It moast der in kear fan komme. It hong al tiden yn ’e loft. Mar no hat de Frysktalige Omrop Fryslân einlings bûnsmaten fûn. Op in ‘sympoasium’ oer regionale sjoernalistyk yn Fryslân, juster yn Ljouwert, giene de maskers foarwei: ,,Gebruik de taal niet om politieke grenzen te trekken en mensen buiten te sluiten”, sa sljochte Sander Warmerdam, haadredakteur fan de Ljouwerter, it paad foar it Nederlânsk yn Omrop-útstjoeringen.
It smûke byinoar-wêzen fan Fryske media waard fasilitearre troch it Koninklijk Fries Genootschap, it Hollânsktalige elitêre klupke dat al sûnt syn oprjochting yn 1827 it brânpunt is fan alles yn Fryslân dat de Fryske taal út ’e wei hawwe wol. De usual suspects. Warmerdam oan it wurd, Spijkers (haadredakteur Omrop) oan it wurd, Jongbloed (Fryske Akademy) fertelde wer wat oer taal en sosjale media. En der wie kofje. It Friesch Dagblad wie net útnoege om mei te praten, mar stjoerde nuver genôch wol in ferslachjouwer. Hjoed yn myn krante: ‘Halsstarrig gebruik van de Friese taal in media sluit mensen uit van debat’.
Dat is it boadskip fan Warmerdam. Neffens Warmerdam soarget de ientalichheid fan de Omrop op televyzje en radio net inkeld foar útsluting fan minsken dy’t de taal net ferstean kinne, mar stiet er ek de bettere sjoernalistyk yn ’e wei. ,,Hoe belangrijk ook, de focus van de Omrop op het behoud van de taal houdt journalistieke vernieuwing tegen.” Spijkers op har bar kopte de bal heal yn en heal neist: ,,De sjoernalistyk moat nei in heger plan”, wie se it mei Warmerdam iens. ,,En de taal is dêryn in flok en in seine”, kaam se mei wat nuânse. Mar dat de Omrop-lieding graach hegere sjoch- en harksifers hawwe wol en dus (?) oanstjoert op mear romte foar it Nederlânsk yn syn útstjoeringen, is in publyk geheim. ,,Us app is twatalich.”
‘De uitspraken van Warmerdam lieten het publiek niet onberoerd’, notearret myn krante. It hoe, wat en wêrom stiet der spitigernôch net by. Earst mar dy ûnderstelde útsluting. Dy jildt fansels foar álle gebrûk fan in minderheidstaal dy’t net-minderheidstaligen net ferstean wolle. Warmerdam syn remeedzje is in âlde bekende: praat en skriuw leaver yn de mearderheidstaal, dan kin elk oan de diskusje meidwaan en wurdt nimmen ‘bûtensletten’. Tankewol, Sander. Twahûndert jier taalproblematyk op in achterneimiddei ûnder it geniet fan in bakje oplost. Praat gerêst Frysk tsjin elkoar, mar wês tsjin oaren foaral dimmen en fatsoenlik, ken dyn plak en brûk it Nederlânsk.
De haadredakteur ferjit te fermelden dat it probleem fan de fersteanberens ék oplost wurdt as de mearderheidstaligen de minderheidstaal leare te ferstean en te lêzen. No kinne wy sok frij normaal en beskaafd gedrach net ferwachtsje yn de omgong mei álle minderheidstalen dy’t yn ús provinsje brûkt wurde. Mar yn it gefal fan it Frysk, de taal dy’t de helte fan de befolking praat, dy't hjir dus gjin minderheidstaal is, leit dat in slach oars. Warmerdam praat lju nei de mûle dy’t miene dat bewust Frysktaligen opsletten wurde moatte, martele en troch de knibbels sketten as se it oait noch ien kear oandoarre om har taal yn it politike en sjoernalistike discours te brûken.
Dan dat nivo fan de sjoernalistyk, dat te lijen hawwe soe fan in bytsje Frysk op radio, televyzje en yn ’e krante. Warmerdam docht foar Spijkers it wurd, sels wol se it net sa hurd sizze, bliid mei syn útlittingen is se grif. Mar ,,[h]oe belangrijk ook, de focus van de Omrop op het behoud van de taal houdt journalistieke vernieuwing tegen"?
Hoe dan? Watfoar nivo wurdt net helle en watfoar fernijing net beskrept? Der wurdt wiisd op it al ieuwen bekende feit dat de measte Friezen analfabeet binne yn har eigen taal, mar wat dat mei nivo en fernijing fan sjoernalistyk te krijen hat? Oare mooglikheid is dat nivo en fernijing ûnder druk stean om’t tefolle sjoernalisten net mei it Frysk oerwei kinne. Dat sil ek net bedoeld wêze, want wy ha ommers de Afûk en taalkursussen dy’t de net-Frysktalige dames en hearen op ‘nivo’ bringe kinne - sadat se sûnder problemen de winske ‘fernijing’ ta stân bringe kinne sille.
Dat is dus allegear, ja, ûnsin. Oan ’e ein komt de aap út de mouwe. De LC en de Omrop hawwe betocht dat der ien of oare media-talkshow komme moat wêryn’t ‘media op elkaar aansluiten in de berichtgeving, en aan het eind van de dag in een ‘5-programma’ samen het nieuws van de dag doornemen’. Aha, showtime! De Provinsje Draait Fierder, foar de kamera’s fan de Omrop. En-dan-moat-der-inkeld-Hollânsk-praat-wurde. Capiche?
Sa’n Sander-Draait-Door programma sil, hopet de haadredakteur anneks ferdigener fan de frije parse, ‘een sterkere journalistieke cultuur’ foarút helpe, ‘waarbij de pers echt tanden toont’, sadat ‘politici niet wegkomen met wollige cirkelredeneringen’, ensafierderhinne (yn de wurden fan de ferslachjouwer). Sa’t it no is, krijt dy Brave New World fol sjoernalistike helden gjin kâns. Want dat ferrekte Frysk.
No soe ik noch in hiel betooch opsette kinne oer de sterke en foaral de swakke punten yn de ‘journalistieke cultuur’ fan regionale media yn Fryslân. Mar it liket ûneinich folle wizer en doch dat mar net. By einsluten bin ik yn it spier foar itselde concern as Warmerdam. As dat concern myn advizen noadich hat, dan hear ik it wol in kear. Dan soe ik it tink ik hawwe oer te min sjoernalisten, te min kennis, te folle foarljochters en wurdfierders en ellinde út de bûtenlânske parse - allegear saken dy't no krekt nét oan 'e oarder kamen op it sympoasium.
Mar as it oer it Frysk giet, hâld ik my it rjocht foar om in miening te hawwen en dy ek te uterjen. Dit triktrakjen fan Genootschap, LC en Omrop om myn taal fan it fjild te spyljen, tsjûget fan yntellektuele earmoede, kommersjele treurnis en leechachtsjen fan sa likernôch de helte fan de maatskippij dy’t dy organisaasjes nota bene har besteansrjocht jout.
Sjoch ek by Henk Wolf
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten