1
Hadrianus en heit
De likenis fan de hadrianus en de heit
fertelt oer kowehûden en sestertiën.
Sa lang al is it stil oan tafel.
Sa lang al wikselje wy in wurd.
Foar dy nim ik it Freulehorloazje mei
dat ik noch wol earne ha, myn prizen,
tsjelken, drinkbekers fan Van Idsinga,
de hiele rotteplan, plus in pear gewoane
Fryskichheden, lykas dat it dien wie
mei de boer en de fisker en de ljippen
en de priiskeatserij. Dat it skoskerinnen
mei dy derby my stikken better ôfgie.
Ut it âld Frysk Museum nim ik mei
in oboal om werom, fuort fan de Frisii.
Dan romje ik út myn hok en hûs
it wurd “ûndergong”, it wurd “iensum” –
Rome sil út nijbouplannen ferrize,
mar foar it hoedzjen fan wat nachts lyts
de wrâld út ’e wei noch wekker leit,
heit, jou ik dy de geefste hadrianus mei.
2
Audwulf Frisia
“Sieltsje, swalkerke, moaipraterke,
útfanhûzer en maat fan it liif,
wêr silst nei dyn flaterke hinne?
Nei in tsjustere, kâlde en dizige oarde
en grapkes silst net mear meitsje kinne.”
De ien krijt rigels, rym en roem, de oar
fiif munten en gjin wurd op papier.
Wat jout men in fertsjusteremoanne
broer fan Beowulf en Gerulf
dan mei op syn lêste reis?
‘Auda’ betsjut lokkich lot. Dus gouden
riders, ringen, spjelden, hingers? Gjin
Moles Hadriani oan de Tiber,
yn it ûnthâld fan seelju en keaplju,
gjin ingeleboarch of in Pons Aelius.
Op syn bêst in stikje yn ’e krante,
útknipt en yn in ordner bedarre,
ornearre om te lêzen as it reint
en as der wer in ferwinske kening
weiwurdt yn in ûnberikbere provinsje.
3
3
Wyldejacht op in artefakt
Dyn lêste kâns om krinten te weagjen
en dyn jierren te splissen
en dyn jierren te splissen
komt mei it waarme simmerfront.
Balstjurrige wolken. Rein op komst.
Alles wat sein is op in skaaltsje,
ek it sierstik fan gouden filigraanwurk,
mei reade almandyn ynlein; it weaget
deryn foar in oarloch oan it swurk.
De reiden binne dyn wapens, wachtsje
op it fûgelteken fan de ferstruiïng.
Boppe de bûtlannen fan Terpstra
dogge myn tolf wyldejachthynders
ek al frijwat – of heit, wolst noch fjochtsje
tsjin it
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten