Hjoed yn it Friesch Dagblad in ferslachje troch Jaap Krol fan de Gysbert-útrikking. Neffens deputearre fan Kultuer Sietske Poepjes (CDA) is ,,it byld fan de Fryske sêne (..) ek ien fan in lytse, bekfjochtsjende yncrowd en dat hellet dy misje [fan de keunst] wolris ûnderút".
Wa of wat soe Poepjes op it each hawwe mei sokke literatuerbefoarderjende útlittingen? De minsken dy't literatuer skriuwe, en oer literatuer skriuwe, der les yn jouwe, dermei optrede en der lêzingen oer hâlde? Mar dy't ek wolris opinystikken oer Poepjes har belied skriuwe (hoe doarre dy omkoalen dat), of better sein, gebrek oan belied, of better sein: foar de literatuer desastreus belied?
Stikken dêr't Poepjes dan steefêst gjin antwurd op jout, om't se sa graach mei de bek fol tosken op 'e foto komt. Poepjes wol reklame, kitsj en folkloare - gjin literatuer. It is dat de advyskommisje Eppie oanwiisde, oars wie op oanstean fan de mem fan alle spektakels de priis nei Jos Thie gien.
Efkes earder yn dyselde krante stie ek al te lêzen cq. wie te dedusearjen hoe't Poepjes tinkt oer Fryske literatuer. Brief fol nijs fan Poepjes, de krante fettet gear: ,,De provincie Fryslân wil dat specifieke eisen kunnen worden gesteld aan docenten voor het lesgeven in en over de Friese taal."
Lit dat no efkes besinke. Yn jin delgean. Lesgeven in en over de Friese taal, dat is sûnt 1980 wetlik ferplichte yn Fryslân. Mar elkenien wit dat Fryskpraters mar in lytse, bekfjochtsjende yncrowd binne. Dat dy dosinten en dat foech, dêr komt it net sa op oan. Is Poepjes fansels ek fan betinken, mar ja, dat ferrekte Dingtiid en dat ferrekte SisTsiis. Dus: ,,Het provinciebestuur wil hierover in overleg gaan met het rijk en met de Onderwijsinspectie." Itselde oerlis dus dat al 37 jier duorret.
As Poepjes út-oerlein en út-taartiten is, dan hoecht it net mear mei dy dosinten, want dan is der net ien mear dy't Frysk skriuwe kin of wol. Oan dy doelstelling wurdt hurd wurke troch Poepjes, mei har ûntheffingen foar jan en alleman. Dat groepke bekfjochters, dy yncrowd, oanfolle troch de gewoane man dy't ek koarje moat fan de provinsjale taaltaart, is noch fierstente grut.
En hoe foel it sjueryrapport diskear út?
De advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2017 hat yn syn ferslach in protte omtinken foar bysaken en relatyf mar in bytsje foar de nominearre bondels en de bondel, Fallend ljocht fan Eppie Dam, dêr’t de priis op foel. It giet dan bygelyks oer de fraach oft der wol nominearre wurde moat by de GJ-priis:
,,Prizen fan oerheden en stichtingen dy’t skriuwers en oare keunstners earje wolle, dogge dat by ús witten net mei nominaasjes. De fraach liket dan ek te wêzen oft de Gysbert Japicxpriis foaral in priis is dy’t út namme fan mienskip en oerheid wurk en skriuwers earet, of mear in marketing- en promoasjeynstrumint is. Dy fraach moat de provinsjale oerheid beantwurdzje.”
Mar de kommisje beantwurdet dy fraach feitlik al. Yndie is de GJ-priis ,,foaral in priis dy’t út namme fan mienskip en oerheid wurk en skriuwers earet”. En yndie is de priis nét ,,in marketing- en promoasjeynstrumint”. Pats, Poepjes krijt in tik oer de noas. Mar goed, it moat ek net te mâl mei de krityk, jo binne by einsluten mar gewoan in advyskommisje. De deputearre hat it ommers ek wol hiel muoilik mei dy ,,lytse dwerse yncrowd fan eigensinnige dichters dy’t altyd wol wat fine om tsjin te wêzen”.
Sjoch, sa kinne jo as kommisjelid yn ’e takomst teminsten nochris mei goed fetsoen oanskilje op ’e Twabaksmerk. It binne de dichters sels, is dizze kommisje fan betinken, dy’t ferantwurdlik binne foar ,,it byld dat ûntstiet”, dat nét it byld is ,,fan in bloeiende literatuer mei dichtwurk dat it lêzen mear as wurdich is”.
Ik wist net dat de advyskommisje ek ferstân hie fan bylden dy’t ûntstean en hoe’t se ûntstean en wêr’t se dan hinnefleane en ik wist ek net dat de kommisje dêr ûndersyk nei dien hie en hoe dan en wêr’t se har op basearje.
Ik wit wol dat it de core business fan in GJ-advyskommisje is om de literêre kwaliteiten fan yn alle gefallen de priiswinnende bondel te beljochtsjen. Dat bart dan ek yn it rapport. Yn pak ‘m beet hûndert wurden. Krekt sa'n bytsje wurden, oars, as de GJ-advyskommisje reservearret foar it beljochtsjen fan de oare nominearre wurken. Sinjalemintsjes binne it dy’t de kommisje ús jout.
Dat is yn myn eagen spitich en dat moat de folgjende kear oars, as ik myn sin sis. Mar ja, ik bin dan ek ien dy’t altyd wol wat fynt om tsjin te wêzen.
Of, oars formulearre, om fóar te wêzen?
Likegoed wol ik ta myn ferdigening oanfiere dat it sjueryrapport 2005 fan de GJ-kommisje – doe besteande út Klaas van der Hoek, Jitske Kingma en Michaël Zeeman – 4,5 kantsjes A4 bestege oan de ynhâld fan In waarm wek altyd. Unnoadich te sizzen dat oer Fallend ljocht absolút net minder skreaun wurde kinnen hie. Lit my no ris sa eigensinnich en dwers wêze, of foarút, sa belutsen en posityf, en dêrfoar pleitsje dat yn ’e takomst sjuerys wat mear op it aljemint bringe oer it priiswinnende wurk en wat minder har bêst dogge om politike paadsjes te rinnen en deputearren te geriven.
It rapport fan de advyskommisje is hjir te lêzen: http://www.sirkwy.frl/images/literere_prizen/dokuminten/advyskommisje_gysbert_japicxpriis_rapport_2017.pdf
Geen opmerkingen:
Een reactie posten