zondag 12 juni 2011

Oan Uriël, oer in foto


Wat wie it, in amper te fernimmen ljochtferroeren
   dat my opfoel yn it strypke sinne by de hagioskoop,
      net fier fan de parate kamera? Miskien
   wie it ek in aartsingelich sykheljen op ’e kreak
of de rook fan heilsum krûd yn ’e lânwyn,

mar do wiest yn it lytse seedyksdoarp Wierum,
   ik werkende dyn heech, smel lûd, ingel,
      fansidebrocht yn ’t twirjen om ’e fiskerstoer,
   yn ’t sigen by de ruten en út en troch yn in
flústerjen, wat slimslûch protterpraat.

Do koest ek oars, o do koest, ast in goed sin hiest.
   Dan flitste yn in flecht ekstereagen
      it hiele Pinksterfeest oer de slykbanken
   en fierder, nei de godferlitten kertieren
dêr’t de fiskers – klik, klik – likegoed

wer ferdronken. En hoe nammeleas
   de nammen fan leaven op ’e lippen fergiene.
      Want ek in ingel wurdt op syn reizen wei.
   Memento mori, seine fuotstappen
op de mei estrikken beleine skipsflier.

Underbeljochte aartsingel, dyn ynslûpen
   hie alles mei: grut diafragma, drama fan eartiids,
      in lange slutertiid, in hillich plak.
   Wêrom prate de seefûgels my no dan
út tsjerke wei, wêrom nimme de seefûgels

my no dan as in moksel mei – om my, letter
   as de klokslaggen ferwaaie sille, falle te litten
      op in brekker? En my straal te ferjitten?
   Uriël, wêrom hasto my in swym ljocht jûn foar in foto
en meitsje it dalik wer nacht?



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten