Sûnt Trump binne wy ‘Europeaan’ ommers. Noait wat fan bespeurd? Dan is it miskien better om de eagen efkes te iepenjen. Jo mienden grif dat je wrâldboarger wiene, mar dêr sieten je mis mei, jo binne klapfee foar Rutte, Von der Leyen, Starmer, Macron en Merz. Presys: fan it klupke mislearre talking heads dat jo in needpakket oanprate wol foar it gefal de Russen moarn jo bleek besette. ,,We moeten ons voorbereiden op oorlog zoals onze grootouders die hebben meegemaakt”, dixit in pear dagen lyn Rutte, sjef fan in ferdigeningsorganisaasje dy’t der folslein net mear ta docht en dêrom omfoarme wurde moat ta in oanfalsorganisaasje. ,,De duistere krachten zijn weer in opmars."
Neat nijs ûnder de sinne. ,,Europe must get ready foar war”, sei Von der Leyen – sjef fan in uny anneks dievebinde dy’t troch har tadwaan yn slow motion útinoar donderet wylst wy der sprakeleas by stean te sjen – acht moanne lyn al in kear.
It binne hast grappige útspraken. Mei yn ’e achterholle de wittenskip dat ‘wy’ gjin leger fan betsjutting, gjin marine om oer nei hûs te skriuwen en gjin strieljager mei funksjonearjend rolroer mear oer hawwe. Mar gelokkich hawwe Rutte en Von der Leyen it ‘morele gelyk’ oan har kant. Miene se. Dus ha se de lêste fjouwer jier oars net dien as alle dagen sûnde sûnde en skande skande roppe tsjin it ‘autokratyske’ Ruslân dat it ‘demokratyske’ Oekrayne oanfallen hat, unprovoked, ik werhelje: unprovoked.
Dy oanfal, dat wie noch yn ’e tiid fan Biden, de senile freon fan alle wrâldboargers. Biden c.s. hawwe yn Kyiv in coupe op tou set om in neutraal mar djip ferdield lân te feroarjen yn in slachfjild – en in oar dêr de skuld fan te jaan. ,,Fuck the EU”, sei Victoria Nuland yn 2014, wêrnei’t it grutte deablieden begjinne koe. Nei Angela Merkel, Annalena Baerbock, Ursula von der Leyen, Kaja Kallas en Femke Wiersma alwer sa’n suksesfolle ‘sterke frou’ dêr’t je fanwege harren alle dagen yn ’e parse útsutele goede bedoelingen gjin krityk op ha meie, mar dy’t fan har wurk likegoed in bibelske binde makke hat.
Okee, sei destiids Angela Merkel. Okee, sei destiids Francois Hollande. Okee, sei destiids Mark Rutte, doe noch gewoan de fûgelskrik fan Den Haach en omkriten. In echte diplomaat, dy Rutte fan ús. ‘Soms moat “daddy” efkes “strong language” brûke, sei er fan ’t simmer leafdefol grapjeiend tsjin Trump. Sûnt is it sjerpstriken rjochting Washington aardich belune. Trump, wat je fierder ek fan de ferskriklike man fine meie, hat it ‘Project Ukraine’ fan syn foargonger op in pypfol en wol de stekker derút lûke. Grut gelyk. Ien probleem: frede, dat is bûten it oarlochssuchtige Europa rekkene.
Want Sniewytske en de 27 dwergen fan de EU hawwe al har politike kapitaal set op in just and lasting peace yn Oekrayne, dy’t neffens har inkeld oer it minskdom komme sil as Ruslân de troch ûnderskate foargongers fan Trump feroarsake oarloch ferliest. Dat soks hielendal noait barre sil, is gjin probleem. Want dêr giet it net om. It giet derom de fiksje fol te hâlden dat ‘Europa’ moreel gelyk hat mei syn yntusken astronomyske stipe oan fallyt Kyiv; it giet derom jo en my yn te piperjen dat ‘wy’ Europeeske übermenschen binne, en dat de barbaren dus nei ús harkje moatte.
No’t Trump ús krekt bombardearre hat mei in 33 siden tellende nije National Security Strategy (NSS) is de hikke hielendal fan ’e daam. It wurd ‘Europe’ komt der 39 kear yn foar, benammen yn problematyske sin. Europa hat in protte praatsjes mar in bytsje wapens, it beheint de frijheid fan mieningsutering, it ûnderdrukt krityk op de EU, it docht te min om ymmigraasje te beheinen, de ekonomy fan syn lidstaten rekket achterop, it is net yn in posysje om mei Ruslân te ûnderhanneljen.
