woensdag 15 juni 2011

Dingen foar in deade

Seist vanitas, kralesnoer, pearels oan in kroan en stringen
ljochtstipkes om de moannelampe hinne. Oan de himel
fregest in flues oer de grêfrâne. Oer wat oer is fan in terp.

Oan de ûnderkant knibbelje minsken, net foar god,
mar op wolvejacht. Of yn in grêfbeamkiste.
Oan de boppekant klimt in jiertal ta in rút út, Latyn

wie oait op ferkearsbuorden yn ’e moade. En is net al it
libbene in bern fan himel en ierde, wat Swart Hart ek seit?
Al hat it fuotten, wjokken of woartels?

‘Vogelenzang’. Gjin Heit. De donkere gong fan wibelige kij.
Oare kant Blijer polder slacht in hûn oan yn Farebuorren.
Seis maten, weromfûn yn ’e modder, antwurdzje net.

Komt er oanfleanen út it westen, oer Hegebeintum,
wjok fan in flearmûs en wjok fan in fûgel om te brûken:
in terpbaas socht en socht en fûn syn âlden net werom.

Komt er oanfleanen út it suden, oer de Ie,
tried fan in strûper en tried fan in fisker yn ’e fearren:
in skipper dy’t fergees koerts sette op ’e stjerren.

Komt er oanfleanen út it noarden, oer de bouwen,
skedel fan in man en skedel fan in frou yn ’e kloeren:
in boer – it kin allinnich yn in fabel – dy’t nije moed fûn.

Mar komt er út it easten, oer Brantgum, oer Waaksens,
en folget er fierder de Mieddyk, en hat er syn sin set op dy,
dan seit er neat. Dan hat er de snaffel fol fan dingen foar in deade.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten