga's fers 'Ieuwikselbern'! Yn Frânske folkloare treft men de namme ek oan foar in reus mei ien each en in baargenoas, dy’t ek as in groep tefoarskyn komme kin en op kristenen jeit. Yn in fertelling fan Léopold Dardy is ‘la bécude’ de meunsterachtige dochter fan de boaze styfmem fan de heldinne. It motyf is in ferarbeiding fan it Polyphemus-tema út de klassyk-Gryske mytology.

zondag 1 januari 2012
F.L.e.S.
F.L.e.S. foar elkmis dy’t my ta syn freon of fijân rekkenet yn 2012, it jier dat de Maya’s de folsleine kladderadatsj yn de Fryske literatuer ferwachtsje, wat dus grif útkomme sil. Underskreaune hat it bliid boadskip dat er hjoed om 01.30 oere te Zaandam de lêste hân lein hat oan de earste ferzy fan syn ynlieding by de dus noch te ferskinen Samle fersen fan Jan Wybenga, fjoerwurk en knallerij en krûtdampen oeral, op itselde stuit dat it skoandere plan yn him delgie om in apart essee te skriuwen, mar leafst, net oer Startrek of brânoffers foar goaden tichtby of fierôf, mar oer de hear W. yn de stêd B., ’42-’45. Fierder gjin nijs, myn trouwe feartfiskleafsten. De kop derfoar.
Abonneren op:
Posts (Atom)