Unnedich te sizzen dat dat allegear wier is. Entree Donald J. Trump, dy’t fan doel is gear te wurkjen ‘with aligned countries that want to restore their former greatness’. Op in wize dy’t foardielich is foar de United States, obviously. Yn Azië, alsa de nije NSS, ‘we should aim to restore a military balance favourably to the United States’, en dêrneist ‘to restore American economic independence’ en ‘to restore American preeminence in the Western Hemisphere’. Dus sûnt koart sjitte se yn har ‘achtertún’ drinkelingen dea dy’t om help roppe om’t it earste salvo oarlochsmisdieden har boatsje nei beppe kelder stjoerde.
It is ‘restore’ foar en ‘restore’ nei. No’t de wrâld tanksij de opkomst fan Ruslan, Sina en Yndia definityf in multipolar world wurden is, besiket de Amerikaanske elite syn kolonialisme op in oare manier fuort te setten. Op it foarste plak betsjut dat it útskeakeljen fan Europa as kapitaalkrêftige konkurrint (sjoch it kreëarjen fan oarloggen yn Europa; sjoch it opblazen fan NordStream). Op it twadde plak betsjut dat in konfrontaasjekoerts vis-à-vis Sina (lang libje Taiwan). En op it tredde plak betsjut dat – sûnt koart – it neistribjen fan ‘strategic stability’ yn de ferhâlding mei Ruslân.
It earste en it twadde dogge wy in Europa leau ’k net hiel muoilik oer, dat hat de parse ús blykber al ôfleard. Mar it tredde… dat giet yn tsjin de morele superioriteit– ús eigen koloniale erfenis – dy't wy twangmjittich etalearje. Net inkeld as it ússels útkomt, mar ek as wy it morele gelyk miskien wol net, of lang net, of sis mar hielendal net oan ús kant hawwe. Is dat bline moraalridderjen op kosten fan mear as in miljoen deaden wat Europeanen ta Europeanen makket? Mar dan bin ik leaver gjin Europeaan.
En ik bin al leaver gjin Europeaan as ik sjoch hoe’t de boppe ús stelden besykje om 210 miljard euro oan oarmans jild te rôvjen, om’t se oars poerneaken stean mids har eigen, oeral buorkundich makke nuvere yllúzjes dy’t se nota bene foaral op Amerikaansk oantrunen fabrisearre hawwe. De EU ûnder Von der Leyen en konsorten is mei iepen eagen yn it Amerikaanske swurd rûn. Dat stekt my, as Europeaan.
Yn 2014 wie der wer in kâns, doe’t troch Amerikaanske masinaasjes it wettich en neutraal regear fan Oekrayne kontrakonstitúsjoneel ferfongen waard troch in binde ynienen langer net kryptofaksistyske nasjonalisten mei modernisearre SS-tekens op it skouder. Mar ek doe koe de kommentaarskriuwer de korrekte wurden net fine. Nederlân is mar in kikkertlantsje. Wy konformearje ús graach oan wat ús grutte buorlju stimme. En wat te tinken fan april 2022, doe't Biden boadskipjonge Boris de Brit belje liet mei Istanboel om abortus te plegen op in driigjend fredesakkoart?
De kampioen fan ’e Zelensky-dûbele-punt-sjoernalistyk is der wis fan: ‘Nu al deelt Rusland tikken uit, met drones die bovenlangs vliegen of, zoals onlangs in Polen, door treinverbindingen op te blazen en andere sabotageacties.’ Tsja. Hoe’t dy betroubere k**krante dat allegear wit, duuhh, provinsjaaltsjes moatte net safolle fragen stelle. Kwestje fan goede boarnen yn goede earkes. Makket ek net út, it giet derom dat jo in needpakket oantuge en akkoart gean mei hegere definsjeútjeften. NRC: ‘Als de VS de NAVO niet langer willen dragen, wordt de druk om zelf meer te investeren in defensie nog groter.’
Ik bin in Europeaan, mar ik skamje my dea. Lykas jo, as it teminsten noch goed sit mei jo moraal. Ik soe sizze, lit ús foarearst mar gewoan Friezen bliuwe.
.











.jpg)
