dinsdag 1 september 2015

Tony Feitsma, in foarbyld dat wachtet op neifolgers

In ‘flammedraachster’ wurdt se neamd. In ‘fjoeroanstekster’. Anthonia Feitsma (1928-2009), heechlearaar Frysk, hie in skerpe geast en dito pinne. In esseebondel bringt har neilittenskip yn kaart. 

As der noch mar seis jier nei jo ferstjerren al in mânske stúdzje ferskynt oer jo wurk, dan is dat foar Fryske begripen moai op ’e tiid. Wittenskip en Beweging, in samling fan alve essees en in tal bylagen, útjûn mei stipe fan it Fûûns fwar it Frysk (dat se selsoprjochte hat), giet wiidweidich yn op de betsjutting fan it wittenskiplike wurk en it ‘bewegen’ fan prof.dr. Anthonia (Tony) Feitsma (1928-2009). It boek befettet bydragen fan Alex Riemersma, Henk Meijering, Jarich Hoekstra, Philippus Breuker, Arjen Versloot, Jan Noordegraaf, Anne Dykstra, Hindrik Sijens, Durk Gorter, Jan Popkema en Liuwe Westra. Harren is frege om it wurk fan Tony Feitsma te hifkjen. Hoe wie de ûntfangst, wat wie de ynfloed, wat betsjut it foar takomstich ûndersyk? 

Yn it foaropwurd wurdt spitigernôch net útlein wêrom’t dizze teksten, dy’t ynearsten ornearre wiene as foarwurk foar in biografy, no yn in selsstannige útjefte byinoar brocht binne. Wêrom binne de plannen foar in biografy op ‘e non útrûn? 

Tony Feitsma wie heechlearaar Frysk oan de VU (1976-1990) en de UvA (1986-1993) en is in ikoan fan sawol de frisistyk as de Fryske Beweging. Dy status hie se al; dêr hoegde in útjefte oer har betsjutting net mear oan mei te wurkjen. Wittenskip en Beweging is dan ek, en gelokkich mar, gjin jubeljende hagiografy wurden. Earder is it tsjinoerstelde it gefal: yn ûnderskate bydragen treft men neist lof ek gâns krityk oan. 

De fraach oft har wittenskiplike wurk ‘fernijend’ wie, is bygelyks ûnderwerp fan diskusje. ‘Tony Feitsma hat (..) op gâns gebieten yn ‘e frisistyk in fernijende ynfloed hân’, set Jarich Hoekstra, heechlearaar Frysk yn Kiel, moedich út ein yn syn essee. Hy neamt dan as fernijende inisjativen bygelyks har yntroduksje fan de generative grammatika, mar seit ek dat se dy oppikte fan oaren en inkeld fierder stimulearre. Hy neamt har krewearjen foar sosjolinguïstyk en literatuersosjology, mar seit ek dat har foargonger Klaas Fokkema en oaren dêr al mei dwaande west hiene. En hy neamt har niget oan grafematyk, mar dat ‘hat oars mar in koarte opstiging west’. 

Yn feite, seit Hoekstra, woe Feitsma ‘inkeld fernijing op ‘e hechte basis fan ‘e tradysje’ en siet har ynset as beweger har wittenskiplike wurk wolris yn ‘e wei. Foar har wiene dy twa saken lykwols ien. Hoekstra: ‘Polityk en wittenskip binne by har fêst yninoar beweefd, net yn ‘e sin dat de frisistyk de wittenskiplike earm fan de Fryske beweging wêze moatte soe, mar yn it witten dat de frisistyk der kommen is en der inkeld bliuwe sil troch politike presje en dêrom in bysûndere ferantwurdlikheid hat foar har efterban oer.’ 

De foar in mear algemien publyk faaks nijsgjirrichste bydrage is fan Liuwe Westra, oer Tony Feitsma as Frysk beweger. Westra ferdielt har ‘bewegingskarriêre’ yn trijen: 1958-1979: dan is Feitsma ûnder mear in skoft foarsitter fan de FNP en fan de Koperative Utjowerij; 1980-1991: se is dan út it bewegingsblêd De Stiennen Man stapt en begjint it blêd Fryx; doel is ûnder mear it befoarderjen fan de ‘mûnigens’ fan de Friezen; 1991-2009: dan foarmet se in ‘ienmansfraksje dy’t mei wikseljende partijen koälysjes slút’ (Westra). Al dy jierren nimt se yn de Beweging in tige krityske posysje yn. Sa sinjalearre se bygelyks in tefolle oan stribjen nei taalstanderdisearring, in te min oan fisy en takomstperspektyf yn de top fan de Beweging, en in te min oan omtinken foar de taalsitewaasje by oare minderheden. In moai foarbyld fan har ûnôfhinklike tinken is de krityk dy’t se begjin njoggentiger jierren utere op de betinking fan de Slach by Warns. Yn dy tiid waard dêrby de klam lein op de rykdom fan taalkundich en kultureel ferskaat. Foar har wie dat allegear folkloare en moaipraterij. Nee, it soe gean moatte oer ‘de kritike sitewaasje dêr’t Fryslân en it Frysk hjoeddedei yn ferkeare’, skreau se yn 1995 yn Frysk en Frij

Se hat lang net altyd har sin krigen. In protte omtinken – net inkeld by Westra, ek yn oare bydragen – giet út nei har skerpe polemyske styl, wêrby’t tsjinstanners ek wolris tinkbylden taskreaun waarden dy’t dyjingen hielendal net hiene. ‘Dat se,’ skriuwt Westra, ‘as se polemysk ien kear op ‘e gleed kaam, eins oars net die as de dingen foar harsels en oaren minder meitsje, hie Tony Feitsma net yn ‘e gaten’. 

