maandag 13 oktober 2025

Prytpraat fan in advyskommisje

Johanneke Liemburg, ôfrûne sneon yn Boalsert, lêst it rapport fan de advyskommisje:

‘It Reglemint Provinsjale Prizen hat it oer Frysktalige wurken. Dat ropt de fraach op oft de Fryske taal as sadanich foarop stean moat, of dat it giet om Fryske literatuer as keunstfoarm. Wy binne it der oer iens dat it net giet om Fryske taalbefordering as doel op himsels. De taal as keunstfoarm stiet by dizze priis foarop; dêr kin mei eksperimintearre wurde, dy mei it oarskinen stimulearje. Meartalige bondels wurde net skreaun út in draachflak foar it Frysk te fergrutsjen, mar tsjûgje fan selsbetrouwen. De wrâld is meartalich en it Frysk lit him dêr­troch net yn ’e ferdigening triuwe, mar draacht dêrtroch by oan it minsklik en yn ûntwikkeling. Wy ferwachtsje dêrom dat it boatsjen mei talen yn de takomst mear sin nimme sil en dat der mear meartalige bondels ferskine.’

Dat is, ynklusyf brike sinnen en staveringsflaters (tekst oernaam fan Henk van der Veer syn blog), in kaaipassaazje út it sjueryrapport by de Gysbert Japicxpriis 2025. De kommisje wit saneamd net wat ‘Frysktalige wurken’ betsjut. De kommisje docht dêrom krekt as ropt de formulearring in fraach op. Nammentlik de fraach oft de provinsje net wat oars bedoelde as dat der stiet. En de kommisje jout it antwurd der dalik mar by: jawis, de provinsje bedoelde eins dat de priis ornearre is foar ‘Fryske literatuer as keunstfoarm’. Mar om ien of oare ûnneispeurlike reden hat de provinsje dat net opskreaun.

Literatuer ís in keunstfoarm, dat leit yn syn definysje opsletten. Dus de formulearring ‘Fryske literatuer as keunstfoarm’ slacht om te begjinnen al nearne op. Efkes letter is der praat fan dat de 'taal as keunstfoarm' foarop stiet; likegoed flauwekul, want taal is no krekt gjin keunstfoarm. 

Mar hawar. Lit my efkes yn de brave new world fan dizze kommisje omstappe, in kommisje foar wa’t Fryske literatuer blykber ek wol yn it Hollânsk, Ingelsk of Russysk of Rotterdamsk skreaun wurde kin. Dat neamt de kommisje dan ‘eksperimintearje’ mei de keunstfoarm. Of: ‘it oarskinen stimulearje’. Ik wit net wat ‘oarskinen’ betsjut, koe it wurd net fine. Ik bin bang dat it neat betsjut.

Dan folget der noch mear ûnbegryplik prytpraat. ‘Meartalige bondels wurde net skreaun út in draachflak foar it Frysk te fergrutsjen.’ Miskien moast dêr ‘om’ stean ynstee fan ‘út'? Dan noch is it in nuvere útspraak dy’t ymplisearret dat Frysktalige bondels wól skreaun wurde om it draachflak foar it Frysk te fergrutsjen. Nee, bêste kommisje, dy bondels wurde skreaun mei it doel om keunst te meitsjen yn en mei en fan de Fryske taal.

Myn wille hat gjin ein. Meartalige bondels ‘tsjûgje fan selsbetrouwen’. Alwer sa’n ynhâldsleaze útspraak dy’t lykwols ymplisearret dat Frysktalige bondels tsjûgje fan in minderweardichheidskompleks. En it hâldt net op. ‘De wrâld is meartalich en it Frysk lit him dêr­troch net yn ’e ferdigening triuwe.’ Dus minder Frysk (mear meartaligens) is net inkeld in teken fan ‘eksperimint’ en ‘selsbetrouwen’ mar ek fan moed, fjoer, striidlust, kriich, temperamint?  

Folget noch it amen op it omen: de kommisje ‘ferwachtet dêrom’ hieltyd mear meartalich moais yn ’e Frysktalige literatuer.

En doe wie der kofje. Pfff.

.

zaterdag 11 oktober 2025

De Gysbert en de Dichter: wannear falt it lêste Fryske muorke?



Juster (11 oktober 2025) wie ik by de feestlike útrikking fan de Gysbert Japicxpriis foar Fryske poëzij oan dichter Elmar Kuiper yn de Martinitsjerke yn Boalsert. In moaie middei, perfekt organisearre troch Tresoar, bywenne troch sa’n hûndert minsken. Jo wiene der dus net. En dat wie ek it gefal mei de grutte mearheid fan Fryske skriuwers, dy sieten foar Sabalenka tsjin Pegula, en mei Omrop Fryslân, want dêr is de ferslachjouwing fuortbesunige.

No woe ik leaver in skôgjend as in soer stikje skriuwe, Elmar Kuiper fan Jorwert is ommers in geweldige dichter, syn bondel is in geweldige bondel en de advyskommisje hat dus in geweldich beslút naam om de priis ta te kennen foar Ferlosboartsje. Wat net sizze wol dat jo neat opfallen wie, hiene jo bywêzich west. Dêrom praat ik jo efkes by.

By it derynkommen wie it dalik al dúdlik hoefolle war de organisaasje dien hie om der in middei fan nivo fan te meitsjen. Der stie in tsien meter lange tafel fol Fryske boeken. Oan de sydkanten fan it skip stiene mânske televyzjeskermen opsteld, sadat men oeral yn ’e tsjerke it barren ek sûnder brilleglêzen goed folgje koe. Neist in berch jild en in grutte oarkonde krige de priiswinner foar it earst ek in prachtich brûnzen boarstbyld oanbean, ik nim oan fan good old Gysbert, mar dat ha ’k mist want ik flústere krekt wat oan in buorfrou oer de nuvere útspraak dy’t ik mar hieltyd hearde fan wurden as biis, fiis, griis, niis, priis, tiid, tsiis en wiis.

Yn it Frysk binne dat ienlûden, ferlykber mei it lûd fan it Ingelske please. Je hearre it hieltyd faker, mar it foel my diskear bysûnder op: Tresoar-direkteur Arjen Dijkstra, advyskommisjefoarsitter Johanneke Liemburg, deputearre fan Taal Eke Folkerts, foarsitter Sjirk Bruinsma fan De Fryske Beweging en wethâlder fan Súdwest-Fryslân Petra van den Akker, werklik allegear makken se der op eigen manneboet mar efkes in twalûd fan. Priii-us, tsiii-us, wiii-us.

Jo sille begripe, dat die ferskuorrende sear oan ’e earen. Leuk foar letter: de iennichste dy’t oan it wurd kaam en it wurd ‘priis’ goed útspruts, wie de Bosnyske Alen Hrustic (13) út de Jouwer. Dy’t op skoalle blykber wol goed by de les is, en de Lytse Gysbert krige foar in yn it Frysk oerset gedicht, wat yndie nuver is, mar wa sil tsjintwurdich noch sizze kinne wat oerset is en wat net.

Dat bringt my op in hichtepunt fan ’e middei, it foarlêzen fan it rapport fan de advyskommisje, dat goed yninoar stuts, in prima ferslach fan it paad dat de kommisje rûn hie. Lykwols heart it wilens ta de Fryske folkloare dat sa’n kommisje ek wat nuvere paden rint en wat kontroversiële útspraken docht – dêr binne de leden net foar oannaam, mar der binne blykber altyd takomsten dy’t beynfloede wurde wolle en tinkbyldige muorren dy’t delhelle wurde moatte.

Sa pleite dizze kommisje derfoar dat tenei ék diels of folslein twatalige (Frysk-Nederlansk) bondels yn ’e beneaming komme moatte foar de priis. As foarskotsje hiene se mar fêst Ynbêde/Ingebed fan Tsead Bruinja (folslein twatalich) en Delta fan Albertina Soepboer (mei ek Nederlânsktalige fersen) meinaam yn har eigen listke fan fiif ‘kânshawwers’.

Ik, oan ’e oare kant, soe just ôfweve wolle mei sok benypt provinsjalisme. Fryske literatuer is Frysktalige literatuer, net ‘literatuer skreaun yn de provinsje Fryslân’ of literatuer fan lju dy't 'wat' mei Fryslân hawwe, hoe’t de Bûterhoeke út kommersjeel-populistyske oerwagings syn bêst ek docht om alle oarstaligen tusken Skier en de Lemmer te freon te hâlden. Earder hat Ernst Bruinsma fan de Afûk, City of Literature en wêr net fan alris sa’n proefballontsje oplitten, yn de blomlêzing Swallows and Floating Horses út 2019.

