donderdag 9 juni 2011

Unwennige wjokslach

                                     Foar Luuk


It ferjitten wurd dat Czeslaw Milosz oprôp
út ’e tonger en it wjerljocht fan thús, djip yn Poalen,
en wer opsnúfde oan ’e grutte Pacific,

miskien in namme fan immen út East-Sina,
miskien net, miskien wie dyjinge
ûnútsprutsen noch, net taret,
ûnwittend fan wa’tsto bist, en ûnwis,

of kaam it út in brief yn in âld kammenet
mei de kleur fan in jûpe, it each fan in al lang
ferwaaide blik, in katolike aai
oer de tonge, in oseanen oer reizgjend ik –

Mar der wie termyk, in lichte tocht
nei in earmoedige klinte, ja, der wie ek in ingel,
in ingel, in ingel, in ingel,
in wurd yn ’e ferballing,
wachtsjend op in lift fan in flinter.

Leau net, Luuk, wat de minsken sizze.
Do silst dines fine, myn freelance sjamaan,
myn tûke goaltsjegetter op ’e seedyk by Swarte Haan,

oait fjoermaster fan it wurd
dat krekt foar de earste, wat ûnwennige wjokslach
freegje kin

Here I am
Will you send me an angel



Geen opmerkingen:

Een reactie posten