In essee oer de stân fan saken yn de Fryske literatuer - mei in foto fan dichter Jetze de Vries yn Dichter op de Deel 2011 - moarn paginagrut yn it Friesch Dagblad:
"Wat dy iepen finsters oanbelanget (in favorite útdrukking fan kultuerdeputearre Jannewietske de Vries): ek it trajekt fan Fryslân 2018 jout ekstra mooglikheden om te ûntsnappen oan wat ik wolris neamd ha de “Meereseinsamkeit” fan de Fryske literatuer. Links- of rjochtsom sil Fryslân 2018 in stimulâns wêze om nije paden te rinnen, oarssoartige inisjativen te nimmen en kontakten te lizzen mei it bûtenlân. Wy meie allinnich al hoopje dat de provinsje yn ’e rekken hat dat it entûsjasme foar sa’n aventoer gau belúnje sil as de kulturele basisfoarsjennings dy’t der binne like hurd ôfbrutsen wurde as dat de nije loftkastielen ferrize."
vrijdag 5 augustus 2011
donderdag 4 augustus 2011
KOLLUM (10): Wiet waskhantsje foar de smoarge earkes fan ensafh
Trije wike lyn publisearre ik in kollum mei as titel ‘Wa wint de lêste euro’s? Ensafh of De Moanne?’ In dei earder hie nammers de direkteur fan it Nederlands Letterenfonds, Henk Pröpper, yn de NRC sein dat mei yngong fan 2013 noch mar “vier à vijf” literêre tydskriften subsydzje fan it fûns ferwachtsje meie. Ik tocht: dêr sit grif mar ien Frysk tydskrift by. Tiid om de klok te lieden, of op syn minst mei in bel te klingeljen.
Is subsydzje foar literêre tydskriften net in saak dy’t alle leafhawwers fan Fryske literatuer oangiet? Mar nuver: it bleau stil by de tydskriften. Ensafh, dat in ynternetsite hat dêr’t à la minute op publisearre wurde kin, liet neat fan him hearre. Der sil grif oer de driging praat wêze, mar nei bûten ta: gjin lûd. Dat fyn ik nochal belachelik foar in ynternettydskrift dat in sintrum wêze wol fan it literêr debat yn Fryslân. Skaf dy site dan mar ôf, net? It past lykwols alhiel by de mentaliteit fan de Bestjoerder om grutte tema’s yn stilte te liif. De metoade-Colijn. Sssst mar jonges, wy regelje it wol foar jimme. Mei de provinsje. Achter de skermen.
De redaksje fan De Moanne liet wat dat oanbelanget mear kriich sjen. Redakteur Ate Grypstra is nét te benaud om digitaal witte te litten wat er tinkt en kin it boppedat ôf sûnder syn frustraasjes oer persoanen breed út te mjitten. Yn it lêste nûmer stie in wiidweidich redaksjoneel stik oer de problemen en de takomst fan de Fryske skriuwerij. Ien fan de opfallendste passaazjes yn dat stik is de oankundiging dat ek De Moanne serieus it ynternet op wol. Se wolle Fryske skriuwers en Fryske lêzers digitaal byinoar bringe. Ek oer dat nijs swijt de redaksje fan ensafh yn alle minder- en mearderheidstalen fan Europa. Komt my yn 't sin dat ensafh eins oeral oer swijt - bygelyks ek oer de eigen rol yn Fryslân 2018.
In pear dagen letter kaam de redaksje ynienen al mei in nij diskusjefoarum. Dêr’t al dalik reboelje oer ûntstie om’t de moderator, Cornelis van der Wal, der wat Hollânsktalige pesterige ûnsinferskes fan Grutte Pier ôfdondere. Rekkenje mar dat dêr achterôf yntern oer hinne en wer praat is. Redakteur “Legeanster” en redakteur J.Q. Smink wiene it der net mei iens, mar ja, it wie al sa en no koene wy min werom. Mar der moast al wat barre. Net redaksjebreed, dat is yngewikkeld en makket it dalik sa offysjeel. Nee, redakteur Smink moast op it hagelnije foarum op eigen manneboet mar wat delkwattelje.
Smink skreau net oer it Letterenfonds, net oer subsydzjeperikelen, net oer literêr belied of it klimaat of de takomst, neat oer serieuze ûnderwerpen dy’t der ta dogge, dêr’t in belutsen lêzer fan in belutsen literêr tydskrift yn dizze tiid graach wat oer fernimme soe, mar oer syn persoanlike skiednis, oer de persoanlike skiednis fan in oar, oer Farsk (dêr’t ik by myn witten net in wurd oer skreaun ha de ôfrûne jierren), oer de FPB en selektyf wat oer syn jongste dichtbondel Sondelfal.