Opfallend oan dizze útjefte is net inkeld de kwaliteit en de djipgong fan de bydragen, mar ek harren iensidichheid. Op in koarte biografyske skets en it wiidweidige stik oer Feitsma as beweger nei, binne alle bydragen fan benammen taalkundige aard. Inkeld Philippus Breuker makket yn syn stik in pear opmerkingen oer de betsjutting fan Feitsma foar de stúdzje fan de Fryske literatuer, mear yn it bysûnder de Midfryske literatuer. Dat de redaksje dizze ‘kaping’ fan Feitsma troch de taalkundigen – de measten mei in Akademy-achtergrûn – passeare litten hat, liket my in flater. Feitsma’s ideeën oer de Fryske literatuer as in ‘streekliteratuer’ hiene op syn minst in aparte behanneling wurdich west. It is in beswier dat ek it opnimmen, as bylage, fan in net-publisearre en net-dienmakke stik fan har oer ‘minor romanticism’ net ferhelpe kin. 

Ek oare kwestjes komme spitigernôch mar summier oan ‘e oarder. Yn 2008 krige Feitsma it earste eksimplaar oanbean fan it nije, twadielige Frysk Hânwurdboek, it ientalige Frysk-ferklearjende wurdboek dêr’t se al fan de ein fan de fyftiger jierren ôf foar pleite hie dat it der komme soe. Riemersma en Meijering jouwe de doetiidske wittenskiplik direkteur fan de Fryske Akademy Jelle Brouwer – ferantwurdlik foar it feit dat it grutte Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT) it Nederlânsk as útlistaal krigen hat – noch efkes in draai om ‘e earen. In Frysk-ferklearjend wurdboek ‘is yn grutte talen fanselssprekkend, foar dialekten ûngebrûklik’, skriuwe se. ‘Soks betsjut dus in wichtige stap foar de status fan it Frysk as echte taal, dat der no in Frysk-Frysk ferklearjend wurdboek bestiet’. Mar de reboelje dy’t der west hat oer de ynstruksjetaal fan it WFT, dêr’t Feitsma in grutte rol yn spile, en ek de arguminten destiids fan Brouwer om dochs foar it Nederlânsk as útlistaal te kiezen bliuwe folslein bûten byld. 

As Feitsma it op in oar mêd dan letter wol dúdlik by de rjochte ein hat, krijt se nuvergenôch gjin kredyt. Dan giet it om de opheffing yn 1997 fan it blêd Frysk en Frij, dêr’t se har yn in stream stikken yn de parse tsjin ferset hat.Westra mient dat dat tydskrift ‘gjin takomst mear hie’ en fynt dat Feitsma har slim polemyske stikken oer de kwestje net goed genôch mei arguminten ûnderboude. Frysk en Frij wie ommers ôfhinklik fan provinsjale subsydzjes, de ferhâldingen binnen it blêd wiene fersteurd en, it belangrykste, it wie net by steat ‘om nije doelgroepen oan it Frysk lêzen te krijen’ – mar wa seit dat soks reden is in blêd te skrassen of mar gjin nij blêd op poaten te setten? 

Anthonia Feitsma wie in ‘flammedraachster’ en in ‘fjoeroanstekster’ – mei dy wurden fan Liuwe Westra wurdt har betsjutting as beweger raak tekene. Har aktivistyske hâlding, kennis fan saken, histoarysk bewustwêzen en krityske, demokratisearjende ynstek hawwe fan har, nettsjinsteande har lekken en brekken, in foarbyld makke, in foarbyld dat wachtet op neifolgers. 

Moaie útspraak fan har, út 1976, mar noch altyd aktueel: ‘Al dy “positive” minsken meitsje my o sa tryst. Se lige foar harsels en foar oaren dat it allegear o sa moai en sa goed is, of dat syen it allegear sa goed witte en it dus ek allinne witte moatte. It “negative” trochprippen fan al dy echt of sabeare domme “positive” ballontsjes is in goed wurk fan de earste oarder. Der moatte yn Fryslân noch hiel wat fan dy ballontsjes trochpript wurde foardat wy werris in bytsje normaal meiïnoar prate kinne.’ 

• 

Anne Tjerk Popkema e.o., red., Wittenskip en Beweging. Skôgings oer wurk en stribjen fan prof.dr. Tony Feitsma (Wijdemeer, Ljouwert 2015)

[Publisearre yn it Friesch Dagblad, 29 augustus 2015]

1 opmerking:

  1. Ik haw Tony Feitsma foaral as KU-foarsitter meimakke - se fûn it wichtich dat der moderne Fryske literatuer produsearre waard.

    Doe't de Fryske lêskommisje foar Provinsjale subsydzje myn roman OMSKOTTEN FAN LEAFDE - 1981 - (ferhâlding learares + jonge op in middelskoalle) ôfkarde, omdat it tema net fatsoenlik wie, naam Feitsma kontakt op mei CRM. Dit Rykskultuerfûns soarge doe foar subsydzje.

    Feitsma: 'Gjin sinsuer op literatuer'.

    BeantwoordenVerwijderen