Spitich foar de kommisje, mar it ‘Reglemint provinsjale prizen en beneaming 2022’ skriuwt foar, yn Kêst 9, punt 4.a.: ‘It giet om Frysktalige wurken’. Dat is sa klear as in klûntsje, en Ytsje Hoekstra, Sytse Jansma en Johanneke Liemburg hawwe dus op syn minst twa titels yllegaal meinaam yn harren beoardieling.

Mar as it efkes net útkomt, is de kommisje sa freischwebend just wer net. De foarsitter moast melde dat myn Bloedprikke net yn ’e beneaming komme koe om’t ik de priis yn 2005 al takend krigen ha. Der is lykwols gjin inkelde passaazje yn ’e regleminten oan te wizen dy’t sa’n útspraak ûnderstypje kin. En de literêre jurisprudinsje wiist oars út: Jan Wybenga hat de priis twa kear krigen, beide kearen foar in dichtbondel, Trinus Riemersma ek, beide kearen foar proaza, en Anne Wadman ek, foar proaza en essees. Foar de dúdlikheid: Kuiper hat De Priis mear as fertsjinne, dêr giet it net om. It giet om de selsbetochte regeltsjes fan kommisjes, de lytse tuskensintsjes dy’t in pear jier letter ynienen wetboeken blike te wêzen.

Wêr komt dy pressy om tsjinreglemintêr om te gean mei de priistaal eins wei? Dat is dúdlik: dy komt by de buorman fan Tresoar wei, de Afûk, de steatsútjouwer dy’t fan de provinsje it rjocht takend krigen hat om it ynstitút Dichter fan Fryslân foarm te jaan. Dy hat it foarelkoar krigen om yn it niisneamde ‘Reglemint’ opnaam te krijen dat in Dichter fan Fryslân mar seis oant tsien ‘Frysktalige gedichten’ yn ’t jier hoecht te publisearjen; oan alle oare aktiviteiten dy’t in Dichter fan Fryslân by de ein hat wurdt gjin taaleask ferbûn (Kêst 20, punt 4.).

Slach acht: dy ‘Frysktalige gedichten’ kinne likegoed oersettingen wêze, want der stiet net: ‘oarspronklik Frysktalige gedichten’. De Dichter fan Fryslân hoecht gjin Frysk skriuwe te kinnen. Hy of sy hoecht inkeld mar ‘net earder’ Dichter fan Fryslân west te hawwen (Kêst 20, punt 1.a.) en hy of sy moat ‘in dúdlike relaasje mei Fryslân’ hawwe (Kêst 20, punt 1.b.).

Oan bygelyks de Nederlânsk skriuwende en nei it Frysk oersettende Tsead Bruinja aansens de twiveleftige eare om it lêste Fryske muorke om te triuwen. Mar gelokkich duorret dat noch in jier. Dichter fan Fryslân Arjan Hut skynt der yllegaal, tsjin- of bûtenreglemintêr, krekt sa't jo wolle, noch in jier by te krijen fan de Afûk. Fan 't jier soe in opfolger beneamd wurde moatte, mar sa't it skynt binne der rinnende projekten en dy kinne inkeld mar troch Hut dienmakke wurde. Of troch Bruinja, Oomen, Betten, Jansma, wa wit? Ik lês op it www dat Tsead Bruinja  en Sytse Jansma beide takom jier it lân ôfreizgje sille mei in programma. Dy kinne dus efkes net. Ien en ien en ien is twa, ek yn it Frysk.

.

zondag 5 oktober 2025

Taal, talint en topsport yn 'Ferlosboartsje'

Utsprutsen by de Hommaazje oan Elmar Kuiper, winner fan de Gysbert Japicxpriis 2025, yn Kafee De Gouden Liuw, Tresoar, snein 5 oktober 2025


Bêste Elmar, achte oanwêzigen, goeiemiddei allegear,

Sa’t wy hjir fannemiddei byinoar sitte, hawwe de measten fan ús wolris in wurd op papier set. Dat in ferhaal wurde soe. Of in fers. Of gewoanwei mar in rigelmannich om oer nei te tinken, of inkeld mar om oer de tonge gean te litten. En hoe faak misbetearde dat net? Hoe faak net waard ús wurdsje wei yn ’e blabze fan it net-mear-witte-hoe-no-fierder; gie it kopke ûnder yn ’e sompen fan it ûnthâld, of ferdwûn it spoarleas op it beruchte krúspunt sûnder stopljochten: fan links kaam tefolle ambysje, fan rjochts tefolle tefredenheid, achterom wankte te min talint en yn ’t foarútsjoch lei altyd te min taal?