En fansels benammen oer my. It boadskip: ik moat ff dimme, want ik ha in te grutte mûle. In heldere bydrage ta de diskusje. Ensafh is it paad bjuster om’t de earkes ferstoppe sitte. Koarsten oan ’e râne en de kanalen brúngiel. Dat ha je as je al sa lang yn in redaksje sitte en noait wurde jo earen wosken (Piter Boersma, Jacobus Smink en Jelma Knol binne alle trije eks-Hjir en bepale al sûnt de Slach by Weins mei wat literatuer is en wat net). Dy’t krityk hat, hat “skandelike” krityk (Van der Wal), dy’t it earne oer ha wol dêr't de redaksje it net oer ha wol, is "pedant" en moat “in leger profyl kieze” (Smink).
Doch net sa oerspand, minsken. It is allegear net sa dreech. Lit ris witte wat jim fan de takomst tinke. En lit ris wat ambysje sjen mei jim ynternettydskrift. Dêr is op ’t heden nochal ferlet fan. Dat is eins alles. En as jim dat net wolle, of net kinne, stek de skonken dan yn ’e klompen en meitsje einlings ris plak foar oaren. Nee, gjin noed, Abe de Vries hoecht net, en wol net mear, yn redaksjes want dy hat syn eigen tydskrift dêr’t er syn aai yn kwyt kin. Oars as by dhr. Smink it gefal liket te wêzen, giet it my om de literatuer, net om persoanen. It giet my om in prachtich ynstremint dat in redaksje yn hannen jûn is, dêr’t fierstente min op en mei bart. De toan sil wol wer net nei 't sin wêze, mar is it dúdlik genôch sa?
woensdag 3 augustus 2011
The Ensafh Strikes Back, of it nivo fan in tydskriftredaksje
Op it ensafh-foarum reagearret ensafh-redakteur J. Smink op diskusjes sa't dy fierd binne, net op ensafh, of troch ensafh-redakteuren, mar hjir op seedyksterfeartfisk oer de twa Fryske literêre blêden en de takomst:
door jacobus q. smink » di aug 02, 2011 11:43 pm
Goeie goeden,
Persoanlik begryp ik net wat in Abe de Vries besielet om it in goede set te finen de flauwe ferskes fan Grutte Pier te kearen fan it ensafhoarum. It giet dwers yn tsjin it prinsyp fan in iepen foarum om soks te dwaan. It iennige beswier wat telt yn dizzen is dat de gelegenheidsferskes fan GP yn in behyplik Holands skreaun binne; better soe wêze en set se oer yn parmantich Frysk.
Fierder moat de rju eale hear Abe de Vries in wat leger profyl kieze, want yn no time sit er yn Grut Lankum as de redaksje fan ensafh him net út 'e wyn hâldt. Dat pedante praat fan in weromkommer dy't syn peuken op it tsjerkepaad fan Britswert keilet foar de fuotten fan in nommel man soe ris neitinke moatte oer de persoan dy't syn filters de oare deis oprêde moat, want by ljochtskyndei binne se goed te sjen tusken de tegels. Mient er soms dat er de direkteur fan Nuon is, dy't mei € 750.000 jiers nei wiif en wente giet en de potinsjele klanten in boarch betelje lit fan € 500? En ja, wat mient dy direkteur fan Nuon wol net wat er mear is as Abe de Vries?
En, sorry dat ik it sis, it muoit my dus om it te sizzen, wêr tinkt dy froegere redakteur en oprjochter fan Farsk it lef wei te heljen him bemuoie te meien mei it tsjintwurdige belied fan de redaksje fan ensafh ? Dejingen dy't net ynstean kinne foar Frysk-literêre kontinuïteit, zoals daar zijn bijvoorbeeld en alleen als voorbeeld Eeltsje Hettinga (Kistwurk), Koos Tiemersma (Skriuwersboun en eigen skriuwerij) en Abe de Vries (Farsk) soene har ris wat timperje meie as betweters; it soe har better stean as it gekwêk wat my no faak de eagen sear docht.
Hart. groeten,
Jacobus Q. Smink

maandag 1 augustus 2011
Optrede op Boekefeest 16 septimber Moanne fan it Fryske Boek
Komt stadichoan tichterby... de Moanne fan it Fryske Boek. Letter mear, mar kin no alfêst ferklappe dat ik op it boekefeest 16 septimber foarlêze sil. Foar de MFB is in aparte ynternetside makke: www.moannefanitfryskeboek.nl
In pear dagen lyn ha 'k in folkgitaar kocht mei stielen snaren. Ik ha noait les hân, mar mei in boek fan Gerrit B. derby moat ik in eintsje komme kinne. De gitaar is DADGAD stimd, dus op syn Iersk cq. Keltysk... mar de fingers dogge tink like sear as by it gewoane systeem... en ûnmooglike hoeken en bochten... as it no in bytsje avenseare wol, treed ik op mei gitaar.

Abonneren op:
Posts (Atom)