zondag 5 juni 2011

Nachtbryfke foar Jopie H.

Gjin goedhillichman bin ik. Ald foddeman.
Gjin boereromanman bin ik. Mear pinfiskersman.
Ik ha út Friese Liefde oer it lok leard: set dyn fûken noait
twa kear yn deselde bocht fan deselde feart.

Net itselde, perfekt rôle swiere sjekje,
net wer dyn inket oan de iesfretters fuorje
ûnder dy flearebeam foar it measte effekt,
op it plak dêrst simmers hommels ferdrinke koest
as jongfee fan gelok, of koptwirren, of waandizen,
miskien wol mei help, miskien wol troch tadwaan
fan de demon dy’t in âlde borrel skinkt.

Ik strûp mysels en ferkeapje de bear it djoerst.
Ik bin de man yn en de man bûten it boat.

Ut stilsteand, dea wetter – gjin einepoel mear, mar myn
eigen ûndergien ryk fan bekommernis –
weinommen haw ik al,
it ynhelle nachtbryfke mei de kiuwen fan in fiskersdicht,
it bêste part derfan, dat my it leafste is:

Yn ’e reiden in stjer ynienen, yn ’e netten polsiel rûn.
It fel oer de eagen, mar ik ferstie se beide,
wat ik fan fisk en winsk fertel is troch my oerset út
it oanhellerich praat dat se hiene.

Gjin goedhillichman bin ik. Ald foddeman.
Gjin boereromanman bin ik. Mear pinfiskersman.
Ik ha út Friese Liefde oer it lok leard: set dyn fûken noait
twa kear yn deselde bocht fan deselde feart.



Abe de Vries, 2011

Geen opmerkingen:

Een reactie posten