Dy’t Ferlosboartsje lêst, de bondel fan Elmar dy’t takom wike bekroand wurde sil mei de Gysbert Japicxpriis, freget himsels dat allegear miskien wol ôf. Want ferlike mei it wurk fan Elmar ferskynt jo eigen pielen ommers noch wer in bytsje behypliker, noch wer in bytsje saaier, nueter en betsjuttingsleazer as dêr’t jo al bang foar wiene.

‘Lit de earste ingel dy no bringe nei in taal dy’t ûnder de hûd sit’, dy kaairigel út it fers Gids jout hierskerp oan wat de ambysje fan de dichter is. Hy wol mei taal foar de kreamen komme dy’t eigen is. Of nee, eigener as eigen. Nei de earste ingel folgje der noch tsien; de alfde is mem dy’t klearsit mei in kopke tee.

Oer tefredenheid. ‘Jasses, no oerdriuwst!’ klinkt it gekslaggerich yn Lichte belidenissen. Lit dat in symboal wêze foar de skerpe selskrityk dy’t Elmar hat, en dy’t troch de hiele bondel hinne te fernimmen is, ék op plakken dêr’t er de leie losser lit. Hat er okkerdeis it dichtsjen net ferlike mei topsport? Sa mâl hoecht it om my no ek wer net, mar it giet om de bedoeling dy’t achter sa’n útspraak leit: de oantrún om better te skriuwen as dat je eins kinne.

Te min talint? Ik wit net krekt hoefolle bondels der lizze, sân Fryske, twa Nederlânske en in twatalige bondel yn alle gefallen. En yn ’t foarútsjoch te min taal? Dat soe kinne, mar dan is Ferlosboartsje noch moai op ’e tiid, ôf te lêzen oan alle taalmoais dat de lêzer temjitte slacht. ‘Leist te spinpoatsjen op ’e skeal’. ‘ljepst oer de hierieren fan ’e see’. ‘mei de skeinspruten hasto rij oan it struien west’. Sokke rigels binne klearebarre ferwennerij. Ik lês De wolk:

nim my mei, seidest tsjin de wolk, dy’t swier

eage. it wie krekt of hearde immen dy.

it gers weage, in hazze skeat fuort.

seachst fol ferwachting

omheech, mar der barde

neat. fregest de wolk

oft er de smink fan syn

antlit feie woe, mar de wolk lake

mei in slangesturt en in mûle

fol knetterkaugom.

 

wiest in hoeder mei in tsjoendersstôk.

seist simsalabim en de wolk

dreau ôf. It soe net reine, it bruts

fansels troch, strielen kroepen

oer de rêch fan de ierde. lammen

mêken en makken kromme

sprongen. boumantsjes

wipten mei de sturt. einen

kwêken, in swel snipte

in mich

De taal dy’t Elmar ûnder de hûd sit is plastysk, ritmysk en lyrysk; it hoecht fan in byldzend keunstner net te fernuverjen dat ek eigen byldwurk yn de bondel opnaam is. Yn it gedicht Generaasjes wurdt ‘dy kâlde wite man’ – in snieman as de ferstoarne pake fan de ik-figuer? – opboud út bylden, ûnder mear in mansjesteren each, de mûle is in slak út ’e kachel en in earm komt fan in wylgebeam. Briljant is de ein, krekt nei’t de dichter syn papieren snieman fan letters in woartel yn ’e holle stutsen hat: ‘dy kâlde man / kleit my oan // ik hear him // as de earste / flokjes del- / dwerrelje’.

De spegeling fan oanklaaie nei oankleid, beskuldige wurde, is in foarbyld fan it spul mei betsjuttingen dat Ferlosboartsje faker boartet. De rike, tsjûke bondel is opset as in elegy, as in treursang om it ferlies fan âlden en it âlderlik hûs, universeler sein, om it ferlies fan in jeugd en in doedestiids frije, polityk bewuste en sa ûnôfhinklik mooglike wize fan libjen, bûtenút op it plattelân net fier fan de fleanbasis. De fersen oer mem Akky en heit Henk en it libben op it Marsumer Aldlân hearre ta de moaisten fan de bondel. Ik lês It Aldlân:

en wer op dyn reade krykkrakfytske oer it Sylsterdykje

sjochst de earste swel dy’t kwetterjend

foar dy út skimket

 

fielst de soele wyn

rûkst de jarre

wiuwst nei frou Sietsma en ropst ha goeie

tsjin Allard, de hynst

 

fytst kreaktraapjend

fierder yn dyn

paradys

 

dêrt ljipkes kûltsjedraaie

ky oe wyt roppend

oer de wjuk gean

 

loopings meitsje

foar dy! foar dy!

en wer op dyn reade krykkrakfytske ûnder de blaugriene loft

skrikst net fan de wylde ein dy’t opspat

ropst joechei

 

stjoerst swierich

om ’e lichten en hichten hinne

lûkst oan it stjoer en makkest

in wheelie

Mar sa arkadysk is de algemiene toan fan ’e bondel net; de lêzer sjocht wol faak mei de dichter werom, mar dy lêste slagget it om hieltyd te feroarjen fan perspektyf, oer te skeakeljen, fan rake observaasjes nei sentimintele oantinkens nei lânskipsskildering nei yntym persoanlik kontakt. Faker as arkadysk is de taal koart en skerp, of sa’t in gedicht seit: ‘bytst as in beitel yn it hout’.

Dat bringt my op in lêste aspekt dat ik yn ferbân mei Ferlosboartsje koart oantsjutte wolle soe, dat is syn útbeitele plak yn wat wol it Fryske literêre domyn neamd wurdt. Dat de bondel mei de Gysbert beleanne wurdt fernuveret jin gjin tel; as der soargen bestean, dan hawwe dy te krijen mei de krimp fan it kulturele miljeu, dat der net werklik yn slagget om it resepsjeklimaat foar Fryske literatuer te ferbetterjen en him beropt op brek oan lêzers en skriuwers.

It ropt de fraach op wat it besteansrjocht fan in literatuer noch is, as sa’n perfekte dichtbondel as Ferlosboartsje yn in jier tiid mar sa’n fyftich stiks ferkeapet? Jawis, der is spoken word, der is tekst mei muzyk, der is liet, der is in protte moais, teäter, toaniel, podcast en Aquazoo en Arcadia en Disneyland en folle net genôch, mar wêr is de Fryske poëzij by dat allegear?

De grinzen tusken keunst en kultuer ferfage en ferkommersjalisearje. Foar in part is dat in polityk fraachstik, bygelyks as it om de ferdieling fan subsydzjes giet. En komt de Fryske skriuwkultuer dêr net oan ’e krappe ein? In dichter, as er gjin Dichter fan Fryslân is, of in wurkbeurs krigen hat, hoecht net te mienen dat er ek mar in sint fertsjinje sil oan in útjefte, net fia subsydzjes noch út ’e merk wei.

En wat boadskip soe de poëzij sels hawwe kinne, yn de mondiale digitale literatuermerk mei identifikaasjemooglikheden, gimmickmakkers en marketeers sûnder tal? Ik tink dat Ferlosboartsje dêr ek oer giet: hoe’t in Frysktalich antwurd derút sjen kinne soe dat op it poadium skoan foldocht, likegoed as ûnder it lampeljocht boppe in beppestoel of op it byldskerm fan in achterdemoademodel laptop.

Der is in dichter foar noadich om ús sjen te litten hoe’t it fjild der by leit. In dichter dy’t sjen lit hoe’t mei taal, talint en topsport ek yn it Frysk ferbjusterjende resultaten berikt wurde kinne, noch altyd. Resultaten dy’t folle djipper stekke as de wenstige polityk-korrekte oertinking en it opsnolke mar al te maklik boadskip. Ik tink dat Akky en Henk dêrboppe o sa glunderje, Elmar. 

Lytse Elmar


de nacht lakt de tean fan ’e moanne

in rôt fret fan it hinnefoer

de wytweiten hoanne jout lûd

 

lytse Elmar sil de himel skoarje

de wrâld in aai oer de bol jaan

in flerk flechtsje fan betonstiel

 

mar earst dûkt er ûnder