woensdag 2 februari 2011
Piet de Vries (1938-2011)
De Wjittering Ried
O heit, dit is net wat wy seagen, net wat wy hearden,
mar kin it wêze dat it is wat wy fielden?
Dêr wynt it wite skulpepaad foar ús út, dat him delbochtet
fan ús âlde, ûnwerkenbere wenstee, oer de ôfgroeven terp
mei jonge beammen en jongeshutten, lâns de opfeart
nei djipper wetter en reiden fan de wjitt'ring Ried.
It minste hat west.
Wy rinne stadich, wy eangjende midsieuske mûntsen,
de eageskulpen hast ticht. It waait dat it rikket; út it hege
noarden wei skowe grize iermaartske iisbergen de loft ticht;
te hearren bliuwt it brekken,
it ienlûdige brekken fan skossen oseaan ûnder learzens.
No komt it op ús beiden oan, heit,
om yn dizze fjilden, oan dit wetter
wer grut te wurden, te finen dizze wurden yn 'e mûlen:
- Haw ik in goede heit west?
- Fansels.
Grouwe rotten spoekjend yn 'e reidwâl wit de hûn ried mei.
Wy stappe yn ús fiskersboatsje, roeie stadichwei nei see.
(Ut: De weromkommer yn it ûnlân, 2002)
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten