In aardige eksersysje: tel de bedragen op dy't it Nederlands Letterenfonds yn 2018 (ja, it jier fan....) útjûn hat fia al syn subsydzjeregelingen (minus dy foar tydskriften) om de literatuer yn Nederlân foarút te helpen. Dat smyt in bedrach op fan 4.866.923 euro, dus hast fiif miljoen euro.
Hoefolle is dêrfan bestege foar it realisearjen fan Frysktalige projekten, tinke jimme? 20 persint? 10 persint?
Wolnee: sa. 60.000 euro, dat komt del op 1,23 persint.
(Boarne: parseberjochten Nederlands Letterenfonds op syn eigen site www.letterenfonds.nl; opteld binne de bedragen foar ynsidintele literêre manifestaasjes, projektsubsydzjes, oersettingen, wurkbydragen teaterteksten, regeling digitale literatuer, literêr grinsferkear, biografyregeling.)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten