zaterdag 16 juni 2018

Wachtsje op de ivich griene beam

In nij, yn fjouwer talen publisearre lesboek wol de Fryske literatuer foar skoalbern, studinten én toeristen ûntslute. It byld dat presintearre wurdt is braaf neffens de kanon, mar ek ferfoarme en fragmintarysk. 


De earste sin fan de achteroptekst jout al in wat ûngemaklik gefoel. ‘De Fryske literatuer is útdrukking fan de eigenheid fan Fryslân.’ De ferûnderstelde eigenheid fan de provinsje is wat it nije lesboekje oer Fryske literatuer foar it middelber en heger ûnderwiis en foar toeristen, it yn mar leafst fjouwer talen publisearre Salang’t de beam bloeit, it belangrykst achtet om út te dragen. Fryske skriuwers skriuwe ‘oer harsels, oer har taal en oer har lân’, stiet dêr ek. Blykber net oer algemiene, gongbere literêre tema’s. Fryske skriuwers skriuwe yn tsjinst fan it heitelân, tsjintwurdich ek wol neamd: de provinsje Fryslân. Beoardielje in boek net op syn achterflap, sizze se, mar skoalbern binne mar warskôge mei sokke Fryslân-reklame. 

It lesboek is foar in part in adapsje fan de kofjetafelskiednis Zolang de wind van de wolken waait fan 2006, ek wol ‘it wolkeboek’ neamd. It is offisjeel skreaun troch literatuerwittenskipper Joke Corporaal. Offisjeel, want in fjouwerkoppige redaksje besteande út Babs Gezelle Meerburg, Goffe Jensma, Teake Oppewal en Ans Wallinga hat de sân haadstikken en 37 ‘finsters’ fêststeld. Oppewal en taalkundige Eric Hoekstra – en faaks ek Jensma – hawwe ek teksten oanlevere. Mei oare wurden, Tresoar, NHL, middelber ûnderwiis, Fryske Akademy en universiteit, allegear hawwe se gear west oer Corporaal har wurk, elk mei syn eigen belangen en prioriteiten. 

It risseltaat is dêrneffens. It wolkeboek hie syn lekken en brekken, mar dit beamkeboek is rûnút striemin. It earste haadstik, oer rune- en wetsteksten, giet net oer literatuer mar oer taalskiednis. Yn it tredde haadstik, oer de njoggentjinde ieu, is gjin line te ûntdekken. De byhearrende finjetten wurde net taret yn de haadtekst. Men fernimt hiel wat oer Joast Halbertsma mar neat oer syn broer, de dichter Eeltsje, Harmen Sytstra is sa te sjen inkeld nijsgjirrich om syn nuvere stavering, oer Hjerre Gerrits van der Veen stiet wat ûnder it kopke ‘Tydskriftekultuer’, en wêrom’t Waling Dykstra in sjeny wie komt men net earlik achter. Mar it belangrykste is: wêr’t al dy skriuwers literatuer oer skreaune bliuwt in riedsel. Sa bliuwt bygelyks de sinjalearre politike bedoeling fan it Oera Linda Boek yn ’e loft hingjen. Dat in boel skriuwers Francois Haverschmidt dêryn al foargien wiene, bygelyks Van der Veen, Dykstra en Van der Meulen, komt net oan ’e oarder. 

Misliedend binne de opmerkingen oer de grutte literêre tydskriften dy’t oardel ieu lyn de Fryske literatuer fundearre hawwe, Iduna, De Fryske Húsfreon, For hûs en hiem: dy ‘(..) litte sjen dat se benammen in boargerlik, braaf karakter hiene. Yn ús iuw fine wy de literatuer dy’t dy tydskriften opsmieten faak net mear sa botte nijsgjirrich, mar nijsgjirrich binne wol it byld fan Fryslân dat de skriuwers sketsten, it nije lêzerspublyk dat se wisten oan te lûken en de skriuw- en taalnoarmen dy’t se mei inoar stal joegen’. Sa’n tekst befêstiget de kanon sa’t de provinsje en syn ynstituten dy graach sjogge. Mar oer de njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer giet it net. 

Yn haadstik 4 wurdt it net better. De Jongfryske Mienskip, mei syn kredo fan ‘persoanlike keunst’, wie yn de ynlieding al ‘de earste Fryske avant-gardebeweging’ neamd, opmerklik sjoen it feit dat de Jongfriezen hast tritich jier by de Tachtigers en Troelstra achteropkamen, en dus neat fan in foarhoede hienen, en sjoen it feit dat bygelyks yn de Angelsaksyske literatuer de reuzen Ezra Pound en T.S. Eliot op dat stuit alwer mei dy saneamd ‘persoanlike’ keunst ôfrekkenen. 

Ut de Jongfryske wiereek komt Frisia, it nije tydskrift fan Douwe Kalma, nei foarren as it earste ‘eksklusyf literêre’ tydskrift. Yn ien muoite troch wurdt fermeld dat de namme ferwiist nei ‘it ferhearlike, midsiuwske Fryslân’. Net inkeld literêre, ek Frysk-nasjonalistyske kritearia spilen blykber mei. Hoe kaam dat werom yn de literatuer op de siden fan Frisia? Wy moatte der nei riede. Jo moatte mar foar eagen hâlde, lêzer, wat jo al sûnt 1915 aloan en wer foarhâlden wurdt troch de Frysk-nasjonalen ûnder de Frysk-kulturelen, dat is dat Kalma fan ûnwittend grut belang west hat foar alles en elkenien. 

Ek foar wat de nei-oarlochske literatuer oanbelanget is der in protte romte foar biografy, anekdoate, ‘taalstriid’ en ‘meartaligens’, en folle minder foar wat sintraal stean moatten hie: de literatuer sels. In each op Sjoerd Spanninga en Jan Wybenga, twa fan de belangrykste nei-oarlochske dichters, ûntbrekt. Trinus Riemersma syn baanbrekkend proaza út de sechstiger jierren wurdt oersljochte. De reade bwarre is net oerset om’t it boek ‘dreech is om oer te setten’ mar om’t de skriuwer it net lije woe. Sa’n stikje oer de folksferhalesammelderij fan Ype Poortinga is yn it ramt fan in koarte literatuerskiednis wat al tefolle eare. Tsead Bruinja wurdt follesizzend mistypearre as ‘de wichtichste ambassadeur fan Fryslân’. Hoe’t De Moanne trochgean kin foar literêr tydskrift – it sil komme om’t it dan krekt liket as is der mear literatuer. En wêrom’t fan ensafh fan alles op it aljemint brocht wurdt, mar oer it net-subsidiearre Fers2 inkeld sein wurdt dat dat ‘in kritysk platfoarm’ is? 

Dan binne wy bedarre oan ’e ein: it finster oer de Fryske literatuerwittenskip. Dêr wurdt de titel fan dit boekje dúdliker. Net inkeld is de ûntliening oan in ferhalebondel fan Trinus Riemersma te lêzen as in ferwizing nei it wolkeboek, hy kin ek sjoen wurde as in symboalysk deadsberjocht. De literatuerwittenskip is net mear, ergo, de literatuer sil wol gau folgje. In beamgrêf hat dy literatuer yn de foarm fan dizze koarte skiednis sadwaande no al krigen. It hichtepunt fan de Fryske literatuerwittenskip skynt lein te hawwen tusken 1976 en 2008, jiertallen dy’t oantsjutte yn watfoar perioade de Fryske Akademy der wat oan die. Dêrnei soenen de minsken ynienen minder Frysksinnich en mear meartalich wurden wêze. Mar dat it hiele Fryske taalûnderwiis neat foarstelt, al desennia net, is in folle wichtiger oarsaak fan de literêre malêse. Krekt dat politike en kulturele fallyt bliuwt yn it ferhoalene. 

Ek ljochtpuntsjes wurde net opmurken. Dat Fers2 al fjouwer jier debutanten de romte jout, nije sjenres iepenet en baanbrekkend kritysk Frysk literatuerûndersyk docht, komt net oan ’e oarder. Suggestjes dy’t liede kinne soene ta mear ûndersyk en nije ûndersyksrjochtingen wurde net dien. Ferbannen mei Nederlânske of bûtenlânske literatuer wurde net neamd. Streamingen, rjochtingen, bewegingen wurde net oanwiisd en foar inoar oer set; literêre konflikten wurde meast inkeld biografysk oantsjut. De beam is útbloeid, moatte de havisten en vwo’ers wol as úteinlik boadskip oppikke. 

It probleem is dat sa’n yn essinsje literatuerleaze oanpak skoalbern noch oare nigethawwers stimulearret om it oarspronklik wurk te lêzen of te bestudearjen. Se moatte gewoan witte dat it der is, fanwege har Fryske identiteit of sokssawat. Publikaasjes as dizze passe yn in bredere trend om de Fryske literatuer net langer mear wittenskiplik te ûndersykjen, mar syn skiednis ûnder politike kontrole te setten, te twingen yn it mal fan oantreklike seleksjes en simplifikaasjes, en sadwaande te preservearjen en te musealisearjen en yn ’e etalaazje te setten as ivich ûnferoarlik Frysk erfguod. Mar yn ôfwachting fan it plantsjen fan de ivich griene beam – in echte, goede literatuerskiednis – kin men inkeld mar foar syn ferskining pleitsje. En yn ien sike ta gearwurking oantrune, om better de grutte gatten yn ús kennis oer de Fryske literatuer wat lytser meitsje te kinnen. 

Abe de Vries is einredakteur fan it Friesch Dagblad

(Friesch Dagblad, 16 juny 2018)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten