maandag 28 februari 2011
zondag 27 februari 2011
zaterdag 19 februari 2011
vrijdag 18 februari 2011
De eerste keer dat het woord
Fragmenten van gedichten uit: Abe de Vries, Warme boxkachels & weke irenes / Waarme bokskachels & weake irenes (Contrabas, 2006. Muziek/geluidsontwerp: Jaap van Keulen. Selectie gedichten: Tsead Bruinja. Animatie: Ramon Verberne en il Luster Productions.
woensdag 16 februari 2011
Tim solist by Noordhollands Jeugdorkest yn 'Méditation' fan Tchaikovsky
Nei alle gedachten sil Tim op snein 25 septimber solearje mei it Noordhollands Jeugdorkest yn it Zaantheater yn Zaandam. Hy sil dan de 'Méditation' spylje út 'Souvenir d'un lieu cher', op. 42 fan Tchaikovksy. De 'Méditation' is it earste fan trije stikken op. 42 en wie yn 't earstoan ornearre foar it Fioelkonsert fan Tchaikovsky.
maandag 14 februari 2011
Fjouwer Fryske dichters
Hein Jaap Hilarides, Janneke Spoelstra, Cornelis van der Wal, Edwin de Groot. Literêr Sirkwy, Stiens, 13 febrewaris 2011
zondag 13 februari 2011
zaterdag 12 februari 2011
maandag 7 februari 2011
zaterdag 5 februari 2011
vrijdag 4 februari 2011
donderdag 3 februari 2011
woensdag 2 februari 2011
Piet de Vries (1938-2011)
De Wjittering Ried
O heit, dit is net wat wy seagen, net wat wy hearden,
mar kin it wêze dat it is wat wy fielden?
Dêr wynt it wite skulpepaad foar ús út, dat him delbochtet
fan ús âlde, ûnwerkenbere wenstee, oer de ôfgroeven terp
mei jonge beammen en jongeshutten, lâns de opfeart
nei djipper wetter en reiden fan de wjitt'ring Ried.
It minste hat west.
Wy rinne stadich, wy eangjende midsieuske mûntsen,
de eageskulpen hast ticht. It waait dat it rikket; út it hege
noarden wei skowe grize iermaartske iisbergen de loft ticht;
te hearren bliuwt it brekken,
it ienlûdige brekken fan skossen oseaan ûnder learzens.
No komt it op ús beiden oan, heit,
om yn dizze fjilden, oan dit wetter
wer grut te wurden, te finen dizze wurden yn 'e mûlen:
- Haw ik in goede heit west?
- Fansels.
Grouwe rotten spoekjend yn 'e reidwâl wit de hûn ried mei.
Wy stappe yn ús fiskersboatsje, roeie stadichwei nei see.
(Ut: De weromkommer yn it ûnlân, 2002)
dinsdag 1 februari 2011
Abonneren op:
Posts (Atom)