zaterdag 21 november 2020

'Sense of place': Waling Dykstra yn Froubuorren


                                            Foto: Bob de Boer


Lêzing útsprutsen by de presintaasje fan Folksskriuwer yn it doarpshûs fan Froubuorren, 20 novimber 2020

*

Wat makket it út wêr’t in skriuwer weikomt? Of wat er yn syn jonge jierren meimakket?

Net folle, sizze guon dy’t oan de teksten fan de skriuwer genôch hawwe. Mar teksten roppe fragen op, of litte har ûnderfreegje, en wat as de romans, ferhalen en gedichten fan dy skriuwer ferbân lykje te hâlden mei wêr’t er weikomt en út watfoar fermidden er stammet? Dan wurdt ek it útdjipjen fan de biografyske aspekten fan in skriuwerslibben miskien nijsgjirrich. Soks kin mooglik mear ljocht smite op har of syn skriuwerij. En miskien ek mei soargje foar in better of in oar begryp derfan.

No wol ik yn dizze koarte lêzing wat sizze oer de jeugd, hjir yn dit doarp, fan de Fryske folksskriuwer Waling Dykstra. Waling, dêr ferklap ik gjin geheim mei, komt fan Froubuorren, fan it Bilt. Syn bertehûs, doedestiids in bakkerij, stiet hjir noch altyd oan de nei him neamde trochgeande dyk. It hûs is yn de tachtiger jierren fan de tweintichste ieu noch moai opknapt nei in crowdfund-aksje fan de doe tige aktive, en hjoeddedei noch hieltyd besteande, Waling Dykstra Stichting.

Earst efkes de bekende feiten. Waling – ik folgje de goede gewoante om him by syn foarnamme te neamen, mar ik gean it âldmoadrige ‘Waling-om’ safolle mooglik út ’e wei – wurdt berne yn 1821 as soan fan in bakkerssoan, Gerryt, dy’t sels noch bakker wurde moat, en mem Antsje Keimpes Koopmans. It pear wennet noch yn it bakkershûs fan Gerryt syn heit, dat is pake Waling. Trije jier letter krije Gerryt en Antsje de hier fan in bakkerij yn Spannum. Dêr ferhúzje se hinne mei twa bern, mar it opfallende is, Waling bliuwt yn Froubuorren te wenjen by pake Waling en beppe Jantsje.

Hy groeit dus foar in grut part op – yn de fakânsjes en ek dêrbûten giet er oars wol ris nei Spannum – sûnder heit en mem, by twa opfieders dy’t al op jierren binne. De reden dy’t er sels jûn hat foar syn achterbliuwen yn Froubuorren, is dat syn pake en beppe sa nammesiik wienen en it bern mei dêrom net misse woenen. Pas op 18-jierrige leeftyd, yn 1840, ferhuzet Waling junior nei syn mem yn Spannum; syn heit is dan al jierren wei en pake Waling sil oer twa jier folgje.

Fine wy sa’n basiselemint yn syn biografy, it wêzen fan in soartemint fan weesbern, werom yn syn wurk?

It motyf fan de fûnling, dy’t gjin heit en mem hat, de spot fan de doarpsbern op it ‘memmeberntsje’ hat Waling ferwurke yn it boek dat as de earste Fryske roman jilde kin, De sulveren rinkelbel út 1856. It motyf yn dy roman is wol yn ferbân brocht mei wurk fan de Nederlânske skriuwer Jacob van Lennep en ek mei de algemiene populêrens fan fûnlingen yn de Nederlânske literatuer fan dy tiid. Mar hjir kinne wy feilich ûnderstelle dat dêrneist ek in biografyske diminsje meispilet. Waling referearret dêr sels oan yn foaropwurden by ûnderskate printingen fan syn roman. Passaazjes yn de Rinkelbel dy’t op it fûnling-ersatz-Heit motyf berêste, binne sadwaande te besjen as fiksjonalisearre oantinkens en dêrmei as in foarm fan autobiografy.

Yn in belangrike, wiidweidige brief út 1851 oan syn freon Tsjibbe Gearts van der Meulen hat Waling hiel wat oer syn jeugd sein. Hy hat himsels tekene as in stille jonge. Hy hâldt fan lêzen en taalt nei de boeken fan syn pake, ûnder mear wurk fan de Halbertsma’s. Hy moat ek gauris helpe yn de bakkerij en dan harket er nei de spannende en humoristyske ferhalen dy’t syn pake him fertelt. Dy gean oer it doarp, oer de nasjonale en lokale skiednis, oer syn eigen wederwaardichheden yn de patriottyske tiid, doe’t er koarte tiid yn Stiens ûnder de wapens west hie. Pake syn ferslach derfan hat in ûndertoan fan folks ferset tsjin mâlichheden fan de hegerein. It is suver ien op ien it ferhaal fan de figueren Pabe en Wouter út de Rinkelbel.

Op skoalle yn Froubuorren kin Waling net geweldich rekkenje, mar it skriuwen fan opstellen handiget him poerbêst en tekenje kin er ek omraken. Syn master Auke Jans van der Wal leit op in goede namme. In protte freonen hat er net. Hy kin net goed keatse en reedride, hy is wat in stive hark. Op it doarp tinke guon lju dat er ‘net wiis’ is. Mar de soan fan de dûmny lient him wolris boeken út fan syn heit en ferkeapet papier en pinnen oan him. Syn earste fersrigels skriuwt er, seit er sels, al as er noch mar sân jier is. It giet oer de bidlers dy’t by ’t winter oan ’e doarren komme:

Maar rijk dat ben ik niet

Dat is toch mijn verdriet,

Ik ben niet rijk maar arm

Dat is toch mijn gekarm

De Dykstra’s sels binne perfoarst net earm. Waling groeit op yn in middenstânsmiljeu. In bakker stiet boppe it gemiene folk, is in man fan oansjen en net sûnder sosjale macht op in lyts doarp as Froubuorren. In bakker is eigen baas, hat yn alle gefallen in eigen bedriuw, mei meast in feilige omset. Waling senior koe yn de Frânske tiid foar ien fan syn soannen in remplacant betelje, dat wie net neat.

Genealogysk ûndersyk helpt by de rekonstruksje fan it sosjaal-ekonomyske byld fan it fermidden. Pake Waling kaam fan de boerepleats dy’t stie yn de skerpe bocht nei it noarden ta boppe Alde Leie. Syn foarteam wienen eigenerfde boeren yn de polder súdlik fan Froubuorren, lidmaten en fâden fan ’e herfoarme tsjerke. It laach troude yn de santjinde ieu wierskynlik oan mei in laach fan doopsgesinde Wassenaars fan Sint Jabik.

En ek de memmekant hat in ferhaal. Oan no ta ûnbekend is dat Waling syn mem, Antje Keimpes Koopmans, in achtste part yn in mânske greidpleats tusken Baaium en Húns besiet. Doe’t Waling berne waard, wie de hiele pleats noch yn hannen fan syn pake, mem, omke en muoikes. Mar yn de tritiger jierren foel it famyljebesit útinoar troch skulden by ûnderskate húsgesinnen en miskien ek troch tsjerklik skeel om de Ofskieding fan 1834 hinne. Flak foar Waling syn fertrek nei Spannum, yn 1839, ferkocht syn mem har oanpart, sa’t it liket mei as doel om har âldste dochter oan in bakkerij yn Jorwert te helpen.

Waling syn pake fan memmekant, Keimpe Koopmans, wie feedokter yn Sint Anne en letter yn Bitgum. By myn witten hat er net oer him skreaun. De man stoar doe’t Waling trije jier wie en hy hat him dus net kend. Mar likegoed is der ek wat fan him yn it wurk fan de skriuwer werom te finen. Dat hâldt ferbân mei syn gedicht út 1852 oer de bewenners fan in pleats mei namme ‘De Stiennen Ulebuorden’.

Sa’n pleats hat oant yn de Twadde Wrâldoarloch bestien tusken Ljouwert en Ingelum, deunby wêr’t oait de befaamde Grovestins fan it eale geslacht mei deselde namme stien hie. It is ien fan de belangrykste gedichten dy’t er skreaun hat, weromgeand op in Europeesk folksmotyf dat Harmen Sytstra earder, en folle koarter, in kear neiferteld hie. Tafal, of wierskynlik net, Waling stammet sels fia syn pake Koopmans ôf fan minsken dy’t yn de santjinde ieu op de Grovestins wurken en yn it sok dêrfan boer wurde koenen.

Oar materiaal dêr’t in byld út oprize kin, binne de earste hânskriften dy’t fan him bewarre bleaun binne. Dat binne Nederlânsktalige losse teksten dy’t mooglik op ’e legere skoalle oerskreaun waarden út in boek, of dy’t er sels letter as teenager earne wei opfandele hat. Ien fan de opfallendste is de anekdoate-op-rym út Saandam, dy’t yn dy tiid foaral ferteld waard yn meniste-fermiddens. It giet oer de Russyske tsaar Peter dy’t in wize les krijt fan in Saankanter timmerman dy’t foargonger by de menisten is, en it hjit ‘Een korte preek’:

Czaar Peter hield van korte preeken,

Hij was een flink, verstandig man

En overtuigd, dat men gebreken

Door praatjes niet verbeetren kan.

In Holland aan het schepen bouwen,

Vroeg hij eens een leeraar kort van stof,

Of die voor hem een preek wou houen,

Wat korter dan bij hem aan ’t hof.

De leeraar vouwde ras zijn handen

En sprak: ,,Denk wel, spreek wel, doe wel.”

,,Ga mee”, zei Peter, ,,naar mijn landen,

Dat ik u daar als voorbeeld stel.”

Sokke frijsinnige teksten, dy’t er yn syn adolesente jierren oerskreaun hat, litte har net goed ferienigje mei in tige learstellich leauwe. Dat soe in konklúzje wêze kinne. En de earste hânskriften leare ek oars noch wat. Yn 1838 en 1839, dus foar syn ferhuzing, skreau er al sawol Frysk as ek Bilts. Syn earste Biltse stikje is in iisferske út 1839 oer Wullem en Tryn, dat begjint sa:

Tryn op ’e baan! Blyf der niet staan!

’t Mot ommes nou op in reedrijen gaan!

Ouwen bij ’t vuur en et jongfolk an ’t rijen,

Dan kin men winters wel maitydsfleur krije.

Tryn op ’e baan! Blyf der niet staan!

Bilts wie yn Froubuorren syn thústaal, mar pake en de ynwenjende muoikes liezen graach Frysk en dat waard foar Waling úteinlik syn belangrykste skriuwtaal. Syn earste Fryske skriuwen, yn 1838, hie in bysûndere oanlieding. Yn febrewaris fan dat jier hie er nei Harns ta west, it hie sa fûl ferzen dat dêr merke hâlden waard op see, en oer dat wûndere barren skreau er in ienfâldich gedicht. Debet dêroan wie nei eigen sizzen in eardere moeting, yn 1837 of 1838, tusken syn freon Jacobus Cornelis Hoitsma en de letter bekende Harmen Sytstra. Dy wie doe noch bakkersfeint yn Winaam yn tsjinst fan in omke fan Jacobus. Sytstra, dy’t sels al aardich wat skreaun hie dat net folle letter publisearre wurde soe, makke by Jacobus entûsjasme los foar it Frysk. En dy stuts syn freon Waling wer oan.

Dizze Jacobus Cornelis Hoitsma, as jo my in persoanlike noat tastean wolle, hie in suster dy’t de oerbeppe fan myn pake Abe wie, of wurden is, hoe sizze je dat. Jacobus hat sels ek skreaun, ûnder mear, yn it Bilts, Roskam voor schurftige boeren fan 1849. Dat wie ien fan de earste sosjaal-krityske pamfletten oer de ellinde fan plattelânsarbeiders yn Fryslân. As jonges lutsen Waling en Jacobus in protte mei elkoar op en hellen op it doarp ek wol fiten út. Yn de fjirtiger jierren groeiden se lykwols útinoar om’t Jacobus hieltyd ortodoksere ideeën krige en Waling, wilens ferhuze nei Spannum, al gau de oare kant út woe yn syn religieus tinken.

Opgroeie yn Froubuorren betsjutte dus opgroeie yn in trijetalige omjouwing. Thús en op strjitte klonk it Bilts, minder faak it Frysk. Thús út de boeken kaam it Frysk. En op skoalle, yn tsjerke en by offisjele oangelegenheden moast it yn it Hollânsk. Yn Spannum sil Waling lykwols telâne komme, net yn in trije- mar yn in twatalige omjouwing mei in op it each sterkere tsjinstelling tusken Hollânsk en Frysk.

Yn Spannum foel de talige grins faker gear mei religieuze en sosjale ferskillen: skriftlik Frysk wie mear wat foar de (lytse) frijsinniger middenstân, it Hollânsk foar de rike, ortodokse boeren en harren arbeiders dy’t de taal fan de Steatebibel liezen en ta mjitstêf namen en har net oansprutsen fielden troch kultureel Frysk en it dêrby hearrende liberalisme. Dy kleau is fansels yn it hiele fierdere wurk fan Waling werom te finen.

Mar dan binne wy dus al net mear yn Froubuorren. Ik lit it hjir earst by. Ut myn koarte oersjoch blykt, teminsten, dat is myn bedoeling, dat der yn it gefal fan Waling Dykstra hopen ferbannen oan te wizen binne tusken komôf en jongesjierren yn Froubuorren en syn lettere skriuwerswurk. Om it mar ris mei in bekend wurd te sizzen: ‘sense of place’ docht derta yn de bestudearring fan Fryske njoggentjinde-ieuske literatuer.

Dat is in hoopfol perspektyf foar in skriuwersbiograaf, dy’t ommers mient dat ûnderdielen fan it wurk fan syn ûndersyksobjekt begrypliker en betsjuttingsfoller makke wurde kinne as er it beskynt mei syn biografysk ljocht.

Ik wol ôfslute mei Folksskriuwer, de samling fan tweintich fan Waling Dykstra syn bêste ferhalen en lêzingen dy’t ik hjir hjoed yn it ljocht jaan mei. It is de opfolger fan Duvelskeunstner, mei gedichten fan Waling, dat ferline jier útkaam. Beide boeken binne ferskynd by útjouwerij DeRyp mei in protte help fan stipers lykas Tresoar, de Stichting FLMD, de Douwe Kalma Stichting en it Feitsma Fûns, en mochten útkomme yn in rige fan de Fryske Akademy.

It moaiste foar my is it idee dat ik no in bytsje meiholpen haw om Waling de 21e ieu yn te bringen. Dêrby is it my in eare – en it ûnderstreket ek it algemien-kulturele, talige en literêre belang dat wy oan Waling Dykstra en syn wurk takenne – dat ik it earste eksimplaar fan Folksskriuwer oanbiede mei oan de heechleraar Fryske taal- en letterkunde, prof. dr. Goffe Jensma. 


.