Hoop fan Holwert, hoefolle fourwheel drives
rôlje troch dyn smelle glydsbaantsjes
foar te grutte knikkerts? Hoefolle hûzen
te keap, hawwe leaf en sear dien,
hânmitsele yn reade bakstien?
Noch is it wachtsjen
op waadmiljoenen oan moederaasje
en in nij leauwe foar pake en beppe.
Wat silsto útheve mei dyn treddehâns
fehikels? Ien wrak smyt mear op as watst oait
swart fongst foar in plusmiet ierdappels.
Mar so what, it is merke,
elk giet by himsels ter kerke.
Letter út ’e buorren te hearren,
fannijs hie it kâld west op ’e slotjûn
fan iisferiening “Vriendschap”.
Wat tinksto, ast dyn liif nei it suden draaist,
en oan ’e kym ljochtet it, dyn eagen
op de coole draak fan Dokkum?
It is in begûcheljen dat lokket
yn ’e snaren ast de takomst plôkest.
Mar hasto noait sjoen
hoe’t beskútbakkers út ’e dridze springe
om alle slykhokken goed yn ’e Toto?
Wat silsto weiglydzje, al te waanwiis
is buormans gek, do moatst knibbelje
foar in goed rapportsifer en foar subsydzje.
Sixpacks pakke dyn búkje oan,
miskien komt Brussels lof moarn
om in omloop te pearkekeatsen,
alaaf te roppen by de biersûperij,
smoarrike negoasje te tellen by de boaten.
Hoop fan Holwert, snaai tenei dines mei
fan de oerfloed op It Amelân,
dêr’t it altyd wer eb is en de big racks
prate kak, it taaltsje, do kenst it.
Gakje grutsk datst hjir wennest.
Wjokje foar my, en doch it rûnom te witten:
yn Holwert skreau Waling-om,
yn Holwert wurde de reidtekken fernijd.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten